|
Aggie van der Meer
ACHTERHOEDEGEFJOCHT
It bern hie de skuon fan muoike Lizebet yn 't wetter
goaid. Se setten, mei de wyn om 'e hakken, de sokken
der yn, mar waarden by de brêge keard. Dêr
stie in lilke man mei in harke. Dy wol wat oars oan'
e holle hie. It achterhoedegefjocht dêr't er mei
kop en earen yn siet fernearde gjin momint fan
achteleazens. |