|
Sytse Jansma
IEN - IEN FOAR MY
Doe't ik de fuotbalkantine binnen kaam, hearde ik it
praat al oer ôfrûne tiisdei. Us links-back
rierde senuweftich wat mei it rierstokje yn it
dûbele plestik bekerke mei kofje. Ik rûn
nei him ta en begûn mar oer wat oars. |