06.09.2019

Praatsjes op De Piip binne útkaam: oer de fynst fan de iuwenâlde trep yn Kollum

“Der wiene wol wat geroften dat der wat ûnder de grûn sitte soe, mar dit wie in grutte ferrassing: in iuwenâlde trep nei de finzenis en it âlde rjochthûs fan Kollum kaam achter in laach stien wei. De fynst is dien by de wurksumheden oan de Djipswallen yn it doarp. Jakob Bosma is arsjitekt en belutsen by it rekonstruksjewurk oan de feart. Hy neamt it in bysûndere fynst foar in doarp as Kollum.”
- Omrop Fryslân