Yva Hokwerda
DE FOARM NET FOAR DE HÂN
Ik ha dy wei tocht.
Seach de oansizzing foar myn geasteseach wylst ik my sekere hie yn it oanwêzen fan myn leafste freon. Hy rikte oer de moarnskrante op it terras fan triennen boppe pain du chocolat, naam myn holle yn syn hân. Mar de wrâld foel yn jiske om de sulveren triedden wei, dy’t seinen wat dit is: kofje ferkeard.