|
|
Arjan Hut
STEL DY FOAR
Der wie sa'n jonge, ik trof him op in feestje. We
waarden oan mekoar foarsteld en letter op de jûn
botsten we op de trep nochris tsjinmekoar op. 'Hoi
Atze', sei er. Ik sei hoi werom, mar wist dat ik syn
namme der ek by brûke moast. Ommers, dat hie hy
ek dien. Mar ik koe der net mear opkomme. Hy seach my
tinken.
It wie in jonge jonge, lyts, mei koart donker
hier, sportyf liif en in brûnzen hûd.
'It is ûnfatsoenlik om ien syn namme net te
ûnthâlden.' Hy biet it my sa eigenwiis ta,
dat ik my yndie skuldich fielde. Ik stammere der wat
yn om, wist net wat te sizzen.
Is it wol ûnfatsoenlik om ien syn namme te
ferjitten? Ik ha wolris dat ik ôfrekkenje by de
kassa, de tas mei boadskippen ynpak en healweis nei
hûs fernim dat ik de hiele brut fergetten bin.
In namme ferjitte is peanuts foar my.
We wiene tafallich op itselde feest. Ik hie him
nea earder sjoen en ik tink ik net dat we mekoar ea
wer treffe sille. Ek is der op dy jûn by myn
witten neat bard, dat op ús beiden sa'n yndruk
makke hat, dat we inoar mei namme en al herinnerje
moatte soene.
Mar it wie belangryk foar dizze jonge. Ik koe it
oan de hiele kop wol sjen. Hy stie in pear treden
boppe my, allike oan mei de sitewaasje as ik.
No woe ik syn namme wol witte en
ûnthâlde, mar doarde net te freegjen. It
hoechde ek net: hy fertelde it my nochris en joech my
sels in ezelsbrêge om it te
ûnthâlden.
It wie wat mei in kofjemerk.
|