|
FARSK TELEKS / PARSEBERJOCHT /
FARSK TELEKS / PARSEBERJOCHT / FARSK
Eroatysk Frysk
Farskskrift
Tagelyk ek Farsk Jierboek 2006 útkommen!
Literêr Frysk Ynternettydskrift www.farsk.nl hat in
Eroatysk Frysk Farskskrift útbrocht.
Dit kaam foar it ljocht op de boeketafel by it Frysk Boekefeest, op
sneon 24 febrewaris. In oprop op Ynternet brocht genôch
ûndogenske literêre ynstjoeringen op foar in
dûbelnûmer (!) ûnder de titel Reade
Earkes (nr.16). It biedt nije erotyk yn ferhalen en
gedichten yn it Frysk, is yllustrearre mei striptekeningen fan
Mûdhoen en giet foar dizze kear yn in ekstra spannend read
fluwielen omslach. Nuveraardich tafal is dat fan de noch
ûnbekende skriuwer C. Feddema ek in prikkeljend ferhaal opnommen is mei as titel Read
Fluwiel. Yn totaal ha tweintich Fryske skriuwers (werûnder ek
hiel bekende nammen as Albertina Soepboer, Arjan Hut, Elmar Kuiper,
Remco Kuiper, Tjitte Piebenga, Henk Wolf) tritich stikken levere.
Derûnder ek sân bydragen fan de Ierske skriuwer
W.B. Yeats, yn prachtige oersettingen fan Eppie Dam.
Op deselde dei kaam ek wer it Farsk Jierboek
út, mei noch mear moderne Fryske literatuur.
Yn it Jierboek 2006 is, lykas yn de jiergongen 2003, 2004 en 2005, wer
it allermoaiste, bêste en nijsgjirrichste opnommen dat de
digitale Farsk yn in jier opsmiten hat oan
farske, nije literatuur en aktuele polemyk.
Dit boek jout yn 160 siden in ferskaat oan proaza, poëzij,
kollums, krityken en skôgings fan 34 ferskillende auteurs.
Priis fan de Reade Earkes-special is € 7,- en
fan it Farsk Jierboek € 10,- .
In abonnemint op Farskskrift: 6 nûmers foar 25 euro (5,- foar
in los nûmer).
Beide útjeftes binne te bestellen fia www.farsk.nl of te
krijen by de bettere Fryske boekhannels.
Elke 14 dagen ferskynt www.farsk.nl
op freed mei in nij literêr tydskrift op Ynternet en jout
gratis foar elkenien nij literêr wurk te lêzen.
Nûmer 90 is útkommen op 23 febrewaris 2007. It 100
e nûmer fan Farsk sil nei ferwachting
útkomme op freed 31 augustus.
It Farskskift is fjouwer kear yn ‘t
jier in ekstra papieren tema-útjefte neist de
Ynternet-ferskiningen en it Jierboek.
Farsk is oprjochte yn 2003 troch Abe de
Vries en Marc Kooij. De redaksje (postmaster@ farsk.nl) bestiet op dit
stuit út: Albertina Soepboer, Cornelis van der Wal, Henk
Wolf, Joke Corporaal, Ruurdtsje de Haan en Ytsje Hoekstra.
Farsk, Farskskrift en Farsk Jierboek wurde
útjûn troch de Stichting Farsk, mei stipe fan
û.o. de Provinsje Fryslân.
-------------------------------------------------------------------------------------------

|