Andries Miedema

 

KANOTOCHT
  
In kano en in rûge stream
foar in atleet in wiete dream.
Snjiddich sil er ’t wetter slaan
om derten djoeiend yn ’e baan
de nearen laitsjend te oerwinnen.

Lykwols ik bin net ien fan ’t slach
dy’t wyld ’t gefaar fan ’t wetter siket,
mar foar ús soan oer soe ’t beklach
en myn beswier wêze oft ’t liket
ik sit der tsjinoan te stinnen.

Dat wy tegearre yn ’e boat
en evenredich streamde ’t wetter.
Wy  fearen yn in grutte float
gemoedlik mei, mar milen letter
waard ’t wylder, dochs ús soan genoat.

Doe gyng it mâl en oer de kop
myn skine klapte tsjin ’e stiennen
en heal fersûpt stiichd’ ik wer op
yn pine, bloed en triennen.
Us soan rêde de boat.

Untstekking – dokter – pine – prik
en net by steat te rinnen, sit ik
yn beamteskaad my te besinnen.
Mei boek en skonk yn it ferbân
nea net nofliker fakânsje hân.