|
|
Elizabeth Bishop
FRAGEN OMTRINT IT REIZGJEN
Der binne te folle wetterfallen hjir; de bomfolle streamen
fleane te hastich nei de see,
en troch de druk fan safolle wolken op de berchtoppen
stoarte se har oer de skeanten yn sêfte slowmotion
en feroarje rjocht ûnder ús eagen yn wetterfallen.
- Want as dy strepen, dy einleaze, glimmende trienspoaren,
noch gjin wetterfallen binne,
sille se dat yn in flugge ieu of sa, sa’t de ieuwen hjir ferrinne,
wierskynlik wol wurde.
Mar as de streamen en wolken mar trochreizgje en –reizgje,
lykje de bergen de rompen fan omsleine skippen,
mei slib en seepok bedutsen.
Tink oan de lange tocht nei hûs.
Hiene we thúsbliuwe moatten en tinke moatten oan hjir?
Wêr hiene we hjoed wêze moatten?
Is it goed om nei frjemden te sjen dy’t spylje
yn dit frjemdste fan alle teaters?
Wat is dat foar bernichheid dat we, salang’t der in sucht libben
yn ús liven sit, mei alle geweld fuortfleane wolle
om de sinne fan ’e oare kant te besjen?
De lytste griene kolibry op ’e wrâld?
Te stoarjen nei in ûnferklearber âld stik mitselwurk,
Ùnferklearber en ûnbefiember,
Hoe dan ek besjoen,
Op it earste gesicht en altyd, altyd moai?
O, moatte we ús dreamen dreame
en dan ek noch besitte?
En hawwe we romte
foar noch in optearde sinne-ûndergong, noch altyd frij waarm?
Mar it hie ús grif muoid
as we har net sjoen hiene, de beammen oan dizze dyk,
fan in oerdreaune skientme werklik,
as we har net meneuveljen sjoen hiene
as nommele mimespilers, yn rôze gewant,
- as we net stoppe hiene foar benzine en
de drôve, twatoanige, houten deun heard hiene
fan ûngelikense houten klompen
achteleas kloskjend oer
de flier fan in pompstasjon fol oaljeplakken.
(Yn in oar lân soene de klompen allegear neisjoen wêze.
Elk pear dêr soe krekt deselde toanhichte hawwe.)
- It hie ús muoid as we dy oare, minder primitive muzyk
net heard hiene, fan de grouwe brune fûgel
dy’t sjongt boppe de stikkene bezinepomp
yn in bamboetsjerke fan jezuïtyske barok:
trije tuorren, fiif sulveren krusen.
- Ja, it hie ús muoid as we net bemimere hiene,
ûnskerp en sûnder útkomst,
hokker ferbining der ieuwenlang bestean kin
tusken it lompste houten fuotark
en, subtyl, skitende krekt,
de útsnijde fantasijen fan houten kooien.
- As we nea de skiednis bestudearre hiene oan
de sleauwe kalligrafy fan sangfûgelkooien.
- En nea nei de rein harke hiene
dy’t safolle wei hat fan politike redes:
twa oeren ûnmeilydsume retoryk
en dan ynienen in gouden stilte
sadat de reizger syn notysjeboekje krijt, skriuwt:
‘Komt it troch in tekoart oan ferbylding dat we geanei
nei plakken dy’t we ús ferbyldzje, en net gewoan thúsbliuwe?
Of soe Pascal net hielendal gelyk hân hawwe
mei dat rêstich yn jo keamer sitten bliuwe?
Wrâlddiel, stâd, lân, mienskip:
de kar is nea rom en nea frij.
En hjir, of dêr… Nee, hiene we thúsbliuwe moatten,
wêr’t dat dan ek wêze mei?’ |