|
Willem Schoorstra
SMOARGE BITCH
Ygram syn yrritaasje boaze mei de dei oan. De earste
pear kear dar er mei in bloedgong ynhelle waard,
ornearre er dat dyjinge yn tiidneed siet. Fersliept,
te lang foar de herhelling fan it nijs sitten bleaun,
soksawat. Mar doe’t it wizânsje waard, de
koplampen alle moarnen yn ’e spegel opriisden,
begûn er der acht op te slaan. Hy merkbiet dat
de anonymus in frommes wie; herkende it profyl
– útsnien as in kamee tsjin ’e dage
– mei’t se him foarbyskeat. It opstutsen
hier, de bril; de stiif opinoar parste lippen. Dat
lêste seach er net mar wist er, om’t it in
doarpsgenoate fan him wie. Ygram koe har inkel fan
gesicht. Se makke steefêst in grimmitige,
fijannige yndruk; as rûn har gjin bloed mar soer
troch de ieren. Fierders wist er neat fan har. Ja,
dat se oerdeis de gerdinen ticht hie. En no learde er
har kennen op in manier dy’t him net oanstie.
Se naam risiko’s, grutte risiko’s op it
te smelle dykje. Net allinne jage se him oant op
’e bumper, om dêrnei mei in hoart om him
hinne te riden; mar prestearde se it ek om soks krekt
foar in bocht te dwaan. Dêrmei brocht se him
èn oaren yn gefaar. |