Albertina Soepboer


DE SITUAASJE

Se hellet de stofsûger út de keukenskast en sleept him nei de keamer ta. Eefkes bliuwt se stean. Har lippen hawwe dy aparte glâns yn it rút. Se docht de stekker yn it stopkontakt. Dyn lippen fertsjinje fruit, hie er sein. Se hienen foar de earste kear tute. Doe hie er in fergeliking makke mei ierdbeien. Tipelsinnich wie it oare wurd.
  De motor fan 'e stofsûger akselet earst in pear sekonden tsjin. Se jout der in flinke traap tsjinoan en skuort de grutte stoel fan it plak om der mei it brommende apparaat by te kinnen. Se wit noch de lêste moarne dat er yn dy stoel siet dy't al rillegau syn favoryt wie. Hy hie doe oppenearre dat er mar better in broadsje ite koe op it bensinestasjon sjoen de de situaasje.
  Se lûkt de stoel teplak, giet sitten en sjocht de tillefoan. Se hie him in antwurd jûn. Dat it yndie miskien better wêze soe dat hy nei it besinestasjon ôftaaide no't er gjin fruit mear fan har woe.
  Se komt wer oerein. De stofsûger jankt fûl yn 'e earen. At se de hele keamer troch is, docht se it rút iepen en sjocht nei bûten ta. De tillefoan giet in skoft oer. De wrâld is der klear foar hjoed.