Doeke Sijens


UT 'E FLECHT WEI

Yn dy grutte tún fûnen wy maklik in plakje efterôf. Under de roazebeam dy't oer it dak fan in âld skuorke slingere, wienen de musyk en de minsken ynienen fier fuort.
   Hy wie ûnwis, wachte op wat ik dwaan soe. Doe't ik him foar't earst seach, miende ik dat er arrogant wie. Hy stie mei de hân op 'e heupe en seach it hear oer as ferbrocht er syn tiid om 'e nocht op it feest. Mar ik fersinde my, hy wie skruten en wist net goed hoe't er him hâlde moast. Doe't ik soks ien kear yn 'e rekken hie, wie er maklik te fangen.
  Lyk as my, hie er not folle wurk fan it tema fan it feest makke. Hy hie ek allinnich mar sa'n string plastic blommen kocht om op in echte Hawaïaan te lykjen. Mines hie ik al lang ôfdien, hy die dat net om't er gjin spultsjebrekker wêze woe. It wie in earnstige man dy't nei eigen sizzen te min ûnder de minsken kaam om 't er sa'n drokke baan hie.
   Hy hie leaver mei my nei hûs ta wollen, mar soks koe fansels neat wurden. Geart seach my oankommen. Om der fan ôf te wêzen, fertelde ik dat ik útfanhûzers hie en dat it tefolle drokte jaan soe. Wiidweidige ferlechjes oertsjûgje altyd it bêste.
   Sa stie er neist my en doarst de foarstap net te nimmen, ek net no't wy allinnich wienen. As in hûntsje wachte er op myn kommando.
   Ik lúts him tsjin my oan en socht syn mûle. Syn ferlet wie grut, hy hie fêst in hiel skoft sûnder west. Fierôf hearde ik laitsjen. Mooglik hienen se yn 'e rekken krigen dat wy tegearre ferdwûn wienen. Ik knope syn oerstrûper iepen, slikke oer syn boarst mei myn tonge. Hy wie net folle wend, dat fernaam ik wol. Miskien hie er him al fan alles yn 'e holle helle. Foar in românse hie ik lykwols de tiid net. Doe't ik de hannen by syn broek yn stuts en ek daliks nei ûnderen skode, aksele er tsjin. Ik sette troch. Mooglik hie ik op in oar momint wol mear wurk fan him makke en in oare koers út set. No moast it by in priuwke bliuwe.
   'It rûkt hjir lekker,' flústere er. Hy wachte nuet wylst ik it kondoom om die. Yn it tsjuster ljochte syn liif sulver op, it string blommen om syn nekke de iennige kleur. Ik treau him tsjin de muorre oan. Hy wie ûnhandich, ek al wie it dúdlik net foar 't earst dat er dit die. It duorre eefkes ear't wy in goed ritme fûnen. Daliks begûn it swit him fan de rêch te rinnen. Ut en troch seach er om, syn eagen wyld. Hy wie in hearlike tajefte op in feest dêr't ik gjin nocht oan hân hie. De ûntlading kaam noch suver te gau.
   Hymjend hong er tsjin my oan. Hy woe my tútsje en longere nei mear. Ik aaide him noch eefkes oer it hier op syn búk en die in stap tebek. Yn in sucht hie ik de klean wer oan.
   `Ik sil marris nei hûs,' sei ik. Lang en neaken stie er dêr. Hy doarst neat te sizzen, mar oan alles fernaam ik dat er mear ferwachte hie. Mar hy hâlde him aldergelokst goed en begûn syn klean ek op te pakken.
   'Wêr is Bas bleaun,' frege de gasthear doe't ik ôfskie naam.
   'Ik soe it net witte.' Ik rûn de tún út en fytste nei hûs.