|
|
Jaap Krol
LOGIKA
As it him troch de drokte net útkaam, wie er
gewoan earder thús. Hurd en jachtich ried er dan
nei hûs ta.
It wie hiel ienfâldich, wist er. Hy hoegde
de doar fan syn wurk net achter him te sluten, hy
hoegde de ferkearsrigels net yn acht te nimmen, hy
hoegde thús de auto net yn de garaazje te
setten.
En hy koe gjin oare weibrûkers. Wiene se der
wol, dan soe er se rap ynhelje. Dat der tsjinlizzers
oankamen, wie ûnmooglik. Ek stie it
ferkearsljocht altyd op grien.
Eins wie it wol frjemd. Noait krige er in
ûngelok. It earnstige, slimme ûngelok
oerkaam him gewoan net as er hastich wie. In
ûngelok wie, hiel apart, oars noait syn skuld.
De oar, wierskynlik in hastige tsjinlizzer, hie it
dien. Of it stopljocht wurke net, sa’t in
technyske flater grutte gefolgen hie. Foar him. Syn
slachtofferrôl spile er mei gloed. It slimme
ûngelok wie in soarchfâldich
útstippele proseduere, dy’t er naukeurich
útfierde.
As it moast, koe syn auto fleane. Dan wie er
nóch rapper thús. It meast bizarre wie, dat
er de wein gewoan by it hûs delsette as syn mem
rôp dat it iten klear wie.
Hy wie in reedlik man, dy’t syn frou
leafhie en dy’t de bern altyd as earste yn de
auto stappe liet. Op snein gong er nei tsjerke, in
net de definiearjen gebou ergens yn in muorre. As er
de auto parkeard hie, stapte er út en tippelen
twa fingers nei in swiere doar.
En dêr klonken dan de histoaryske wurden,
útsprutsen mei tastimming fan Him, dy’t de
deklamearjende toan swijend oanhearde, as de
alwittende Goede Herder, dy’t syn skiepkes
ommers altyd leafhawwe soe.
‘Eén uur later.’
Foar’t er it wist, ried er alwer oer de dyk
en bylde er him yn, dat er letter dizze wike in
enoarm swiere botsing krije soe – mei de trein.
|