|
|
Hakan Jörder
MANNA
‘Hy hat moai sprutsen, fine jo ek
net?’
‘Prachtich. Dit moat noait wer, sei er. In wier
wurd.’
‘Ja. En dat de slachtoffers noait by ús
wei binne, dat wie al sa moai sein.’
‘No! It is alle jierren wer like yndrukwekkend, fyn
ik.’
‘Myn namme is Durksen. Us heit hat noch yn it
ferset sitten.’
‘Eabeltsje Reitsma, goeie! Libbet jo heit ek
noch?’
‘Nee, ús heit is oarlochsslachtoffer. Hy
is yn ‘e neidagen fan ‘e oarloch omkaam.’
‘Al dy dappere minsken dy’t har libben
foar ús frijheid jûn ha, wat is it wat. Hoe is jo
heit stoarn?’
‘By in operaasje yn ‘e hongerwinter.
Operaasje Manna. Wolris fan heard?’
‘Nee, al dy details wit ik net. Wat wie dat,
operaasje Mannen?’
‘Topgeheim. In operaasje fan ‘e
loftmacht.’
‘Jo heit wie piloat?’
‘Hy wie op ‘e grûn
operasjoneel.’
Gerrit Durksen senior spuide der net yn. Yn ‘e
maitiid fan 1945 hied er Ludwig in bêst steal jonge jenever
ôfluze mei pokerjen. Gerrit hie altyd in kaart ekstra yn
‘e mouwe, wat syn maten sa njonkelytsen wol wisten, mar dat
sljochtwei soldatefolk út it poepelân fansels noch
net. It wie goed besjoen in die fan ferset, want dy Ludwig bleau in
mof, al wie it ek noch sa’n noflike kearel. Tagelyk hie
Ludwig foar Gerrit en syn húshâlding in strinkje
droege woarst meinaam, dat op ‘e lêst hie Gerrit
Ludwig mar útnoege om de flesse tegearre soldaat te
meitsjen. Se hienen yn ‘e sleatswâl in smout hoekje
socht en sieten dêr no mei folle romers neistinoar tusken de
blomkes.
‘Proost! Op de eind fan ‘e oorlog, oude
mof!’
‘Prost, Gerrit! Auf den Frieden!’
‘Heb je nog wat de vrouw gehoord?’
‘Schon Wochen nicht mehr. Aber lass uns lieber
nicht darüber reden.’
‘Best jong. Hee, kunnen Otto en jij me morgen wel
even helpen met het brugje voorhuis?’
‘Klar, wenns Otto auch passt, warum nicht? Ist das
Geländer wieder abgekommen?’
‘Nee, deze reis is de barte naar beppes kelder, of
hoe je dat ook zegt.’
‘Was ist nach wessen Keller?’
En wylst Gerrit Durksen en Ludwig Herzog fierder petearken en de flesse
leech makken, fleach Lewis Duke mei in spesjale tastimming fan
‘e Wehrmacht it Nederlânske loftrom yn. Oan board
hied er diskear gjin bommen, mar pakken mei bôle, woarst en
sûkelarje, foar de hongerjende ynwenners fan Noard- en
Súd-Hollân.
‘Take that!’ rôp er,
doe’t er in bocht makke boppe in stil stik greide. Hy drukte
op ‘e knop en seach fernoege hoe’t achter him in
rige fan grutte pakken har wei nei de ierde ta fûnen.
‘Ich muss kurz mal
pinkeln,’ sei Ludwig. Mei ûnfêste fuotten
skeanbille er in eintsje fierderop. De flesse wie hast leech. Gerrit
seach him slûch nei en krôke.
Wat in drokte, tocht er. Ik hear no alwer in motor. As dy frekte
oarloch foarby is, gean ik sa gau mooglik werom nei Fryslân.
Allegeduerigen dy fleanmasinen. Ho ris, fleanmasinen? Hy krabbele
oerein en betocht doe dat er al yn ‘e sleatswâl lei
en dat der nergens yn ‘e omkriten mear ferdek te finen wie as
hjir. Doe sette er de flesse oan ‘e lippen om it
lêste flutske derút te nimmen. It swiere pak mei
iterij drukte him de hals fan ‘e jeneverflesse yn ien kear de
strôt yn. It slagge Ludwig net om Gerrit allinnich
ûnder it swiere pak wei te krijen.
‘Operaasje Mannen,’ sei
Eabeltsje Reitsma. ‘Wie dat mei dy oanslach op dy iene mei
dat snorke? Jo moatte my der ris wat mear oer fertelle.’
Gerrit Durksen junior beseach it frommeske neist him ris oandachtich en
knikte doe.
‘Ik ha thús noch in fleske jenever te
stean,’ seid er.
|