Grytsje Schaaf


KRUSWALDZJE FOAR BEGJINNERS

Foar't se it troch hat, hat se har knibbel al yn syn krús plante. Oan de technyk falt noch wol wat te ferbetterjen, sjoch ik fan hjirwei, mar de aksje hat sa syn doel ek net mist.
  'Ferdomme'.
  Smoard flokken dringt myn earen binnen en ik sjoch har boazens no fuortlûken, oft de emoasje fia har knibbel oerset wurdt yn de pine dy't hy no ûndergiet. Op de wize wêrop't se har hannen weromlûkt fan syn skouders en de ôfstân tusken har knibbel en syn saakje fergruttet, docht bliken dat se skrokken is fan har eigen aksje: flugge en skokkerige bewegings. Syn hannen fleane sa gau har knibbel fier genôch fuort is nei it krús. Knibbels oplutsen en rôljend fan side nei side flokt en kreunt hy noch wat nei.
  Se skuort har blik fuort fan him ôf en sjocht my no oan mei in wazige blik, mar al gau wurdt dy helder en sels strielend.
  `Haha', laket se optein, har hannen noch altyd foar de mûle.
  'Ik kin it!' knikt se nei de figuer op 'e flier. Ik glimkje nei har en jou har in klopke op it skouder wylst ik Jabik oerein help mei myn oare earm.
  'Goed dien', sis ik, en ik draai my om nei de oare kursisten.
  'Sa, wa folget?'. Fanút myn eachhoeke wei sjoch ik Jabik smekend nei my sjen, hannen noch altyd beskermjend foar it krús en syn gesicht by it foarútsicht ferlutsen fan 'e pine.
  'Wat no, helpt de beskermer net?' flústerje ik him ta. Ik triuw him wer nei it midden fan de matte, wylst hy mei kromme rêch syn antwurd gromt:
  'Lit ik it sa sizze: bern sitte der foarearst net yn...'