Andries Miedema

 

PUY MARY

Heech wie de klim en it útsjoch is wiid.
Oer de staasjetrep, triemmen beton, dat ik rûn.
De loft is sa blau en it sintsje sa gliert,
fan freugde dat ik te dichtsjen begûn.

Yn inkele wurden wol ik ék sizze
wat in gefoelige dichter faak seit;                     
want grutskens fan skepping en paradys lizze
te wachtsjen op ’t wurd dat my op ’e tonge leit.

Gefoelens fan rykdom en wielde trochstreame
myn hert en myn bloed sjongt sa lokkich ik bin.
Mar de wurden dêr’t alle dichters fan dreame
komme nei oeren ek my net yn ’t sin.