|
|
Goaitsen van der Vliet
Morning after
Doe’t er de egen iepen die, wist er eefkes net
wêr’t er bedarre wie. Hy hie it al sa faak
sjoen, de gipsplaten souder yn it feale ljacht troch
de gerdinen, en de sinnestreek op ’e muorre,
mar de hân yn syn ljisken koed er net
túsbringe. Hy seach fansiden. Se sliepte. It
lange slûke hier hong har wat foar it gesicht.
Se sykhelle rêstich. Bûtendoar luts de
stedsbus op. It finster rattele der oer.
By lytse bytsjes kômen him bylden fan de
nacht yn ’t sin. It hie der wer fan komme
moatten, dus. Hy wie noch frijwat gammel. Hoe hiet se
ek al wer? It wie in namme dy’t net foar de
hân lei, en eins ek net by har paste. Wat
útwrydsk. Se hie it al sein, justerjonne,
doe’t se tegearre oan ’e bar sieten, en
letter nochris doe’t er har der wer nei frege
hie, mar hy koe ’t him net te binnen
bringe.
Hy kearde him op ’e side en liet de fingers
oer har lea gean, fan boppen nei onderen, oer boarst
en bûk, oan’t yn de waarmwiete fuorge
tusken har skonken. Se kroande en rôle tichter
op him ta, wylst har earm him stiif omklamme. Hy
moast noadich pisje. En wat drinke, man, hy hie in
toarst as in hynder. Foarsichtich besocht er fan har
los te kommen, mar se waard wekker doe’t er har
earm optille woe. Se seach him lyk oan. In bytsje
ferheard like it wol.
‘Hoi’, sei er, en joech har in
tútsje. Se glimke, helle him oan.
‘Hoe let is it?’ Har lûd wie wat
heas.
‘Ik wyt net, even sjen.’ Hy die in
greep nêst it bêd en fiske de wekker fan
’e flier.
‘Omtrint acht oere.’
‘Nee wol? Allemachtich, dan moat ik noadich
op hûs oan. De bern moatte nei skoalle
ta!’
‘Kin dyn man dêr net mei
rêde?’
‘Nee ju, ik hie de auto ommers mei. En ik
bring se alle moarnen fuort.’
Se skeat oerein en stie nêst it bêd
foar’t er der erch yn hie. It gong him suver
wat te rimpen allegearre.
‘Wêr is myn broekje?’
Hie se dat noch oan fannacht, doe’t se op
bêd strûpt wienen? Hy wist it net mear.
‘Onder it dekbêd miskyn?’ Hy socht
oan it fuottenein. ‘Hjir ha ’k it
al.’
Hy seach hoe’t se it oanluts. Har boarsten
bongelen hinne en wer at se foaroer ston.
‘Wolst earst net wat ite?’ Hy wist dat
er neat yn ’e hûs hie.
‘Nee, ik moat echt daliks fuort. Se wite net
wêr’t ik bin.’ Se fandele har klean
byinoar. Yn in omsjoch hie se har oanklaaid.
‘Giest sa fuort?’
‘Nee hear.’ Se joech him in lange
wiete tút. ‘Betanke,’ sei se,
‘en goeie reis!’ Se krige har taske en
roon nei de doar.
‘Wêrfoar dat?’
‘Foar alles. Stjoerst my noch in
kaartsje?’
‘Ja fansels. En oan’t sjen
hin.’
‘Ja, oan’t sjen.’
Har egen waarden wei achter de doar. Hy fage him oer
de mûle. Hy hie har adres net iens.
(1980)
|