|
Sito Wyngaarden
FAMKE
Ele is alve en ferstanlik handikapt. Mei ien foet op
de trottoirbân en de oare op ’e stoepe
reizget er nei de beam fan buorman. Dy hie in pear
wike lyn ien fan syn dochters yn de beam neist it
hûs hongen. In moai famke wie it. Sy wie lytser
as Ele mar sy hie moai lang giel hier. It wie in stik
fealer wurden. In pear pluzen wienen heger de beam yn
waaid en bleauwen stykjen. Ele fûn it prachtich
en skeat papieren pylkjes nei it famke. Doe’t
der by fersin ien yn har eachgat belâne, skrok
er. Mar sy soe him dochs net sjen kinne. |