Yva Hokwerda
*
No hast fakânsje fan my. Mei oare leaven rinst yn filmtiden en camcordtempo’s oer berchkamen dy’t ik net ken en dochs foar eagen sjoch, troch bosk dêr’t ik net swalkje sil mar wol it lústerjen fan hear.
Ider paad of plak dat dy oandocht sûnder my, kin ik foar eagen tsjoene. Albums fol foto’s klik ik, foar eltse dei fjouwer boeken; ik fotoshop mysels ûnsichtber yn hoekjes fan dyn ECG.
Sykje om it klaver yn sinnige fjilden ûnderweis. Yn it skaad fan ’e linebeam belibje ik de diapositive eagenblikken oant datst thúskomst fan alwer in frjemde reis; mar gean net as earste op dyn lêste.