| |
Ytje
Hoekstra
FAKÂNSJEDEIBOEK
Ik ha dy loslitten. Myn kompjûterkaaiwurd is it bewiis.
Sûnt de reüny wie IloveGosse moannenlang de
sesamkoade nei myn deiboek en e-mails oan dy, want Piter moat soks net
fine. Fan ús ôfspraakjes fertelde ik him ek net.
Hy soe it net begripe, al ha wy allinne mar kofje dronken op in
wynderich terras. Ik wol him net sear dwaan. Dat fertsjinnet er net.
Us lêste moeting hat wol goed west. It
âld sear is útpraat, no ja, hast. Al bist myn
grutte leafde, ik kin dy net alles fertelle. Of is it krekt
dêrom? Do bist noch altyd gjin grutte prater, do
lústerst. Ik fol de stiltes yn, wylst ik dy oansjoch mei de
eagen fan froeger. Wy witte no fan elkoar dat it nea echt oergien is.
Mei ús houliken en sânentweintich jier yn
‘e tiid is dat net oerbettere. Ik bin bliid dat ik dat no
wit.
It waard heftich, te heftich. Dêrom begryp ik
datsto ús kontakt ferbrutsen hast en datst nee sein hast myn
lêste útnoeging. Do hiest gelyk. Ús
libben moast wer yn it normale werom. Dit wie net fol te
hâlden en wy wolle beide ús leaven net kwetse. Dat
ha we ek net dien, dochs? Piter wit fan neat en do hast Gea al
hielendal neat ferteld, der bin ik wol wis fan. Ik kin dy sa goed,
better as dosels, al miensto fan net.
Myn kaaiwurd makke ik: IklitHimlos, deis neidat ik mei Piter
nei de Fryske Odyssee west hie. De bern op bêd en Piter fuort
nei syn genealogyske jûn, dat ik koe my efkes gean litte. De
emoasjes drupten yn myn toetseboerd, mar doe wie it ek klear. Sil it
lot dy nochris werombringe, dan moat it barre sûnder aksje
fan myn kant.
De gefolgen fan dit loslitten wine wol
ûnferwachte. Ik hie ynienen samar sjans yn de sportskoalle!
Twa oare manlju, beide in stik jonger as wy, binne fereale op my.
Frjemde komplikaasje, mar it ûnderstreket dat ik no echt
loskommen bin. It is leuk, mar net serieus fan myn kant. Ik genietsje
no wol fan ditsoarte fan oandacht en it jout wat drokte yn myn kop. En
yn’t liif, fansels. Mar it bliuwt in spultsje. Ik sjoch wol
út en fyn mysels net wer yn situaasjes wêryn't ik
oerdondere wurd troch in man.
Mei dy hie ik de flok ferbrekke wollen, mar do seist nee,
doe’t de ideale situaasje him foardie. In twadeiske kursus op
ús fakgebiet yn in kongreshotel. Ik ha my noch nea sa
allinne field as dêr yn dat deade Ommen, mar ik begriep dy
wol. It is foarby en no binne der twa oare leuke manlju samar
ynteressearre yn my. Gjin ballast en âld sear. Se ha wol
beide in oar frommes yn harren libben, mar witst wat sa frjemd is? Dat
kin my neat skele. Want foar it ferbrekken fan de flok kinne se dochs
gjin tsjinst dwaan. Dy is ferbûn oan dy, troch Age.
Dus wat let my en stopje wat kondooms yn myn sporttas en
fertel Piter dat ik dûbele lessen draaie sil op in
jûne? Ik wit noch net wa fan beiden oft ik kieze sil, mar
ferdomd, wêrom soe ik sels net gewoan in kear it inisjatyf
nimme en wat aventoerje mei in oare fint as Piter? By him giet no op
syn fyftichste de pystigens der wat út en do hast by my de
flammen wer oanwakkere.
Hie ik it dy mar fertelle kinnen. Ast it witten hiest, fan
it brekken fan de flok, wiest grif wol nei Ommen kommen, of net? Want
al joech ik miskien mear om dy as oarsom doe’t wy jong wiene,
do hast trochskimerje litten dat ik wol in grut plak ha yn dyn hert; al
seachst dat letter pas yn. Timing, allegearre lousy timing. Ek dat is
part fan de flok.
Mar ik ha it gean litten. Dy en it foarnimmen.
Planút fertelle by ús earste wersjen, dat slagge
my net. It opskriuwen wol, mar ik doarst it net te ferstjoeren, dan
soest it lêze, wêr’t ik net by wie. Op de
ôfspraak foar in kuiertocht oan it strân koest net
komme, om Gea. Ik hie it graach rinnende fertelle wollen,
sûnder dy oan te sjen. Mar do doardest grif net omdatsto
bang bist foar de flok en dat is raar want do witst net dat
er bestiet. Of witst it wol? Hat Age it dy dochs ferteld?
Ik kin dy wer ferjitte. It bewiis is dat ik no op
fakânsje bin mei Piter en de bern en hast net mear oan dy
tink. Hjir op de camping yn de Gironde is it prachtich waar. Dizze
streek is moai, fielt as thús, al ha ik hjir net earder
west. Ik woe it dy graach sjen litte. It doarpke hjir flakby is ien
heuveltsje-bochtsje-strjitteboel fan lytse winkeltsjes en
poppehúskes, mei oeral bloeiende blauwe rein
strúken en hortinsjes yn hûndert soarten
rôze. Beide bern de hiele dei sels op paad en Piter en ik
bêste maatsjes. Hy puzelt, ik lês en ik skriuw. By
de tinte mei syn beiden, of ik allinne middeis op it strân.
Ik skriuw dit ek langút yn it sân, de see op
tweintich meter en hûndert meter fan de tinte, hast krekt as
eartiids op Amelân. Witst it noch?
Moarn geane we nei hûs en dan hat it ek wol
genôch west. Der komt minder waar oan en it benaut my wat, sa
stadichjesoan. Ik sjoch yn oare gesinnen myn weiwurden tritiger jierren
foarby kommen: útlobbere, soargjende memmen mei lytse
pjutten. Of myn takomst: de âlden mei gruttere bern en de
pearen dy’t wer op fakânsje binne sûnder.
Piter sei juster dat wy oer trije jier ek alwer tegearre
kinne, dan wolle se dochs beide net mear mei. Ik skrok derfan.
Wêr sille wy it dan oer ha? En hoe soe it dan noch
wêze mei de seks? Der rint hjir gjin inkele spannende kearel
om, allegear it type bangelike brave gesinsman dat ik sa goed kin. Se
sjogge jo net iens oan.
Ik tink in soad oan myn beide sportskoallemannen,
John en Geart. Ik moat kieze. Ik besykje fan beide ek de neidielen te
sjen. Geart is de jongste, hy is ferwaarmingstechnikus. We skele tsien
jier. Alles skreaut dat er de ferkearde is, hy soe better by myn
jongste suske passe, mar ik winskje him har net ta. Hy hat in slim
jaloerske frou en trije dochters. Sy binne betiid troud, harren
âldste is ek al sechstjin. Hy is in desperado mei
hiele leave eagen, mar ik kin dy jonge neat oars biede as in pear
jûnen wille foardat ik wer nei Piter ôfset. As er
mear ferwachtet, giet it fout.
John
is fjirtich, sjocht der better út en eaget soargeleas de
wrâld yn. Hy liket op dy, hast deselde blauwe eagen, mar hy
hat in iepen relaasje mei syn freondinne en dat stiet heaks op dyn
tinken. Hy is skoalmaster en hat in ferskuorrend soart enerzjy; it mist
my net dat hy geweldich is foar sa’n klasfol pubers. Hy is
ideaal foar in slipperke.
Mar wêrom ropt myn hert dan dochs fan Geart? Omdat
er in hoedene siel hat, Gosse, lykas dy. Hy hat my in e-mail skreaun en
der stie yn wat ik wollen hie datsto sein hiest. Hoe’t syn
frou harren relaasje fergiftigt mei jaloezy en ûnsekerheid,
wylst se in godlik moai lichem hat. Slank, blond. Alles fan harsels,
sûnder de diëten, sjirurgen en it hurde wurk yn de
fitness. It type sûne blonde ferpleechster. Bah, wat ha
’k in hekel oan sokke froulju.
Ik sjoch se beide pas nije wike wer. As ik wiis bin, doch ik
John en bliuw ik fier fan it libben fan Geart. Wat as ik fereale
reitsje? It hert trillet my soms al in bytsje, it hat wer romte.
Dêrom genietsje ik sa fan dizze lêste dei oan it
strân. Gjin soargen, gewoan in bytsje minsken besjen.
Nim no dat frommeske dat hjir no lânsrint, mei har
beide soantsjes. Type blonde ferpleechster, ferdomd! Se liket sprekend
op dyn Gea. Se is it net, want se praat Sweedsk. Dat kin ik wol in
bytsje ferstean. Se is hiel leuk mei har bern. Har man is hjir net. Do
silst wol om boadskippen wêze, of by de caravan lizze mei ien
fan dyn boeken. Jim binne juster oankommen, tink. Sil ik efkes nei dy
ta? Ik moat dy maklik fine kinne, want ik kin de sifers fan it
nûmerboerd fan dyn blauwe Volvostation: 44 28.
Ha, do soest dy deaskrikke en dan gau de situaasje fan
mogelike ferlieding opbrekke, lykas alle eardere kearen. Want do bist
bang foar de flok, dy’t is dat ik de relaasjes fan minsken
opbrek. Al wol ik dat net, al bin ik der net op út. Manlju
wolle myn rûne foarmen fiele, kinne harren net behearskje as
se mei my allinne binne. Dan wolle se my ha, ek al sis ik nee.
Goh, no fertel ik it samar. Wêrom fûn ik
it sa dreech? Do wist it dochs wol. As Age immen yn betrouwen naam,
wiesto it, oer dy dronken nacht sûnder bedimjen. Ferkearde
tiid, ferkeard plak, ferkeard frommes. C’est moi, aussi en
France. Ik brek relaasjes as dy fan Age en Josien en dêrom
leit de flok op de leafde dy’t ik ha woe. Dêrom
hasto no dyn sûne blonde ferpleechster en ik myn leave,
soargjende Piter.
It bliuwt spitich dat ik dy net yn Ommen trof. Ik woe it yn
dyn bywêzen fiele: it wollen en it neilitten. Alle
kânsen hawwe yn oere en tiid en se út leafde lizze
litte. As ik dat foar dy net kin, foar wa dan wol? It hie my ferlost
fan de flok. Mar ferpleechsters as Gea binne net oplieden om sokke
genêzingsprosessen te begripen. Ik snap wier wol, datsto dy
dêr op oanpasse moast. It hindert net mear.
De sinne sakket
leger. Ik brek op en klei my oan. Fierderop docht Gea itselde. Se ropt
Sven en Jesper en docht in wite linnen jurk oer har himelsblauwe
bikini. Fan in djoer design, dat sjoch ik sa wol. Se is moai en
hartstikke brún en oar har búk kinst net sjen dat
se twa fan dy grouwe jonges droegen hat. Hielendal net
útwenne lykas myn liif.
Se rint no by my lâns, mar
sjocht my net oan, seit ek gjin hoi. Mar dat ferwachtsje ik ek net. Ik
wit ommers wol hoe’t se oer my tinkt. In eintsje foar my
út rint se nei jim caravan, net iens sa fier fan
ús kampearplak. Jim sille grif itselde toiletgebou
brûke. Frjemd tafal, dat ik jimme hjir tsjinkom. Mar it jout
allegearre neat, leave. Ik lit dy los, flok en al. Mar Gea net. Moarn
by’t skjinmeitsjen fan de dûsen sille se har fine.
Dan binne Piter, de bern en ik al healwei hûs.
|