Geertruida van Assen


SPOOK

‘Woehoehoeoeoe, shiiiiiiiiiii’.
     ‘Jammele dêr hast dat lûd wer!’ pipet Piter benaud. Hy krûpt hielendal wei ûnder syn dekbêd. Erik slacht sines fan him ôf. Juster foar it earst hearden se it lûd. Piter is der wis fan dat it in spook is. Ien dy’t besiket yn harren keammerke te kommen. Echt wat foar in skiter om sa te tinken. Syn twillingbroer, en ek noch in kertier âlder.
    Erik rint nei it rút, hy triuwt it iepen.
    ‘Erik wat silst no?’
    Piter sjocht him oan mei grutte bange eagen.
    ‘Aanst komt it spook deryn.’
    ‘Fansels net je, spoken bestean net. Mar ik wol al witte, wat der wol op it dak sit. Ast meiwolst seist it mar.’
    ‘Erik?’ besiket Piter noch.
    Mar Erik krûpt al troch it rút. It is glêd op it dak, hy moat goed útsjen en dat falt net ta, want it is tsjuster. De skoarstien op it dak kin er, yn it skynsel fan ’e moanne, krekt sjen. De dakpannen net, dy kin er allinne mar fiele. Der beweecht wat by de skoarstien. ‘Woehoehoeoeoeoeoeoeoe’, it lûd komt op him ta. Tichterby. It fljocht oer syn holle. ‘Woehoehoeoeoeooeooe’, kletst it him yn ’e earen. It is wyt wat oer him hinne fljocht. Spookwyt. Wêr fljocht it hinne? Hy kin it net sjen, hy stiet ferkeard. It fljocht ergens achter him, hy moat him omdraaie.
    De foet siket hâldfêst. De rêch moat nei it dak ta. It is sa’n gewraksel. Beide fuotten stean no op ien dakpanne. Der knapt wat. It hâldfêst is fuort. Hiel hurd glidet er nei ûnderen ta, in hiele rigele dakpannen falle achter him oan. Se kletterje stikken op ’e grûn del. In lûde gjalp fljocht him út ’e kiel wei. De gjalp fan Piter komt der fuort achteroan.
    It slagget Erik noch krekt om de daksgoate fêst te gripen. Dêr hinget er, yn it tsjuster. In hiel ein boppe de grûn. Mei allegear stikkene dakpannen ergens ûnder him. En in deadsbenaude broer, dy’t mar neat docht, in eintsje boppe him.
    Dy skiter stiet dêr mar. It is al hiel wat dat er by it rút doart te kommen.
    ‘Help my dan.’ De fingers dogge sear. Noch even en dan moat Erik loslitte. Hy sil op ’e grûn delfalle. Mei in bytsje gelok binne allinne beide fuotten stikken.
    ‘Wat frette jim út!’ raast de stim fan heit. Piter is by it rút wei. Heit komt nei bûten. Hiel stadich komt er nei de daksgoate ta. Hy kriget Erik by de polzen.
    ‘Los!’ De stim is lilk. De fingers wolle net loslitte.
    ‘Loslitte do, ik lûk dy omheech.’
    Erik stiet te triljen yn it keammerke. Hy is kâld, bang, en opluchte tagelyk. Heit trillet ek, mar mear fan lilkens.
    ‘Wat wie dêr de bedoeling fan? Woest dy de bonken brekke? Sa healwiis ha ’k it noch noait meimakke.’
    Piter sit op it bêd, hy begjint te gûlen.
    ‘Erik soe sjen oft der in spook wie,’ snokt er.
    ‘Jawis, hear. In spook. Fan ’e tillevyzje, de kompjûter of dyn boppekeamer? Sok healwiis praat.’ Heit sjocht noch lilker.
    Mem komt ek al yn it keammerke. Sy moat it krekt witte wat der gebeurd is. Se giet njonken Piter op bêd sitten. Slacht in earm om him hinne.
    ‘Erik kom hjir,’ seit se sêft.
    ‘Woehoeoeoeoeooe,’ giet it bûten, krekt as mem de oare earm om Erik slacht.
    ‘It spook!’ raast Piter.
    ‘In goudûle!?’ ropt mem bliid. ‘Gau, nei it rút.’
    ‘Hast gelyk,’ seit heit, hy sjocht troch it rút. Erik giet njonken him stean. Bûten fljocht in skim, it is wyt, spookwyt. ‘Woehoehoeoeoe, shiiiiiiiiiii.’