Wobbe Atsma
FRIJPLAK
It barde yn in tiid doe’t it folk yn kloften op reis gong. Dreech en steech rûnen de ezels oer de smelle dyk by de heuvel op. Doelleas, sa like it, mar se wisten it paad en stienen ienriedich it waarme waar. Sels in flamjend swurd soe de keppel net keare kinne. Faaks wie it de toarst dy’t har dreau. Yn in slaafske rige teagen se kop oan kont mei har beriders ûnder de fjurrige sinne, dy’t feninich oan ’e himel stie, nei it stedsje ta. It wie yn toarre en ûnbewenne streken in bestimming om longerjend nei út te sjen. By elke poat dy’t ferset waard knikten de koppen fan de healbizen skepsels yn itselde tempo op en del. Jos seach dat de holle fan Marije, dy’t op it bist foar him riid, it ûnderdanige ritme presiis sa oernaam hie. Se roeike deroer, as soe se sliependewei foaroer miterje. 'Giet it noch wat?' rôp er yn noed. Oan in achteleaze maneuvel begriep er dat it wol wat tafalle soe. Of woe se net witte wat in lijen at it wie? Wêrom wienen se ek mei dy tocht úteinset? It hie ommers net hoecht mei dy hytte. Klearebare ûnferstân. Mar hawar, it wie te let, der siet oars neat op as lydsum de rit útsitte. Net kleie mar drage. Jos gniisde. Hy hearde it Marije sizzen. Se wie in hurdenien. It moardzjende trage tempo hearde by it lot dat se sels socht hienen. It wie te hoopjen dat der oan ’e ein fan de rit noch in plakje frij wie. Jos fage it swit fan ’e holle en klamme him daliks wer oan it helter fêst. Oan wjerskanten bongelen syn skonken by de bealch fan de ezel del. Te lang foar de stiichbûgels en te koart om de grûn te reitsjen slierden se troch it stof, dat yn tichte wolken omheech stode. In jutedek, dat as sadel ornearre wie, skuorre syn billen. Marije siet mei beide fuotten oan ien kant en ek al like it Jos net sa handich ta, fan oansjen hie it wol wat leidichs. Dat ynbannige en tagelyk wat skruten, it hie him even yn ’e besnijing. De fromme útstrieling fan it pastorale taferieltsje wie suver betsjoenend en joech it lêstdier wat froeds. Fan rjochten hearde it by dizze wrâld. Mar it paste net by Marije, dêr wie gjin mis op! De strieminne dyk slingere troch ûnherberchsum heuvellân fan keale stien en brúne rûchte. Troch twirjend stosân like in strúk op in útbaarnd boskje hout, dat nei in ynslach noch stie te rikjen. Hjir en dêr joech in iensume oliifbeam wat skaad. Stapke foar stapke skoffelen de bienbiterige bisten skoarjend oer it moudige paad, benaud om de poaten te stjitten. Heech yn ’e loft swierde in span rôffûgels yn ’e rûnte om inoar hinne, iezjend op in slachtoffer, dat him op de ferskroeide ierde weagje doarst. Yn ’e fierte kaam lang om let it stedsje yn sicht. It lei, as in stapel wytguod, tsjin de heuvel oan útstald en blonk yn it felle ljocht. De ezels waarden ûngeduerich. Roppich as fee, dat de stal rûkte, woenen se der daliks op oan. Stadichoan feroare it kloskjen fan de hoeven yn in hastich gonkje. Ut en troch smiet in ezel de kop yn ’e nekke en balte jammerdearlik mei in lange úthaal oer de keppel hinne. Flak foar it stedsje rekke de tried fan de karavaan yn ’e tiis. Inkele bisten besochten yn te heljen, oaren bleaunen bokkich stean. Minsken fûteren, bern begûnen te janken en ynienen sloech de kliber as in lossleine binde op ’e rin. Jos en Marije hienen hâlden en kearen. 'Ho,' besocht Jos in pear kear. 'Ho, kalm oan jonges!' It swit stie him yn ’e hannen, mar it die gjin fertúten. Se rekken folslein op drift. Marije skodde wyld hinnewer. It hie der wol oan at se oerein bliuwe soe. 'Stean bliuwe kring!' boldere se en se flokte as in dragonder. Der wie likegoed gjin hâlden mear oan. As doldryste skiep, dy’t tagelyk troch de skuorredoarren nei binnen brûze woenen, waarden se de smelle strjitten fan it stedsje yndreaun. De hiele kloft rekke muorrefêst. Dat ûngemak duorre mar even. Wa’t him troch de ingte fan de earste slús hinnewrotten hie, davere even letter as in wylden tusken de ferblynjende muorren troch, de smoarhjitte stêd yn. Marije lei yntusken plat foaroer mei de skonken stiif om de bealch fan de ezel hinneklamme en hie, as fierde se in leger oan, it team ferwoest yn ’e hannen. It gekletter fan de hoeven dindere as oanboazjende tonger foar har út. De stedslju stoden fan skrik de stegen en portiken yn. Der like gjin ein te kommen oan de race yn it wite doalhof, mar ynienen fjouweren se de iepen romte fan in plein op. By in wetterput wie it hommels gebeurd mei de lange jacht. De helske rit wie foarby. Se hienen it libben derôf swit. Marije liet har ferheistere fan de ezel glide. De moude rûgele oan alle kanten fan har ôf. Slim feralterearre hienen se de bestimming berikt. Aldergeloks koenen se fuortendaliks in plakje krije. Jos kaam strampeljend op Marije ta. 'Giet it wat?' Mear koe er der noch net útbringe. Marije hie de kop der lykwols hurd wer by. 'Yn ’e bus!' sei se grimmitich. 'En as de bliksem nei it hotel. It is my hjir hielendal oer mei dy smoarge autentike ezeltochten. Takom jier wol ik gewoan wer te fytsen nei Skylge ta.'