|
Albertina Soepboer
PAAD Ien is kaam hjoed en hat mei in grutte spuit izer yn ’e loft blaasd. Hy rint yn ’e achtertún en sjocht omheech. It waarme en losse sân kribelet ûnder de fuotten. Fan ’e moarn betiid is de wyn lizzen gien. No wurdt it hyt en sil it boppe de heuvels trilje. Sokke saken is er wis fan. Net wa’t al dat griis yn ’e loft spuite hat. Der is ek gjinien om soks te freegjen. Olla is fuort en hy sjocht nei de reade swimbroek dy’t se him jûn hat. Oait joech se him sokke saken doe’t de romte tusken de wolken noch foar it grutste part fan ’e tiid gewoan blau wie. Se hat de tinte as earste omheech. Victor sjocht har freegjend oan at de lêste hjerring yn ’e grûn sit. Se suchtet. Hy wiist nei de sliepsek, mar se wol net sliepe. Se is net wurch fan twa dagen op ’e achterbank sitte. Peter is noch dwaande mei de stokken fan syn tinte en Victor sit neist him. Har fingers kruse inoar at se nei de loft sjocht, dy’t hjir fan nuver griis is. De hytte leit as in wiete tekken om har hinne. Se wol allinne wêze. De frou yn it hûs fan Olla hat nachthier. Dat kin er wol. Hy hat earder sok hier sjoen. Olla sei dat har famylje fan in waarm en fier plak kaam wie. Dat siet har yn it bloed. Bloed. Hy huveret at er dêr oan tinkt. No sjocht de frou him oan. De eagen binne fan in nuver soart brúngriis. Se sjocht nei him mei dy eagen, as de loft fan fan ’e moarn. De jonge is sa tin dat se skrikt. Se tinkt oan skerpe ierkes en lytse brekken ûnder de hûd. Se wist net dat jonges sa tin wêze koenen. It makket har kjel. In lytse stien dy’t wjerleas op it wetter omdobberet en dan fersûpt. Se wit net wêrom’t se de lêste tiid sa gau gûlt, mar de triennen falle hastich op de flier. De jonge sjocht har noch altyd oan. Hy wit it net. It wurdt tsjuster en donker hier kinst dan net goed sjen. Mar se moat de nije suster fan Olla wêze. Se sjongt it liet fan Olla. It fielt drôvich en alle wurden dy’t se foar him songen hie, doe, doe’t de loft noch blauwer wie, al dy wurden falle no teplak. Nuver, se sjongt it liet en hy tinkt oan fûgels dy’t sirkels meitsje foar’t se fuortgean. Guon fûgels binne sa. Hy hapt nei lucht. Hy wit wol dat Olla net werom komt. It is kâld bûten. Ut de heuvels komme slanters dize, as spaghetti. De skiep sitte wer yn har stiennen hok. De sinneblommen binne tichtgien. Gjinien wol ommers in moanne wurde. Hy sil nei hûs ta. At se wer sjocht, is de jonge fuort en is it bûten hielendal tsjuster. De twa wite pannen op tafel stekke skerp tsjin de nacht ôf. Se wol wat sizze. Se sjocht it, hoe’t it wêze kin, yn dy lege ytkeamer. Se wol oanskowe, ite en dan tinkt se oan Victor. It byld skoot stadich in oare kant út. Der is gjin jûnsmiel. Victor en Peter drinke no it bier op en sille dalik ergens om in broadsje woarst. Der is likemin in reden foar sulveren bestek. Mar se komt oerein en rint de keuken yn. Ergens yn in kastje fynt se in blik tomatesop en in pear lusifers. Se leppelet de panne leech en suchtet dan. It is net kâld. Dat is it net. Se bringt de panne nei de keuken ta en fynt dan in doar. No is er in hazze. Hy draaft troch it ôfkuolle sân as in hazze. Hy wit hoe hurd at hazzen drave kinne. It sân bliuwt as in tinne, wiete waas oan de fuotsoalen hingjen. Hy lit sa syn spoaren nei. Mar wat jout dat. Hy kin einleas drave. Einleas. Dan rûkt er it. Mem is al begûn mei pankoekbakke. Mar hy hat gjin honger mear. In drôvich gefoel sit yn ’e mage, as in seurende âlde muoike. Hy is te grut om te skriemen. Hy is in hazze, in einleas dravende hazze. Se sjocht nei de muorre yn ’e wenkeamer. De frou op it skilderij rint in paad del. Brune beammen, hast swarte skaden en yn ’e fierte leit in fyn ljochtblauwe loft. It is tear as spinreach. As oft ien har op de wang tutet. Yn ’e hoeke is in lytse - o - skildere. Se tinkt oan de sjippe, it wetter oer de fingers en dan dy tút. It is genôch. Se rint nei bûten ta, pakt yn ’e lege tún har tas en rint dan it paad del. |