Janneke Spoelstra


STRAWBERRY FIELDS FOREVER

Hij bleau yn 'e doariepening stean.
   It rumoer yn 'e keuken ferstomme ien momint.
   Doe begûnen se allegear trochinoar te roppen.
   'Wêr hast Toni litten?' frege Liz, dy't bij in goatstien stie.
   En Hadi rôp achter bij in tafel wei: 'Hee, ik siet krekt in brief oan dy te skriuwen!'
   'Wiest ûnwennich fan ús?' rôp Laura, út 'e hoeke bij de ovens wei.
   Abdul rûn derút en frege him yn 't foarbijgean: 'Silsto moarn wer ierdbeisykje?'
   Hij glimke mar wat en hie de eagen net fan har ôf