| |
POËZIJ/FOTOGRAFY PROJEKT FAN KEUNSTWURK (Farsk, 9 juny) Keunstwurk yn Ljouwert hat tolve Fryske dichters frege om in gedicht te skriuwen oer in plak yn it Fryske lânskip, dêr’t se persoanlike oantinkens oan hawwe. In tal fotografen sil dêr foto’s by meitsje. De foto’s sille útstald wurde yn Tresoar yn it ramt fan de manifestaasje Noorderlicht. Dy útstalling iepenet op 8 septimber. Foto’s en fersen wurde publisearre yn it septimbernûmer fan De Moanne. Yn de tiid fan de útstalling wurdt ek in bustocht organisearre by de oanbelangjende lokaasjes del, dêr’t de gedichten troch de dichters sels foardroegen wurde. De dielnimmende dichters binne Pier Boorsma, Eppie Dam, Eeltsje Hettinga, Tsjêbbe Hettinga, Arjan Hut, Elmar Kuiper, Remco Kuiper, Aggie van der Meer, Margryt Poortstra, Janneke Spoelstra, Abe de Vries en Matty de Vries. Fjouwer jonge fotografen: Ida Buijs, Susanne Sikkema, Jason Stuurhaan en Wynolt Visser sille de fersen fisualisearje. It gedicht is dêrby de persoanlike optyk dy’t oerset of ynterpretearre wurde moat yn in ‘fotografyske blik’.
|