|
Andries Miedema
WYNTSJE EN TRYNTSJE
It doarpsplein middeis
gâns ferlitten
mank fakwurkhûzen, in fontein,
in bankje dêr’t ik kaam te sitten,
myn krappe jild yn wyn belein.
In byld fan druveplukkers
flijde
syn mylde skaad my oer de lea.
Ik dronk de wyn en nimmen lei de
lytste plicht my net op ’t brea.
En doe’t de
plukkers fierder gongen
foar nije risping wer om wyn,
ha ’k harren blier myn liet ta songen
mei in gulle groet foar Tryn.
|