Sytse Jansma

 

SIËSTASLIEP

oploskoffy mei bôlespûnskes
lege sinne troch it rút
oereingean

foar de siëstasliep noch boadskippen
by Hu Chang

molke yn in sek
aaien yn in plestik pûdsje
ien rol wc-papier

miggespray mei deet
aanst wer ûnder de klamboe
siëstasliepe

bûten raast de ijskoman
rese auto’s op en del en boppe
draaft in lyts bern oer de houten flier

laitsje om de reklames op teevee:
in dikke boskreoal dy’t muoite hat mei
it snijen fan in fisk en dan komt der in oar
mei ynblikte tonyn, maklik en goedkeap!

stjonkende soleksen
ik wol sliepe
wêr binn’ myn eardopkes?
of in kessen op ’e holle, mar dat swit sa
bûten sjit ik alle lûden dea
alle lûden mei myn jachtgewear
no en fannacht en dan rin ik moarn
allinnich noch oer de dyk en sjoch ik allegear
deade lûden en dan krûp ik yn myn bêd
sûnder eardopkes, sûnder in kessen op ’e holle
sûnder de ijskoman