|
|
Jantsje Post
HAZZE
Ik siet te iten. Mei de stoel omkeard, sadat ik mei
de fuotten op it finsterbank genietsje koe fan de
sinne, dy't syn lêste strielen oer de seedyk
skeat en it woartelfjild neist myn hûs yn in
ûnwêzenlik waarme gloed sette, as in
hallogeenlampe op de set fan in romantyske film.
Ut 'e woartels wei kaam in hazze oanhippen, it
paad foar myn rút op. Noch noait hie ik in hazze
fan sa tichteby besjoen. Ik ken hazzen eins allinnich
mar dea oan 'e kant fan de dyk, of by 't hjerst of
winter as it betiid tsjuster is en se, opjage troch
it ljocht fan myn koplampen, net witte wêr't se
it sykje moatte, oant ik ynhâld en it ljocht
even útdraai sadat se flechtsje kinne, de
ûnlijige nacht yn. Ik ha noait jaloers west op
it hazzebestean.
Mar dit wie in paradyslike neisimmerjûn en de
hazze rûn kalm myn paad op en nibbele yn 't
foarbygean in bledsje tiksel ôf. It like my in
wat âldere hazze ta. Meager en pezich en wat
raffelich fan facht. Hy seach my oan, wylst er yn
alle rêst it tikselblêd nei binnen wurke.
As wie er spesiaal kommen om mei my te iten. Ik
knikte him ris ta en naam ek wer in hap. Hy wie
kalmer as ik ea tocht hie dat in hazze wêze
kinne soe.
Dat like mar sa. Alle stress dy't hazzen eigen is,
siet him yn 'e earen. Earen, like lang as syn hiele
rêch, stienen rjochtoerein en draaiden mei lytse
skokjes oanientriedwei alle kanten út, wylst er
stadichoan dat út nei de dyk skarrele dy't foar
myn hûs lâns rint. In aardich drokke dyk,
foaral sa om iterstiid hinne. Ynienen klapte de hazze
de earen plat op 'e rêch en fuort wie er, de
woartels wer yn. In pear tellen letter davere in
frachtwein de dyk del.
Mar it duorre net lang of dêr wie myn hazze
wer. Dit kear hipte er sûnder omhaal,
fuortdaliks nei de dyk. Op in heale meter fan it
asfalt bleau er sitten, de earen wach yn 'e loft. Ik
hie oanstriid en bûnzje op it rút: Hazze,
flechtsje! Giest oan smots! Libbest yn it paradys,
hast in hiel fjild fol woartels ta dyn foldwaan fan
hjirwei oan 'e seedyk ta; fan wêr dy driuw om
oer te stekken?
De hazze siet dêr mar, mei wiffe earen, elke
fezel klear foar de sprint. Ik krige net in hap mear
troch de kiel en it hert jage my as wie it sines. Ik
begriep him net - mar ek wer wol. Mar ik moast him
warskôgje. Ik bûnze op it rút. Hy
skrok. Fleach de dyk oer. It ferkearde momint.
Dêr wie de auto. Doe't ik bûten kaam, lei
er stil yn it gers. Folslein geef, allinnich in
bytsje bloed rûn him út 'e snút.
Moannen achterfolget de hazze my no al yn myn
dreamen. Hy libbet noch. Sit foar de dyk. Ik rin nei
him ta, til him op, sjoch him yn 'e eagen en wriuw
sêft mei myn noas tsjin sines. Dan draach ik him
oer de wei en lit him gean oan 'e oare kant.
Mar wa hat oait in hazze yn 'e earmen hân?
|