| |
Albertina Soepboer HOTEL HURRICANE op it heechst fan ’e sinne wachtsje de ielskolfers mei delplofte wyn de slûge hjitte klaait de wrâld út ik tekenje in oantinken op ’e hûd it is sinleas swit wat ropt my dan de keamer draait in rûntsje mei de airco ik bin allinne ik bin ik bin net allinne ik lês de muorre mei syn tekst hoe hannelje by in tefolle oan wyn: men giet mei de famylje om tafel sitten tagelyk is de loft skier en blau dit binne de waarmste tropen drankjes komme yn kokos en kaniel myn hier is hip ahorita chica ik dûnsje straight away en de hele nacht wurdt in fiskekûm oan heidensk kabaal wat ik dan dreamde op ’e patio smookt in man in sigaar in spegel hat syn frou it hier opmakke se falt fan ’e treppen se ropt dit is neat dit is it hat gjin oare rook hjir wy wachtsje slútingstiid ôf breuken en brekken yn it eachwiid as ik gean as de see himsels hast optilt razend reizgje ik foar de dea út sjoch it yn ’e eagen hjir is in swart matras mei ien lekken lis ik my del en nachts blaffe alle hûnen jou it mar oer ik bin thúskaam México, july 2005 |