|
‘As tinken in lústerjen is/ nei it sprekken fan taal’, skriuwt de dichter Abe de Vries yn it gedicht ‘Wat him sizze lit’, ‘en dichtsjen it foar-sizzen/ fan it ûnbekende,// dan tink ik oan myn taal/ lykas de fûkehifker oan ‘e Ried/ grien-griis as by Winaam./ Ik tink oan har lykas/ in fûgelfanger oan syn faam,/ in snieman oan snie.’ Dat binne ynkringende regels, dy’t yn al harren direktens en ienfâld in wrâldbyld likegoed as in trochtochte opfetting oer de poëzij oproppe. Dat wrâldbyld en dy opfetting, sa docht hieltyd bliken yn de bondel In waarm wek altyd, binne kompleks en se trilje steefêst fan trochlibbenens. Mar it knappe is dat dy rykdom, dy djipgong, him hieltyd manifestearret yn skerp útsniene bylden, yn formulearrings dy’t út it hert fan de poëzijlêzer samar reitsje. Dat hat te krijen, binne wy fan betinken, mei it raffinemint fan syn bylden en ferlikings. Sjoch mar nei dat earste sitaat: de dichter wol it oer syn poëtika hawwe, mar hy docht dat yn termen fan de lanlikste fan de beroppen. Hy ferliket syn oangelegenheden mei dy fan de jagers en de fiskers, dy’t sûnt minskeheugenis de werklikheid sûnder in swym fan poëtikale bekommernis yn ‘e mjitte komme. It dichterskip, liket hy te sizzen, moat it ha fan de ienfâld en direktens fan de tradysje, ek no of ek no noch, no’t it plak fan de dichter nei de marzje fan de âlde ambachten ferdreaun is en de taal yn syn sizzenskrêft algeduerich oanfretten en fersliten liket te wurden yn in oerweldigjend gebrûk. De dichter hechtet him oan ienfâld en oarspronklikens, sûnder te kiezen voor wrâldfremdens. Dat is bysûnder, want by sekuer lêzen en op ‘en nij lêzen komt in hieltyd rikere wrâld yn de poëzij fan Abe de Vries. Hjir is immen oan it wurd dy’t syn klassieken ken, de Fryske poëzij likegoed as de poëzij fan fier dêrbûten, mar ek immen dy’t syn wrâld ken, teminsten syn part fan de wrâld, Europa, en de skiednis dêrfan. En dat sjongt allegearre mei yn wat hy skriuwt. Hy libbet yn in werklikheid dêr’t de rike, hast ûnbegrinzge romte en de delslach fan de skiednis blykber ûnûnderbrutsen yn syn bewustwêzen oanwêzich binne. Hy rint er sels tsjin oan. Syn tinken en dichtsjen, dat is in algeduerich lústerjen nei taal, taal fan de foarigen, taal fan de oaren. Syn dichtsjen is in werompraten, each yn each mei it frjemde, it oare, it eardere, sûnder fierders ek mar in momint nostalgysk te wurden en fan de aktualiteit te ferfrjemdzjen. ‘... Taal, flijd ûnder loften,/ hiem foar fûgelkloften, dy’t foar’t de jûn/ falt, draacht de tsjoen fan strofen.’, skriuwt hy. Yn dy taal libbet hy, de dichter. De taal núnderet yn ’e holle en makket him, krekt omdat hy in dichter is, hast ûnfersteanber: hy sukkelet ommers om mei ‘in foar-sizzen fan it ûnbekende’. Dat ûnbekende komt hy begearich yn ‘e mjitte, want de dichter is net wurch te krijen en lit him net intimidearje. Hy reizget in protte yn dizze bondel, hy is algeduerich ûnderweis, benammen yn de lannen fan Sintraal-Europa en de Balkan, lannen dy’t oant no ta, noch net sa botte lang lyn ôfsletten fan tiid en wiffens efter in Izeren Gerdyn leine. Hy nimt ús mei nei Srebrenica, ‘de sulverstêd’, nei East-Sileezje, yn Poalen, nei Moraavje, nei Ostrava oan de Tsjechysk-Poalske grins. Njonken it feit dat it ta de ferbylding sprekkende plakken foar him binne, binne it ek nijsgjirrige plakken dy’t foar de dichter wichtich binne om goed bewust syn boarnen fan ynspiraasje te sykjen en te kiezen. ‘Marcus Aurelius syn Canuntum foarby’, giet hy, ‘de streken fan Marcomanni ferlitten,/ dûk ik op yn it lân fan Aquincum./ In rivier oan tiid...’ Syn trajekt oer de kaart en troch it wrâlddiel hat in kultuerhistoaryske diminsje, de motiven foar syn reis kenne ek it ferlet fan konfrontaasje. Wêrom’t dat bereizgjen fan dy wat eksoatyske oarden sa nijsgjirrich is, wêrom’t sawol dat sykjen as de kar foar krekt dy plakken neffens ús safolle sjen litte fan de wiere motiven foar dat dichterskip, sille wy jo sadaliks út ’e doeken dwaan. Yn it foarste plak is it wichtich om op te merken, dat it him net om dat eksoatyske op himsels giet: hy is gjin toerist op ‘e flecht foar de gewoane slinger fan it al te fertroude. Sjoch mar, dêr rint hy troch Amsterdam, ‘twa dagen foar Krysttyd 2003’ of giet hy, yn deselde stêd, nei in feestje yn in hûs oan de Keizersgracht. ‘De lange wei nei Lauwerseach’ komt him krekt sa heimsinnich en as alles ferklearjend foar as ‘de dyk nei Ostrava’, of ‘wyt Moravië’. Dat syn hert lykwols leit by dy streken dy’t oant fyftjin jier lyn efter it Izeren Gerdyn leine, ôfslûten fan de fûle ferwurding, is, wy suggerearren it al, dat seit in soad oer de motiven fan dit dichterskip. Wa’t dy gebieten ken, ken ek de bysûndere sensaasje om sa te sizzen yn in tiidmasine telâne te kommen, sadree’t er dêr reizget. Dêr hat, benammen op it plattelân, de tiid sa’t it liket in heale ieu stilstien: wa’t der yn komt, stapt troch in wek yn ’e tiid de skiednis yn. It is in tema dat de dichter fassinearet. Dat komt trochdat hy dêr safolle skiednis oantreft en trochdat hy dêr in ferbân mei besiket te finen. Yn Bratislava ‘bou ik algeduerich myn nije brêge’, skriuwt hy, mar ‘Tûzen kear komt de floed en reaget// tûzen kear myn bouwurk om.’ Rekkenje der mar op dat wy ‘Hee do’, dêr’t dy regels út komme , èk as in poëtikaal gedicht lêze moatte . De heimsinnige, spoekeftige lûden yn ‘Hotel Maria’ yn Ostrava binne likegoed de gewoane lûden fan in hûs fan dizze tiid as tagelyk dy fan it ferline en fan de yn himsels stammerjende dichter. ‘Gjin wurd te hearren, mar protte praat/ ynmitsele yn ‘e muorren’, skriuwt hy, ‘Heger of leger lûkt immen in ferline troch’. It konkrete en it poëtikale, de fêststelling en de refleksje binne hjir yn inoar ferfrissele: it ien kin net sûnder it oar. Dat de dichter dêr dy fiere kontreien foar opsiket, dat jout net de trochslach, sa docht bliken. ‘Yn gigantyske skuorren/ steanen trekkers te ferrustkjen’, skriuwt hy yn ‘De fuortgang’, en dan binne wy in hiel stik tichter by hûs, by ‘jimme Kiestra’s, Kalma’s, Sierksma’s,/ goed of fout doedestiids,/ it is wer winter in Fryslân’. De iisbaan fan Winaam priket him likefolle as de wiffe rivieren fan Sintraal-Europa. It is wol dúdlik, dat der wat misgien is yn it ferline en dat krekt dat wat net doocht, de dichter dwaande hâldt. ‘’t Stjelpdak ynstoarten’ ... ‘By ’t simmer/ rabbet heech raaigers oer de muorren’ ... ‘Ald krûpt/ in winterwyn nei de doar, lette post waait/ nei de útbrânde sleat’ ... ‘In púnfal oan in/ paad dat dearint.’, it binne stik foar stik bylden út in gedicht dat ‘Ferhaal helje’ hjit. En dêr is it om te dwaan, om rekkenskip te jaan en rekkenskip ôf te twingen. Syn poëtika hat te krijen mei in gefoel fan ferantwurding en in gefoel fan ferantwurdlikheid. Tink mar net dat hy allinnich mar efteromsjocht, in nostalgikus. De ferlieding leit mar al te happich op ‘e loer, de romantisearring fan taal en romte yn it koesterjen fan de oantinkens. Mar it opmerklijke oan Abe de Vries syn taal en byldetaal is no krekt dat hy midden yn de notiid stiet. Der komme sms-kes foar yn syn gedichten, no ja, se komme net binnen, dêr giet it krekt om: ‘...Gjin sms-ke/ op myn mobyl en dea de tillefoan...’ Hy skriuwt in bûtengewoan ryk en oarspronklik Frysk, mar foar lienwurden is hy likemin bang as foar ferwizings nei popmuzyk en film. Ut dat alles docht in soarte fan oansteklik dichterlike wissens bliken, somtiden op it útdaagjende ôf. It snijt in protte yn In waarm wek altyd. Dat die it ek al yn De weromkommer yn it ûnlân, de earste bondel van Abe de Vries, de bondel dêr’t hy yn 2002 as dichter debutearre. Dat is net sûnder reden. De troch snie bedutsen wrâld sjocht der, yn alle gefallen op de earste dei fan de snie, as nij út, as in ûnbeskreaun blêd. Tagelyk makket al dat monogrome wyt de wrâld fan it iene op it oare stuit grutter. It sil dúdlik wêze wêrom at dy besnijde wrâld him sa oansprekt. Efkes hat de wrâld syn skiednis bedutsen - en dat nota bene mei it wyt dat derom raast om beskreaun te wurden. Hij wol der fuortdaliks op ôf, ‘Achter in Frysk faem op redens oan/ tôgje ik de wrâld út, hâld skoft// by sinesappelbikinys op it basalt/ ûnder Sandór-Petőfi-brêge’, hopsakee, yn ien drokte fan de iisbaan yn Winaam nei Boedapest, om’t hy in pin en in poëtyske ferbylding ta syn foldwaan hat. Dat is skitterjend. De dichter beseft dat de wrâld fan hjoeddei lytser wurden is, mar hy besiket dy troch syn taal wer grutter te meitsjen. It giet derom dat hy yn in saneamde ûnttovere wrâld romte makket foar it mytyske fan de ûnderfining, sûnder derby yn in berneftich byleauwe of ôfwaaid praat oer skientme en de yllúzjes fan de literatuer te ferfallen. Hy hat yn ‘e gaten dat alle waarnimming, alle ûnderfining, in transsendint momint hat. Dêrtroch hawwe syn gedichten de strangens fan de filosofy èn de beswarrende krêft fan it ritueel. Hy ferbynt skerpsinnigens fan opmerkingsfermogen en in drang nei sekuer formulearjen mei in faiblesse foar muzyk. It tinkt en it sjongt yn dy gedichten. Dêrtroch wint de pragmatyk it fan de semantyk, men moat neitinke, mar tagelyk wurdt men meinommen yn in stimming, in gemoedstastân. De taal slacht werom. Der wurdt, stelden wy ûnder ús berie fêst, in soad, in opfallend soad goede poëzij skreaun yn de hjoeddeistige Fryske literatuer. Wy hawwe de rispinge fan in tal jierren sekuer besjoen en besprutsen, al wie it mar om nei te gean oft wy ús net op it no, it opfallende sukses fan in hiele generaasje jonge of betreklik jonge Fryske dichters, ek bûten Fryslân en ek yn wichtige media, blyn stoarre hawwe en dêrtroch in fergetten âlder talint fersleauke hawwe soene. Mar de jongerein hat wûn, de renêssânse yn de Fryske poëzij dêr’t sa faak nei ferwiisd wurdt is net allinne in media-barren, dy renêssânse is ek in feit. Wy hiene sûnder muoite fiif dichters en harren wurk nominearje kinnen foar de Gysbert Japicxpriis 2005 en de bekroaning fan elk fan harren soe op goede grûnen te ferdigenjen west ha. Mar it dichterskip fan Abe de Vries, mear yn it bysûnder syn bondel In waarm wek altyd, stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan ‘e hjoeddeiske Fryske poëzij dat wy him unanym en mei in protte nocht en wille foar de Gysbert Japicxpriis 2005 foardrage. De sjuery, Klaas van der Hoek Jitske Kingma Michaël Zeeman, foarsitter Amsterdam, Ljouwert, Rome, augustus 2005 |