|
|
Grins, tiisdei 28 septimber
Hee Abe,
It is no echt hjerst. Grins hat dy rare gele kleur
oannaam dêr’t ik altyd swier mankelyk fan
wurd. En it rûkt nei sûkerbiten fansels.
Ynspiraasje genôch, dat is in ding dat seker is.
As dichter fyn ik it wol in overkill oan ynspiraasje.
As oft ik safolle ynazemje dat ik der wat dwyl fan yn
’e harsens reitsje. Mar dat kin ek gewoan in
ôfwiking wêze…en ik moat tajaan dat
ik hjoed de weemoedige muzyk fan Arvo Pärt
by dat waar oandien ha.
Werom yn dit heitelân lies ik yn dyn brief
oer de komponist Bartók en de stêd Boedapest.
In moai tafal: de reis nei Masedonië gie fia
Boedapest. It wie helder waar en út de fleanmasine
wei wienen de stêd en de Donau goed te sjen.
Jierren lyn ha ik sa’n twa moannen omspaand yn dy
stêd en yn myn debút Gearslach steane
heel wat fersen dy’t der direkt of yndirekt nei
ferwize. De bergen wettermeloenen op strijtte, de
hymjende trabantsjes, de folslein nuvere taal en de
rook fan pofte kastanje yn ’e winter steane my
noch goed by. En fansels, al dy strjitten dy’t
der ferneamd binne nei Bartók, se moatte sawat in
hele wiik beslaan, mar it ferhaal watsto oer him
fertelst, dat koe ik net. It past yn elts gefal net yn
de ferhalen dy’t ik my herinnerje oer Bartók
en dat is de komponist dy’t eleminten út de
folksmuzyk brûkte yn syn komposysjes. Hongaren
seagen dat as it folwoeksen wurde fan har muzyk, omdat
it moderne en folksaardige inoar moeten yn ien en
deselde komposysje, dus eins in soart fan Sixteen
Horsepower avant-la-lettre. Mar blykber hat elts
lân nasjonale helden mei ferhalen dy’t wat
gefoelich lizze en net fuortendaliks beantwurdzje oan
bygelyks it standertferhaal fan de grutte komponist en
syn romantyske leafde. Want Bartók is net stoarn
of oan de drank gien fanwege syn leafde. Hie dat sa
west, dan hienen wy dat grif al lang witten.
As wy it hawwe oer wat in lân ynset om in
lân te wurden, dan is Masedonië in
nijsgjirrich foarbyld. Masedonië is noch net sa
lang it lân dat it is en dat is te merken. Alles
wat Masedonysk wêze kin, wurdt ek op dy manier
brûkt. Sa is der Masedonysk iten (wat trouwens
ferskriklik lekker is), muzyk en last but not least de
poëzij. Tagelyk is it lân ferskuord troch syn
minderheden fan Albanezen, Roma, Turken, Vlachen en
noch wat oerbleaune Serviërs. Is der wol sprake
fan ien Masedonië? Nee, sizze de Albanezen, de
grutste minderheid. It wienen de Albanezen dy’t
fan ’t simmer wat mear rjochten krije soenen en
dat soarge yn Struga, dêr’t it
poëzijfestival wêze soe, foar sa’n gaos
dat ik heel Struga net mear sjoen ha.
It festival wie foar in part ynset wurden fan de
nasjonalistyske en religeuze strideraasjes. Op de
earste jûn yn it teater yn haadstêd Skopje
waard it teater beskerme troch it leger, wylst
bûten minsken slogans stienen te roppen en razen
tsjin de president dy’t it festival iepene. Yn
Ochrid, net sa fier fan Struga, waard it festival
besocht troch in swiere delegaasje fan de tsjerke.Wat
moat de poëzij dan noch? Wylst woenen de Albanezen
har eigen festival opsette, spuiden de
Slavyske-Masedoniërs raar guod fan de Albanezen,
en Roma ha ik nergens foarlêzen sjoen, dy wiene
allinne mar hierd om folksaardige muzyk fan it
ferkearde soart foar ús dichters te spyljen. It
wie in raar en tragysk drama dêr sa no en dan.
Want as alles opdeeld wurdt yn nasjonale identiteit,
wat moat de poëzij dan godferdomme noch? Dy stjert
ôf, safolle is my wol dúdlik wurden en ja,
dêr moat ik fan flokke. Sa’n lânkaart
lit hast gjin romte foar sykheljen.
Mar lokkich is de poëzij ek in anargist en giet
syn eigen gong wol. En de anargy lei dit kear yn it
moderne én eigensinnige, dat wat minsken ferbine
kin en net útinoar driuwt, dat wat âlde
grinzen fan de kaart ferskoot en der nije en oare
dingen opset. Flak foar’t wy yn it teater
bedarren dy earste jûne, gienen wy mei in pear
jonge minsken nei de universiteit ta dêr’t
in bondel fan jonge Masedonyske dichters presintearre
waard. Ferstean koe ik it net allegear, mar ien fan de
fersen wie in parody op Freud. Masterlik moai
foarlêzen. En ik moete Lidija Dimkovska wer, in
dichteres dy’t prachtige poëzij skriuwt en
dy’t ik foar it earst moete op Poetry
International. It wie in hertlik en waarm weromsjen
dêr yn in Skopje.Yn Rotterdam hienen wy in in pear
kear praat oer wêrom’t der sa’n bytsje
froulju foarlêze op in poadium, wat dus op de
Balkan itselde wurke as hjir yn Nederlân. In
kwestje fan in fisieuze sirkel tochten wy: as froulju
hast net sichtber binne, wurde se ek net frege. En
froulju binne net sichtber, omdat se net frege wurde.
En se binne echt net minder goed…
Mominten dat de âlde kaart wat wiebele,
wienen der mear. Angelo V. Suarez, in jonge dichter fan
de Filipijnen, hie in grutte priis wûn op it
festival. Syn Ingelstalige optredens wienen in
sensaasje foar it publyk. Hy lies hast rappend, mar
krekt net hielendal, wûnderlik moaie poëzij
foar. Hy hie it foar inoar krigen en set in heel eigen
styl del op it poadium. Yn Nederlân soenen se echt
net witte hoe’t se de bêste jonge yndele
moasten, want is er in poadiumdichter of in
papierdichter? Hy is beide, mar ek wat nijs.
In oar momint wie in jamsessy nachts yn in
hotel. As dichter koest tegearre mei in pear
jazzmuzikanten ymprovisearje. It wie spannend. De taal
die der net mear sa ta, wat net sizze wol dat de
betsjutting fan de taal hielendal ferdwûn, mar dy
waard oars, mei oare klam en kleuren. Doe’t ik
oer Sweet Jane en Lou Reed begûn, wie it
fuortendaliks klear mei de muzikanten. Sy setten sacht
de muzyk fan Lou Reed yn en ik koe myn eigen ferzje fan
Sweet Jane yn it Frysk foarlêze. Der
gebeurde wat tusken de muzyk en de poëzij, iets
bûten it Frysk en it nûmer fan Lou Reed om:
der ûnstie wat nijs, dêr midden yn de nacht
yn it hotel oan de mar by Ochrid.
Koartsein, poëzij kin de anargist wêze foar
wa’t dat wol. Ik bedoel dan net in anargy
dy’t de hele boel omfier smyt, mar in krêft
dy’t subtyl de dingen op in oare manier sjen lit.
Dat is de krêft dy’t de taal sels hat, dy
hoechst net út oare dingen te heljen. It is ek, en
dan kom ik wer eefkes by DEE, eigensinnich. Op dy
manier kinst grinzen oerstekke dy’t oars ticht
bliuwe. Op dy manier krijt poëzij de dimensje
dy’t alle keunst ha moat: it opskowen fan wat wy
realiteit neame.
Yn de fiifde brief dy’t ik dy skreau, woe
ik graach de poaten ris hielendal radikaal fuortseagje
ûnder de strange kaart fan sintrum en râne,
fan it grutte en it lytse, fan stêd en
plattelân en mear fan sokke tsjinstellingen. Ik
woe in oare kaart hawwe, mei oare grinzen en
mooglikheden as dichter. In soart fan alternative
ideology. Gek genôch ha ik dy sensaasje in pear
kear hân dêr yn Masedonië. As oft in
grut ynternasjonaal festival yn sa’n somtiden
ekstreme situaasje sokke saken oproppe koe, just omdat
in part fan de dichters gjin boadkip hie oan nasjonale
grinzen, mar it foaral gean litte woe oer de
poëzij. En dan blykt de poëzij universeel te
wêzen sûnder dêr it waanidee fan it
grutte of it sintrum oan te ferbinen. Lykas de Sweedske
filmmakker dy’t mei wie en in film makke oer it
lûd fan de dichters en it net ha woe oer nasjonale
talen. Dan blykt de poëzij universeel te
wêzen sûnder dat de taal ferdwynt of gjin rol
mear spilet.
It soe wat wêze en lit Fryslân in grut
ynternasjonaal poëzij-festival opsette. En dan net
allinne oare minderheden útnoegje, mar dichters
fan oer de hele wrâld. It kin fansels wer net om
de sinten en oare rare redenen, mar goed, in dichter
moat ek wat dreame kinne. En it soe wat wêze foar
de Fryske poëzij! Dy soe dêrnei net wer
deselde wêze tink ik. Miskien kin de nije
twatalige blomlêzing dy’t dalik ferskynt, de
boel de goede rjochting opstjoere. Tsien jier ha ik
wachte dat it tij yn Fryslân in oare kant
opstreame soe en de kaart feroare en ik ha noch wol
tsien jier geduld, want ik ha de lange azem fan in
dichter…ek al is dit myn ien nei lêste
brief, want de Sixteen Horsepower brieven geane oant en
mei 16 hawwe wy doetiids op Skylge ôfpraat, want
it is yn de spirit of DEE: He took off 16 Horses
strong. Yn de lêste brief kom ik werom op
Skylge en dan wol yn it selskip fan Douwe Kalma, in
yllústere foargonger fan ús sil bliken dwaan.
Goed, it is in stille hjerstdei hjoed. As ik sa de
stêd ynrin, sit op de Vismarkt in Roma te spyljen
op syn akkordeon. Unwennich wurd ik der fan, want
hoe’n raar lân Masedonië ek is, ik soe
moarn wol werom wolle fanwege de waarmte fan minsken en
lân, de kleuren en dy enerzjy oeral, as oft it
libben yn ’e brân stiet en altyd
ûnderweis is…iens in dichter oeral in
dichter…
Groet, Albertina Groet, Albertina
Zaandam, 30 septimber
Ha Albertina,
Apart, om mei Joop B. te praten, dat wy dizze
briefwiksel hawwe mei as oanlieding in band út it
Wylde Westen, mar beide graach nei it easten fan
ús âlde kontinint reizgje. Do bist krekt
út Masedonië werom, ik set snein ôf nei
Tsjechië foar in dei as njoggen. As sjoernalist
meitsje ik hieltyd deselde beweging: fuort, mei nocht,
fan Fryslân en Hollân wei, fris de grinzen
oer, fluitsjend de barbarij yn. In wike letter, as twa,
dan sil ik weromkomme: wurch, in bytsje
desoriëntearre mar fol mei nije
ûnderfiningen. Yn ’e rin fan ús
briefkerij is 16HP wat by my weirekke, moat ik sizze.
Net definityf fansels, mar mei harren deistige
oanwêzichheid yn myn libben is it even dien. It is
as wie dat enerzjyshot fan dy frontierband út
Denver noadich om mysels mei HP-krêft troch de
simmer hinne te skuorren. Mar no is it oktober: de
moanne fan it âlde lykwicht.
Lit my yn myn ien nei lêste brief besykje
op in rychje te setten wat ik tink oer keunst en
grinzen.
Masedonië is dan net in gek lân om
útein te setten. It easten fan Europa is in ideaal
gebiet foar wa’t de konfrontaasje siket mei de
komfortabele en ek ferfeelsume sekerheden fan it eigen
deistige libben. Allinnich al om’t de fysike
omjouwing sa oars is as thús. Fyftich jier
kommunisme. Earmoede. Om noch mar te swijen fan de
geastlike omjouwing; ik kom yn de ferlieding om te
sizzen dat dy komplekser is as wy wend binne. It feit
dat ik yn dizze lannen by elke stap dy’t ik set
de skiednis ynazemje, ja, dat dy my hast bedwelmet, dat
is wat my fassinearret. Ik kin my skoan yntinke dat der
foar de keunst-sûnder-grinzen yn Masedonië
sa’n bytsje romte is. Wat dizze minsken meimakke
hawwe – net allinnich yn Masedonië, mar yn
heel East- en Súd-East Europa -, dat is in hiel
oare histoaryske ûnderfining as dy fan ús, en
soks smyt oare types keunstners op. Foar my hawwe se
beide rjocht fan bestean: de dichter dy’t de
nasjonale trageedzje besiket te definiëarjen of te
ûndersykjen – want elke generaasje sil dat
dêr op ’e nij besykje moatte, dat is it
needlot fan de Balkan – en de dichter dy’t
him dêr net mei dwaande hâlde wol.
Mar de skiednis, de botsingen, de spanningen,
dat is fansels poëtysk materiaal pur sang. De doem
dy’t yn guon streken as in swiere tekken oer
alles hinne leit. De strieminne operette dy’t de
polityk dêr is. En ek it
optimisme-tsjin-better-witten-yn. Nasjonale, etnyske of
religieuze skiedslinen. It komt der, lykas wol faker yn
de poëzij, benammen op oan hoe’t de dichter
der mei omgiet. Der sille grif in protte wêze, dat
binne dyjingen sûnder talint, de measten dus,
dy’t der in potsje fan meitsje, dy’t de
keunstner as in uniformearre strider sjogge. Mar dat
ferkearde dichters mei in tema wurkje, kinst slim it
tema ferwite. It betsjut net dat dy tematyk gjin
fruchtbere grûn wêze kin foar wa’t wol
talint hat.
Ik doar it, mear yn ’t algemien, noch wol
sterker te sizzen: it is krekt dy dúdlik
‘partikuliere’, ‘unike’,
ynhâld fan in eigen literatuer yn in lân (as
Masedonië), dy’t makket dat wy de universele
laach yn sok skriuwen wurdearje kinne as
‘nijsgjirrich’, ‘oars’,
‘nij’, ‘de muoite wurdich’. As
ik dan mei it knyft op ’e kiel in kar meitsje
moat, fyn ik dyn ‘poëzij sûnder
grinzen’ te beheind om’t dy in grut part
fan de reëele of eartiids reëele wrâld
bûten de doar hâldt. Noch bin ik it iens mei
Jetske har credo, dat sa’t it my taliket ticht by
dines leit, fan ‘literatuer = taal’. In
eigen taal is net genôch foar in eigen literatuer.
As dat sa is, kinne wy better de bêste boeken fan
’e wrâld yn it Frysk oersette. Dat soe de
koartste klap wêze.
Poëzij is mear as taal. Keunst en keunstner kin
men net los tinke – kinne harsels net los tinke
– fan de polityk-histoarysk-maatskiplike
achtergrûn fan romte (dus plak) en tiid. Dat
betsjut dat der aloan en wer in eigen lykwicht fûn
wurde moat tusken it bysûndere en it algemiene, it
grutte ramt en it yndividu, de mainstream en it
eigensinnige, en, jawol, it sintrum en de râne. Op
al dy mominten moat de dichter syn plak bepale. Ik leau
net dat dat in waanidee is. De wrâld hinget no
ienris oaninoar fan machtsferhâldingen en ek de
literatuer hat dêr mei te krijen. Krekt lykas dy
keunst-sûnder-grinzen dichters yn Skopje alle war
dwaan moatte om har eigen autonome posysje as keunstner
te befjochtsjen yn in dominant nasjonalistysk discours,
sa sille ek Fryske dichters har plak bepale moatte op
de skaal fan hyper-partikulier – dus universeel?
– oant Betinking en Frysk & Frij.
Wy moatte de grinzen oer, om ús hinne sjen,
mar net yn needrigens, ‘net sa helpfallich
lyts’: lit ús dy reis dan oangean mei in
helder idee fan de eigen wearde foar eagen, en dy ek
útdrage. Ek wat dat oanbelanget is Midden-Europa,
mei al syn ‘lytse’ literatueren, in
nijsgjirrige regio. Yn Trouw fan 18 septimber
stienen twa stikken oer Hongaarske literatuer;
ûnder oaren Sándor Márai wurdt út
syn autobiografy Lân, lân…!
sitearre. Márai hat it oer de ‘prachtige,
iensume Hongaarske taal’ en ‘in literatuer
dy’t finzen sit yn dy taal’ en dy’t
dêrom ‘nea ta de wrâld sprekke kinnen
hat’. Dat giet oer it isolemint dêr’t
in literatuer yn sitte kin, allinnich om’t de
taal fan dy literatuer in oare is as de dominante
talen. Ik moast dalik tinke oan it Frysk en de Fryske
literatuer. It is dêrby goed om op te merken dat
it isolemint fan dy Hongaarske literatuer de lêste
jierren yn Nederlân, en yn oare lannen, mei
oersettingen wol trochbrutsen wurdt. Yn
Dútsklân, dêr’t in folle langere
tradysje bestiet fan oersettingen fan Midden-Europeesk
wurk, kin it publyk al witte lang kennis nimme fan it
wurk fan Hongaarske skriuwers.
Wêr komt al dy belangstelling fan
net-Hongaren wei? Oan ’e iene kant spilet it
algeduerich sykjen fan útjouwers nei nije
skriuwers in rol, mar wichtiger noch sil de driuw by de
lêzers wêze nei ‘it oare’,
‘it frjemde’ – in driuw dy’t
wat Midden-Europa oanbelanget frij baan krije koe nei
de fal fan ’e Muorre. Yn it sok fan in pear
grutte nammen as Konrád, Kertész, Nádas
en Esterházy hat sa ek it wurk fan lytsere
Hongaarske skriuwers syn paad fûn nei West-Europa.
Wy lêze dy skriuwers net yn it foarste plak om
harren ‘universaliteit’ – al mei dat
elemint net ûntbrekke. Nee, it giet ús earst
om harren eigenens, identiteit en ‘oars
wêzen’, ek yn de histoarysk-maatskiplike
ûnderfining dy’t yn harren wurk wjerspegele
wurdt.
Dat wiist der hinne dat wy yn Fryslân derom
tinke moatte dat net allinnich de ‘plak- en
tiidleaze’ Fryske literatuer syn paad fyn nei
Amsterdamske útjouwers – teminsten, foar
safier’t wy graach omtinken fan bûten (mear
lêzers) hawwe wolle. In seedyk en in pear kij
dy’t yn ’e greide skite, meitsje in boek
noch net ‘Frysk’. Ik foarsis dat, as it
oarstalige publyk op ’en stuit yn ’e rekken
hat dat Fryske skriuwers en dichters harren op gjin
inkelde wize bekroadzje om de identiteit en de woartels
fan de eigen literatuer, der net oer neitinke en der
neat mei dogge, it gau dien wêze sil mei de hausse
oan oersettingen út it Frysk wei dy’t wy de
lêste jierren sjogge.
Is dat de ferbrutsen bining wer oaninoar knoopje
wolle, sa’t Jetske tinkt? Ik haw it net yn it
foarste plak oer taalstriid en literatuer, of oer
skriuwer en beweging. Ik haw it oer de stiennen
dêr’t in literatuer mei boud wurdt, oer de
stof dêr’t in literatuer him mei bemantelet.
Ik haw it oer de DNA-stringen dy’t de
ûndersiker fertelle: dit is Fryske
literatuer. Dat DNA is mar foar in part te finen yn de
taal sels. It is ek de bûtentalige, dus
histoaryske, maatskiplike, sosjale en psychologyske
ûnderfining dy’t mei dy taal beskreaun
wurdt. Dêrom is de Amearikaanske literatuer oars
as de Ingelske. As dy ûnderfining foar de
Frysktalige skriuwers fan hjoed yn neat of hast neat
mear oars is as de Nederlânske, dan moatte wy
yndie, sa’t Ernst skreau, en sa’t ik al
earder yn dizze brieven oan ’e oarder stelde,
erkenne dat wy in probleem hawwe.
Hjir tsjinnet him in nijsgjirrige paradoks oan.
Soe it wêze kinne dat de Fryske literatuer mear
omtinken en dus ek mear fernijende stimulânsen (!)
fan bûten krije sil, neigeraden dy literatuer
‘eigener’ is en minder
‘lykskeakele’?
Keunst is ek in debat oer de wrâld. Ik haw op de
Balkan sjoen, yn ’e oarlochsjierren, hoe’t
de Westeuropeeske elite (it sintrum) der in soadsje fan
makke; slimmer, hoe’t men in stik fan Europa yn
oarloch en ellinde stoart hat troch in
‘universele’ ideology ta te passen
dêr’t it net koe, dêr’t no krekt
respekt noadich wie foar de eigen bysûndere
sitewaasjes fan de ûnderskate identiteiten –
mar nee, as in blyn hynder moast West-Europa de
multykulturele waan twingend oplizze dêr’t
it sels sa mei wraksele. Dat is foar my it meast
sprekkende en it meast dramatyske foarbyld fan
ferneatigjende hegemony, en dy tryste skiednis hat foar
in grut part foarmjend west foar de wize sa’t ik
yn ’e wrâld stean. Datselde
sintrum-râne meganisme uteret him net allinnich
polityk of militêr, mar ek yn ’e keunst, yn
keunstkrityk en keunstresepsje, yn hokfoar
ûnderwerpen al of net op ’e aginda komme, yn
hokfoar soart literatuer al of net omtinken kriget.
Dêr hoege wy net alle nachten wekker fan te
lizzen, wolnee, mar it is noait wei en wês jin der
fan bewust.
Ta de moaiste keunst heart dy keunst, dy’t
toant, troch syn kwaliteit, troch syn neakene bestean,
dat it mooglik is om út te stigen boppe de falske
dichotomy fan ‘nijsgjirrich’ fersus
‘marzjinaal’ dy’t it sintrum opleit.
Dat is wat 16HP ferbynt mei watsto yn Masedonië
sjen koest. In ynternasjonaal poëzijfestival yn
Fryslân soe prachtich wêze, om’t op
sa’n festival de Fryske poëzij –
hooplik yn al har eigenens – mei likefolle
krêft nei foarren komme kin as poëzij út
oare wynstreken. Lit ús net langer wachtsje op in
ekspedysje Robinson om ûntdutsen te wurden: folle
slûchslimmer is it om de de wrâld nei ús
ta te heljen!
Fierder is it nijsgjirrich en besykje nei te
gean hokfoar effekten sa’n happening hawwe soe op
de Fryske literêre sitewaasje. Ien fan dy effekten
sil yn alle gefallen in berch omtinken wêze foar
Fryske poëzij. Tillevyzjestjoerders út New
York op besite! Fraachpetearen op de BBC! Resinsjes yn
Polynesyske wykblêden! Skôgingen yn
Mongoalske buurtkrantsjes! Ien op de fjouwer Friezen is
al in dichter, dat sil dan wol ien op de twa
wurde…
Allinnich de Volkskrant en NRC
komme net, gjin romte…
Mar soe sa’n festival werklik ynfloed
hawwe op de poëzij dy’t wy skriuwe? Soe
ús de eagen iepene wurde en de earen wosken? Neat
wie goed en no sjogge wy, alles moat oars? Ik leau it
net. Witte wy neat fan wat der earne oars bart? Libje
wy net yn it tiidrek fan de media en de
massakommunikaasje? Untjouwingen yn de
bûtenlânske literatuer wurdt wol – mar
miskien iensidich – ferslach fan dien. Wol kinne
faaks de persoanlike kontakten dy’t
ûntsteane op sa’n festival fan belang
wêze. Ik sjoch ek in protte mooglikheden foar in
Frysk skriuwershûs yn it bûtenlân, yn
Praach bygelyks, in idee dat al faker nei foarren
brocht is.
Praach! Wytskomjende Vlatava, ik kom der oan! Ik ha in
protte, protte nocht om fuort. Sneintemoarn betiid,
auto starte, gas jaan en goodbye. Swalkje yn
Tsjechië. Ik tink net dat ik diskear 16HP wer
meinim – ik fiel dat der in klassike perioade
oankomt, Bartók, Sibelius miskien – hee, hie
Cornelis it lêsten yn syn deiboek ek net oer
Sibelius? – kâlde Skandinavyske wâlden,
wetter, dizen, snie… As tsjinwicht nim ik de
samle ferhalen fan Cesare Pavese mei, Stilte in
augustus (in fariant op Faulkner syn Light in
august). Pavese hat himsels tekoart dien om’t
er ôfwiisd waard troch de Amearikaanske aktrise
Constance Dowling. Boppenstebêste skriuwer. En
fansels sille Kiestra en Gezelle yn ’e auto
meiride – ik sil foar Hjir in essay
skriuwe oer de ynfloed fan de pastoar op de boer.
Ik sil safolle mooglik besykje om yn hotels te
sliepen dêr’t se ynternet op ’e
keamers hawwe, en elke jûn even nei it
heitelân weromsurfe. E-mails kin ik dan ek gewoan
ophelje. Soesto dan de tarieding foar Farsk 38
koördinearje kinne? Ik bin de 12e
werom, dan soe it moai wêze as it al dúdlik
wie wat der op komt.
Wy rinne al moai op nei de fjirtich
nûmers… Farsk 50 moat in feestlik
feest wurde, wat tinkst? (Idee: in ynternasjonaal
poëzijfestival…wa skillet Mulder?… of
moatte wy wachtsje oant Farsk 100?)
Noch ien ding. Wat is der dochs mei jimme
froulju oan de hân? Froulike dichters krije minder
/ te min omtinken, skriuwsto, yn Nederlân,
Fryslân, Masedonië – mar wêr leit
dat oan? Binne froulju minder streberich, askeptearje
se de wrâld earder wylst mânlju dy feroarje
wolle, hawwe se in wearzge fan skynwerpers, binne it
oerweagjend mânlju dy’t de literêre
smaak bepale? All of the above?
Is it oars wol wier? Froulike proazaskriuwers
wurde troch de media aardich yn ’e watten lein,
liket my. Jessica Durlacher? Kin net in fatsoenlike sin
op papier krije, mar stiet yn alle kranten. Tessa de
Loo? Itselde ferhaal.
Ik seach lesten ien fan dyn
Nederlânsktalige dichterlike seksegenoaten, Hagar
Peeters, mei in fotoreportaazje kreas útljochte yn
in frouljus-moadeblêd stean.
As ik my net fersin, stie der ek noch in fers by
ôfprinte. Sintrearre.
Groetnis,
Abe
|