Foarside



Foaropwurd Farskskrift 10

Nije start mei FAKÂNSJE
 
Us oprop fan foar de simmer - noch fan de âlde redaksje - like earst net folle op te smiten. Dochs, doe’t elkenien wer yn lân en hûs werom wie nei de lette noardlike simmerfakânsje, kaam der ynienen noch in protte moai wurk op it postmaster-buordsje. Foar de nije Farskredaksje.
  Fjirtjin skriuwers lieten harren ynspirearje troch it wurd Fakânsje; in tsiental fine jo werom yn dit Farskskrift nûmer 10. In oprop dwaan oer it tema Fakânsje hat as gefaar dat jo bydragen ynstjoerd krije, yn in styl fan anekdoatyske belibbenissen om utens. Wier bard en aardich om te lêzen, mar sûnder literêre ‘twist’. Sokke bydragen gie it ús net om.
  Yn dizze edysje fine jo in ferskaat oan reisbestimmingen. Guon fansels letterlik, om’t  skreaun wurd oer ferskate plakken op ’e wrâld, oaren miskien tichter by hûs of handeljend oer in gefoel fan bestimming as minske, skriuwer, dichter. Alle bydragen toane it skriuwen as in foarm fan reizigjen yn josels, mei earnst, mei (swarte) humor of beide.
  Sa biede wy jo moaie reizen yn fersen, fan Sito Wijngaardens ‘Oan Paphos ta’ (berteplak fan Aphrodite op Cyprus), nei it seisdielige fers ‘Hotel Hurricane’  yn Mexico fan Albertina Soepboer. Jabik Veenbaas sette it moaie Ingelske fers ‘Questions of travel’ prachtich oer yn it Frysk, wylst dichter Abe de Vries him yn Afghanistan ferliede liet ta it meitsjen fan in Ingelsktalich fers. Andries Miedema, Sytse Jansma en Yva Hokwerda stjoerden elk mear as ien fers yn. Trije ferhalen fine jo ûnderweis. Pleisterplakken yn fiksje, fan Wobbe Atsma, Geertruida van Assen en Ytje Hoekstra, of ... binne it mar twa ferhalen en in deiboekfragmint? 
   De folchoarder is delset as in soarte fan reis troch alles hinne. Meitsje jo eigen reade tried!

Ytje Hoekstra