Andries Miedema

 

FAKÂNSJE

Goed fersoarge ûnderweis
mei fan ’e bern de bêste winsken
en skeane eagen fan guon minsken,
oant oer in wike of seis.

Foar de planten soarget buorfrou
foar de kninen ha ’k in jonge
de kat dy rêdt himsels al gau
it koar kin sûnder my wol sjonge.

De daaljes binne yn ’e grûn
in freon jout ’t túntsje syn gerak
fan Asef spul foar eltse slak
en yn ’t asyl de hûn.