|
|
Eric Hoekstra
KANAAL 66
Aukje en Oene stiene inoar. Sy hie in flot
mantelpakje oan dat har strak om 'e lea sleat. It
reade felours fan it kolberke treau him sa deun tsjin
har boarsten oan dat se der wat oarlochssuchtichs en
ûnmeilydsums troch krige. Yn 'e jierren fyftich
stutsen de boarsten fan Doris Day en Jayne Mansfield
as agressive spearen nei foaren. Se wie seksy op 'e
manear fan Xena de Warrior Princess, de heldinnen fan
Spencer syn Faerie Queen, Buffy de Vampire Slayer en
al dy dominatriksen dy't as in tsjustere
ûnderstream de mainstream fan ûngefaarlike
brave Playboykatsjes en Daddy's girls begekje.
Oene wie allike kant en glêd, mear in skerpe
broer as in pendant. In bytsje Charlie Sheen, mar dan
wat soldatesker as de wat ferweakke libbensgenieter,
hoewol mei deselde sjarme. Net it houterige fan Bruce
Spingstien of it âldmannige fan Robert de Niro
of Mel Gibson, mar wat jongeseftich. Syn glêde
strutsen broek omklamme syn skonken en streake syn
krús.
Beide wiene flintstiennen. At se byinoar wiene dan
spatten de fonken derôf. Nije eksperiminten,
nije ferwideringen, nije fersoeningen, it wie in
universiteit fan wille en geniet mei dy beiden. De
nachts derfoar hie Oene sels it idee hân, dat de
holle him iepen spatte fan geniet, mei in tsjustere
ûndertoan fan pine dy't it geniet noch
aksintuearre, en hy hearde in toan dy't der net wie,
as hie der in sirene heech en piipjend geid. Of hie
dat Aukje west?
De oare deis stie de man oan de doar. Kreas swart
pak, neutraal uterlik, typyske doarkerinner.
'Ik keapje neat,' woe Aukje mei him
ôfweve.
'Dit is fergees,' sei de man sacht, en liet Aukje
beskamme mei it pakje by de doar stean. Doe't se it
papier (giel mei swarte seizen derop) benijd iepen
tearde, die bliken dat it in ôfstanbetsjinning
wie. Der wie ek noch in kaartsje by mei de tekst
'Felisitaasjes! Juster ha jim kanaal 6 helle. Hjoed
krije jim dêrom de ôfstansbetsjinning'.
It sulveren ding lei goed yn'e hân. Ofsjoen
fan de pregnante foarm seach it der krekt sa út
as in gewoane. Alle getallen stiene der ek gewoan op.
Allinne sie der tusken 6 en 7 noch in ekstra getal,
66.
Se klikte kanaal 66 oan. Der wie krekt in reklame
fan de ryksoerheid. In man yn in wite jas fertelde
'en daarom vindt de overheid het belangrijk de
kwaliteit van de orgasmen van de Nederlandse burger
te bevorderen. Onthoud de tips. U vindt ze op
internet op www.overheid.nl maar natuurlijk kunt U
ook telefonisch de folder aanvragen bij Postbus 666'.
Dêrnei ferskynde it karakteristike symboaltsje
dat mei reklame fan de oerheid altyd mank rint.
Wylst wie Oene thúskommen en smiet syn
kantoartas yn in hoeke fan 'e keamer del.
'Ha Auk,' sei er, 'moai dat oerheid ús
belestingsinten lang om let ris goed besteget.' Hy
pakte syn ôfstânsbetsjinning en zapte Aukje
har kanalen by del. Aukje stiette wat non-ferbale
lûden út, dy't se letter gearfetsje soe as
'Oene, do kinst tsjoene'. Har eigen
ôfstânsbetsjinning mocht der oars ek
wêze, en de fonken fleagen fan Oene ôf.
Faak hiene se pine yn 'e holle fan it geniet en
hearden se sirenes yn 'e holle.
En jo lêzer, ha jo al in
ôfstânsbetsjinning foar kanaal 66 krigen.
Nee? Studearje dan wakker fierder oan de universiteit
fan wille en geniet, eksperimintearje mei nije
ferwideringen en nije fersoeningen. En as jo op nije
hichtepunten sirenes hearre, dan binne jo it miskien
sels.
|