pakke


Geertruida van Assen

PAKKE

Yn ’e fierte leit de hoarizon, skean. De skiep, sa grut as maiskerrels fersette gjin stap. Gelyk hawwe se, oars rûgelje se nei ûnderen ta. Myn rêch drukt de rest fan it gers, dêr’t ik net op kôgje, plat.
  'Dat dochsto altyd', seit er, 'as wy yn it gers lizze, hasto in stikje reid of gers tusken de tosken.'
  'Net altyd', gniis ik wylst myn tonge it stikje gers nei bûten ta wurket. Myn tonge wiist even nei him en dan draai ik my op it liif.        Hy komt njonken my lizzen. Syn hân streaket my oer de rêch ûnder myn tinne shirt.
  'Hast it net kâld?'
  'Hmmm.'
Hoe soe ik it kâld hawwe kinne? De sinne hat de rein ferslein. Dêr’t de skiep rinne is it noch wat dizenich, mar dat lûkt aansens wol fuort. It gers fielt wat klam oan, mar echt wiet is it net mear. Tweintich graden sil it wurde, hat Pyt my tasein en dat fyn ik wol bêst.
  'No ik fyn it oars noch gjin strânwaar', seit er en syn hân hâldt op fan streekjen.
  'Moat dat dan jonge?'
  'Ja, dat heart sa yn ’e fakânsje.'
Hy giet oerein en lit de sinne moai troch syn ljocht hier skine. Ik knyp de eagen in bytsje ticht, sa liket it wol fan goud. In feint mei gouden hier en dêr mei ik in hiele dei mei troch Fryslân fytse, wat bin ik dochs ryk.
  'As ik jild hie soe ik dy meinimme nei Frankryk of Spanje, elkenien siket dêr de sinne.' Hy sjocht nei de maiskerrels yn ’e fierte as er dat seit. Ik meitsje myn liif los fan it gers en slûp as in tiger op him ta. Hy fernimt it net iens, sa drok hat er it mei de skeane hoarizon mei syn maiskerrels, of hy leit al op it smoardrokke strân earne fier fuort yn Spanje.
  As ik achter him bin, lit ik myn kont op ’e hakken sakje. Myn fingers tripkje stadichoan troch it gers, se springe oer in stientsje, stappe fierder, hâlde even stil. Stappe omheech, fiele de stof, in bytsje rûch. Fernimt er no noch neat? Ik slút myn eagen, want dan kin ik better fine wat ik sykje. It is in rjochthoek, of eins net hielendal, ûnderoan rint it wat yn in punt. Soene je it dan in fiifhoek neame kinne? Mar dat kin my eins neat skille. Myn fingers slûpe by de râne lâns. It rint wat omheech en dan ynienen hâldt it op, ik bin by de hoeke. No moat ik klimme. Rjocht omheech. Fyftjin sintimeter lang, dat wit ik noch fan kursus.
  'Ja wier, dat soe ik dwaan,' suchtet er.
Myn fingers hâlde even ho. Myn eagen wolle net ticht sitten bliuwe, hy draait de holle net. De fingers binne healweis. As se no mar goed rinne, it sit dêr dochs wol? Jawol hear, sizze myn eagen, dy’t har der mei bemuoie wolle, it is dêr net alhiel flak, dus it sit dêr wol. Ja mar, it soe ek wol wat oars wêze kinne. Myn fingers klimme fierder. Se komme by de râne. Bliuwe even stean. Fiele de djipte en dûke der dan yn.
  Dêr sit it, waarm en stevich. Myn hân knypt deryn, grypt it fêst en lûkt it dan omheech.
  'Hy is hast leech, fanke, en de bank hat ek neat oan my.'