|
Eric Hoekstra

OER DE POEZIJ EN IT PROAZA FAN AGGIE VAN DER MEER
(Rede útsprutsen by de oanbieding fan it
boek Oerfeart fan Aggie van der Meer te
Boalsert, tongersdei 16 novimber 2006.)
‘Ik ha boeken en gedichtebondels fan Aggie van
der Meer resinsearre. Yn dy hoedanichheid, as resinsint, bin ik frege
om in oersjoch fan har wurk te jaan, by gelegenheid fan har nije boek
“Oerfeart”.
Ik wol jim earst in geheim fertelle. As ik in resinsje
skriuw, dan skriuw ik dy op it foarste plak, net foar de
lêzers, mar foar de auteur. De lêzers
beskôgje ik as it omsteand laach. Ik praat net foar
de lêzers, dat soe ik net doare. Mar ik doar wol tsjin
jim te praten. By dizzen dus.
De earste roman dy’t ik fan Frou van der Meer
lies wie de Lytse Roman fan Jon Fels. In boek mei
as ien fan 'e tema's pedofily. Ik tocht fan "dat kin allinnich mar in
draak fan in boek wurde". Mar mirakels, it blykte in konsintrearre
masterwurkje te wêzen. It is skreaun yn in mearke-achtige
nij-testamintaryske styl, en dêrby doel ik dan op it
symboalyske tinken dat Jezus yn it testamint útdraacht. In
pear oanhellings út Evangeelje fan Jehannes:
“En it brea dat ik jaan sil is myn fleis
dat ik jaan sil foar it libben fan ‘e wrâld.
En Jezus sei tsjin har, ik bin it brea fan it libben.
Dy’t ta my komt, sil nea honger lije. En dy’t yn my
leaut sil nea toarst lije.”
Hjir hawwe wy de materiële transformaasje fan it
liif teweibrocht troch it iten. Dy wurdt troch Jezus brûkt as
symboal foar de spirituele transformaasje fan de geast teweibrocht
troch it leauwen yn him.
Allyksa seit Jezus "It keninkryk fan 'e himelen
is yn jim", en "elkenien is in bern fan God".
Dan doelt Er op in jubeljende ynderlike geastesgesteldheid dy't er
symboalysk oantsjut mei de fraze "Bern fan God"
en mei de fraze “it keninkryk is yn jim”.
Yn ‘e Lytse Roman fan Jon Fels
hinget ek sa'n sfear as yn it NijeTestamint. De
realiteit bestiet net allinnich as eksterne realiteit, mar is op it
foarste plak de útdrukking fan in ynderlike spirituele
realiteit. De eksterne wrâld is net in ding op himsels, it
bestiet as subjektive útdrukking fan emoasje. De eksterne
wrâld ropt tinzen op, wurdt ynkleure troch emoasjes: de
eksterne realiteit bestiet allinnich as dûnspartner foar de
ynderlike realiteit fan de haadpersoanen. Der wurdt dus gjin uterlik,
gjin karakter, gjin natuer beskreaun om it feitlike beskriuwen sels,
lykas yn in protte plichtmjittige boeken al it gefal is. Alles bestiet
allinnich as fieling, as objektyf korrelaat (ahem-ahem) fan immen syn
perspektyf.
Uterlike realiteit is ynderlike realiteit. In foarbyld
hjirfan út de Lytse Roman fan Jon Fels.
De iensume haadpersoan, oars as oars troch syn pedofile oanstriid,
sjocht in fûgel en dat wurdt sa beskreaun:
"De graupiper is syn maat. Prunella modularis
hjit er sneins. Dy't net goed sjocht tinkt dat it in moask is. Hiel
lang sil er him ûnûntdutsen tusken de trochsneed
dominearjende fûgelbesetting hânhâlde
kinne, meipikke, gjinien foar de poaten rinne en allinne mei wat praat
fan niks in oartsen yn 'e pong dwaan. Oant der ien is dy't sjocht dat
er oars is, in tikje behindiger, wat ôfwikend hipt, grappich
mar ek wat oanstellerich. En oare dingen lekker fynt." (side
33)
Sa’t de seldsume fûgel fermomd is as in
gewoane, by oerflakkich besjen, sa is de ôfwykjende persoan
allyk immen dy’t fermomd is.
Yn ‘e Lytse Roman fan Jon Fels is it
plot is boud om in samling relaasjes. Datselde prosedee sjogge wy ek yn
de roman Pauwehôf. En dy relaasjes
wurde net allinnich objektyf werjûn. Dy relaasjes besteane ek
yn de holle fan de haadpersoanen. Alsa kinne haadpersoanen prate
mei-inoar yn it echt, mar ek yn har gedachten. En haadpersoanen kinne
dus ek mei deaden prate, net yn it echt, mar al yn har tinzen. Wa hat
wolris immen ferlern? It is wier, je prate yn jins holle mei libbenen
en deaden, mei freonen en fijannen.
Allyk yn Aggie van der Meer har nijste, Oerfeart,
ha wy in groep persoanen. Diskear binne minder de relaasjes tusken de
persoanen fan belang, mar se prate namste mear. Se prate om de skiednis
fan it foarteam, de foarâlden te fertellen, sawol de
yndividuele skiednis, as de kulturele foarskiednis. En dy kulturele
foarskiednis diele wy mei-inoar: wy ha net deselde foarâlden,
mar wy ha wol itselde histoaryske ferline. In ferline
dêr’t bygelyks Spinoza diel fan is. Yn it
neikommende sitaat wurdt oer Spinoza praat:
“It âlde tinken, alles
wat it frije tinken yn ‘t paad stiet, moasten se, woe er ha,
loslitte. It frije heldere tinken, dat wie him alles.
‘Hoe is ‘t mooglik,’ sei Augusta.
‘Ja,’ sei Pieter Michiel,
‘mei soksoarte fan ideeën hoegde ik yn rooms
Boalsert doe net oan te kommen, dat hie flokken yn ‘e tsjerke
west. Myn joadse heit, ja, dy wist der alles fan. Al te drok makke er
him der net oer, al stie dat frije tinken him wol oan, lykas dy
ideeën oer de God-yn–alles. Wat Spinoza God neamde
wie in folsleine ienheid, dy’t fan neat ôfhinklik
wie. Dêr bûten koe neat bestean of begrepen wurde.
Troch it tinken soe de mins safier komme dat er wit dat er mei alles
wat libbet yn God besletten is. Ek de ‘kloekheid’
dy’t Spinoza woe spruts ús heit oan.’
- Als wij haat, zelfoverschatting en
zelfonderschatting, hoon, jaloersheid en misplaatst schuldgevoel
doorzien en afschudden, neemt onze lichamelijke en geestlijke
gezondheid toe - (Baruch de Spinoza)” (haadstik 7)
De teoretyske filosoof Spinoza wurdt fleis en bloed yn syn
pynlike biografyske details, syn fernedering en útstjitting
troch de Joadske gemeente. En dat alles ferbûn mei de
skiednis fan de Joadske foarâlden fan de protagonist, en, nei
alle gedachten, fan de skriuwer.
Trije boeken ha ik no neamd: De Lytse Roman
fan Jon Fels, de Pauwehôf en Oerfeart.
Mar myn favoryt is in oaren ien.
Ha jim wolris in resinsint op ‘e knibbels sjoen?
Ja, tsjin it sin, knerseltoskjend moat in resinsint wolris op
‘e knibbels foar in boek dat hy in masterwurk fynt. It boek
mei as titel “De Untdekking fan ‘e
wrâld” fûn ik in masterwurk.
De aforistyske styl dêrfan sprekt my persoanlik tige oan. In
foarbyld. In bern heart dat der deasûnden binne en freget mem:
'Haw ik wolris in deasûnde dien?'
'Nee, bern kinne net sa'n sûnde dwaan.'
'Mem wol?'
'It soe kinne.'
'No, dóch dan ris ien.'
Dy humor yllustrearret de ûnskuld fan bern yn
dizzen. In oar foarbyld fan funksjonele humor is de folgjende
oanhelling:
"Yn 'e Martinitsjerke yn Boalsert ha se ek
gjin hilligen, mar wol in byld fan keapman Heeres. Dat sil it wol
ûntjilde moatte by de opstân fan de
anty-globalisten."
Hiel boartlik wurdt in link lein tusken de byldestoarm en de
opstannichheden fan anty-globalisten, der wurdt efkes fyntsjes opmurken
dat jild ek yn tsjerkesaken wolris foar master opslacht, mar de krityk
bliuwt ymplisyt, subtyl. Mei in pear wurden wurdt in hiel protte sein.
Njonken har romans hat Aggie van der Meer ek trije
gedichtebondels skreaun: “De stêd, it
bist, de ingel”, “Hân oan ‘e
muorre” en “Wachtsje op it
daagjen”. In wichtich tema by Aggie van der Meer
is de man-frou relaasje, en dêrmei gearhingjend de
emansipaasje fan de man en de frou fan har wenstige rolpatroanen. Ik
lês it trijelûk Manlju foar út
Hân oan ‘e muorre:
MANLJU
I
It sliepende bist
Manlju, wêrom fan ‘e jacht
mei reerêch of in lekkerbekje,
knippe de hage en aaie temûk it sliepende
bist,
bedobbe ûnder in bêd fan
trochbloeiende roazen.
II
De ivige jachtfjilden
Boartsje mei fjoer en oplitten draken.
Pierewaaie op it lang bewende paad.
Alde hoannen, hege kaam en lange teannen,
Foddebosken, slij nei mear en wend te pakken;
Yn it hege gers in krekt optúgde einepyk.
Stille ferletten, wylde seeën, jeiend
swurk,
Slûchslim as de slangen,
Sêft as de dowen.
Fluitsjend troch in gat yn ‘e hage,
In bosk roazen sûnder toarnen
En wat figeblêden foar de sjeu.
III
It is de oare.
It is it waar net, net de eare,
It driuwen fan ‘e wylde see,
De AEX net of it roppen oan de doar.
It is de oare yn himsels en gjin ferwin is
mooglik,
Dy’t him oanset, opgnist, glâns
jout,
Syn skonken marsjeare lit yn Londonderry,
Syn hannen krommet om it findel,
Syn fingers om ‘e hoanne,
Syn earen hingje lit nei de wurden
Dêr’t syn mûle op
programmearre is.
Dat lêste giet oer male bonding, dat dubieuze
begryp dat sawol de moaiste freonskip as de liederlikste legers en
jeugdbendes mooglik makke hat. Achilles en Patrocles. Myn helden.
Myn favorite bonnel is Wachtsje op it Daagjen.
Dêrút lês ik foar it luchtige:
Ik bin gjin tún
Ik bin gjin tún.
Ik bin gjin tún, behimmele foar hjeldagen,
geve parren yn 'e hjerst,
gjin wyldernis yn lykwicht, ta utersten ferwaakst,
gjin toverheks, fergif foar snoade plannen.
Ik bin gjin roazebosk, ik ha gjin rook dy't pauwe-eagen
lokket.
Ik bin gjin bûterblommedyk, yn memme-earmen
pronkjend.
Ik bin in stêd op 'e klaai,
Ik bin in stêd hinkeljend op mear as twa
gedachten,
de oarder is skyn,
de beammen ha luzen,
de huzen jouwe har geheimen net,
de strjitten suchtsje ûnder ieuwen spoaren.
Ik bin in stêd op 'e terp.
Ik ha de kelders sletten,
de echo's fanit roppen troch it kear
lit ik mei it lieden fan 'e klokken smoare.
Ik bin in stêd, healôf, healwiis,
in nar yn omswalkersklean.
Ik bin in stêd,
ferlis in paad, fersier de brêge tusken doe
en letter,
swets mei de keaplju op 'e merk,
slaan myn slach en lit de noazen bliede.
Ik wol in eintsje fan 'e grûn en
ivich libje fan 'e dakken.
Noch twa oanhellings ta beslút. De earste
oanhelling stiet oan de ein fan “De
ûntdekking fan ‘e wrâld”:
"Ik seach de sûchkrêft
fan ekstremen, de macht dy't beulen skept, mar ik waard net de wize
dy't ik wurden kinnen hie, net de nar sûnder lêst
en lytsens." (side 143).
Wat moat men dan? De wrâld nochris op ‘e nekke
nimme? Nee, it wize antwurd jout it neikommende sitaat út Oerfeart:
“En fierder moatte wy
alles mar oan ús bern oerlitte, dy wurde hoe langer hoe
goochemer.”
Ik tankje jim foar jim oandacht.

Harkje nei Eric Hoekstra oer it
wurk fan Aggie van der Meer. Opnommen fan Mercuriusrtv. |