Bert Kobus


ANNO 1934: JABIK EN JANKE

It wie op in ûnlijige desimberjûn dat Jabik Veenmeijer syn alderearste faam meinaam nei de buorkerij fan heit en mem.
  'Ik bin benijd wêrsto mei oankomst,' hie heit grutsk glimpke.

No wie Janke in ôfgryslik ûnsjoch famke. Se hie in raap fan in noas, twa grutte earen, in prûllipke en skeef nei ûnderen rinnende eagen.

Oan de grutte iken itenstafel waard it sop swijend opleppele by de flakkerjende oaljelampe. Heit sei neat tsjin Janke. Sa no en dan stoareage hy har oan, mar nei in pear skalke blikken dwaalden syn eagen ôf nei bûten wêr de dûnkere keale flakten noch krekt te sjen wienen. De Fryske sturtklok tikke de tiid geduldich wei, sa no en dan trochbrutsen mei it lûd fan skraabjende leppels en itende minsken.
  Nei it iten gong Janke nei efteren om mem te helpen mei de ôfwask.
  'No Jabik, no…,' fersuchte heit wylst hy de piip stoppe, 'wêr komsto no mei oansetten? It sil grif in hiel aardich famke wêze. Mar do moatst dyn hiele libben mei har dwaan.'
  'Janke. Kom ris by my, fanke!!' rôp Jabik fuortendalik. Doe't Janke yn 'e keamer kaam frege Jabik har om efkes foaroer stean te gean. Hy tille har rute rok omheech en liet heit twa prachtige wolskepen billen sjen.
  'Dat feroaret de saak,' sei heit en knikte goedkarrend. 'Dat hiest my ek wol efkes earder sizze kind.'