|
|
Sito
Wijngaarden
OAN PAPHOS TA
Oan dyn side de bergen,
rin
oan de middei ta, nei de stêd yn giel sân
de oanrin fan twa kanten, gjin toer
Herken it hûs, hy my
Wie ik besiker om syn bestean?
ik liet my lêze en ferliet, wist ik
In hite neimoarn en dyn
wurden
Hjir is it plak foar ús,
efter ús de see in eilân riker
Dit is Paphos
Lês my dizze
stêd, neam it in see, gjin fjoer
Ferlit, rin oan Paphos ta
oan myn side

|