|
|
Ulke Brolsma
PALMTÛKEN EN KRIICH YN CORDOBA
Swalkje troch Súd-Amearika
Peaske
Juster seach ik hjir yn Cordoba in kardinaal mei in ploechje folk efter
him oan. Net sa’n protte, in beskieden hapke leauwigen. Sy
allegearre mei palmtûken yn de hân en hy mei syn miter op
de holle. It is Palmsnein. Hy is op wei nei syn wurkplak: de katedraal.
Ik bin der efkes efteroan rûn om te sjen hoe’t soks hjir
tagiet. Hy moai yn syn poarperen klean mei sa’n pyplyts
mûtske fan deselde kleur. Doe’t er de hannen omheech stuts
en begûn mei: ‘oremus’ fûn ik it tiid om him
mar allinnich te litten mei syn eigen folk.
Peaske yn Argentinië soe fansels ek wat wêze foar
ús prinses Maxima. De Semana Santa is hjir in grut
famyljebarren. Se soe op besite kine by de âld heit dy’t ik
hjir fan ‘e wike noch op de TV seach. yn it selskip fan diktator
en moardner Videla. Oft it ferstannich is om op reis te gean nei it
heitelân? Ik soe it har net riede. Nee, se kin wol op Schiphol de
loft yn sûnder swierrichheden, mar by Buenos Aires is it net wis
oft it fleantúch de lanningsbaan hellet. De radar fan fleanfjild
Eseisa doocht fan gjin kanten. Is âld, kadúk, hâldt
der samar mei op. Fan ‘e wike foel it hiele radioferkear mei de
fleantugen út. Wolkom yn Argentinië, se hawwe der altyd wol
in ferrassing foar je klear. Je moatte der net oan tinke: Maxima
dêr sa boppe yn de loft, gjin radar dy’t har mear fine kin,
har piloat soe it noch mei de radio besykje kinne. Mar dy is der
miskien ek net mear. Wat er dan bart? Ja, in oare troanopfolger. En dat
allegearre om´t it net doocht by dat ferdomde fleanfjild.
Twa jier lyn wie it hjir ek al sa´n gedonder by
datselde fleanfjild. Sûnder beswier passearren 50 koffers mei
kokaïne alle kontrôles.De ôfstjoerder? De soan fan de
kommandant fan it fleanfjild. Presidint Kirchner hat ûndertusken
in nije radar besteld, mar dy is der noch net. Dus Maxima, bliuw mar
efkes yn Wassenaar.
Maxima kin út dat Wassenaar wol fan alles dwaan foar de
minsken hjir. Der binne yn it noardeasten sa’n 65.000 op
‘e rin foar it hege wetter. Se binne alles kwyt. It reint
dêr oan ien ein troch. Maxima kin moai wat berneklean fan har
Amalia en Alexi nei Argentinië stjoere. Der wurdt hjir oeral al
klean ynsammele foar de flechtlingen. Sa´n keninklik
oranjebroekje of jurkje, wat soe soks dochs moai wêze.
De diktatuer
It binne slimme tiden. Presidint Kirchner wie hjir yn Cordoba foar de
betinking fan de militêre kûp. Yn de streamende rein hat er
yn in taspraak fjouwer rjuchters fan it Hof fan Kassaasje
útskolden. Der binne 160 helpers fan de diktatoer
feroardiele. Minsken dy’t meiholpen hawwe 30.000 minsken te
fermoardzjen en noch hiel wat mear te marteljen. Alle 160 binne yn
berop gien. En dat duorret no al jierren. It Hof docht neat. Kirchner
hat se it mannewaar oansein. Oft it helpt?
Yn dyselde taspraak hat er ek noch in ek generaal, haad fan in
konsentraasjekamp yn Cordoba, útskolden foar Cobarde, lafferik.
It proses tsjin dy man duorret ek al jierren. Mei sa´n
presidint hawwe je wille. Doe’t ik him twa jier lyn foar it earst
op de tillevysje seach, wie it feest. Hy stuts syn finger de loft yn en
rôp: ‘Neuk op!´ Soe Balkenende dat ek kinne?
Las Malvinas
Hjoed moat ik hjir wat hoeden operearje. It is 25 jier lyn datt it
dappere Argentijnske leger de Falklandeilannen besette. Falkland,
ik doar it hjir net lûdop te sizzen. Yn it Ingelsk prate, is it
ferstannich? Falklandeilannen, hjir kinne se allinnich mar Las
Malvinas. En Las Malvinas hearre by Argentinië, sa
ienfâldich is dat.
Dy oanfal fan de Argentijnen op de Falklandeilannen wie fansels
in spul fan neat. Sa´n lyts Ingelsk garnizoen ferslaan is maklik.
Dat de Ingelsken mei in hiele fleat werom komme soene, dêr hiene
se net oan tocht. Fan ’e moarn wie it de grutte betinking op it
plein by de katedraal. Foar de katedraal oer stiet in lange rige
militêren yn it gelid. Moaie gewearen mei bajonetten der op. Der
is ek in part yn unifoarmen sa as myn oeroerpake Hessel oan hie op wei
om de Belgen yn elkoar te slaan.
‘Nuestre Malvinas,’ ropt in sprekker dramatysk.
‘Se binne fan ús, se bliuwe fan ús.’ Hy neamt
de mear as 600 ‘titanen’ dy’t omkommen binne yn
de striid tsjin it perfide Albion. De boargemaster fan Cordoba komt der
oan, in moaie santiger. Hy stapt foar in mikrofoan en sprekt de
soldaten ta:’Buenos dias!’ It hiele leger ropt werom:
‘Buenos dias’. We kinne begjinne. Tsjin de jonge soldaten
oer steane de âld-striders. Ik rin der wat tusken troch. Fjouwer
televysjestasjons binne drok dwaande om dizze helden te ynterviewen.
Guon rinne heal yn legerklean, oaren binne yn boarger mei op it T-shirt
in pear medailles. Se sjogge hjir maten werom út dy tiid. Se
krûpe mekoar hast oan. Der binne bernsbern, froulju dy’t by
dizze helden hearre. De helden fan in kriich dy’t se sa
ôfgryslik ferlern hawwe. En it begjin fan ‘e ein fan de
militêre diktatuer.
Alta Gracia
Twa jier lyn begûn ik op Farsk mei in wykboek Argentinië. Ik
bin no werom yn Alta Gracia. In moai momint om mei dit wykboek te
stopjen, de sirkel is hast rûn. Myn earste stik gie oe Alta
Gracia, it plak dêr’t Che Guevara oant syn sechtjinde
wenne, en de komponist Manuel de Falla stoar. Sa’n plak hat wol
wat. Twa jier lyn hongen oeral buorden mei: Alta Gracia, Centro del
Mundo. It sintrum fan de wrâld en dat foar sa´n lyts
snotplakje. Mar ja, gemeentebestjoeren binne ta alles yn steat as
it der om giet harren sels grut te meitsjen. Dat boerd sjoch ik nearne
mear. Binne se wat beskiedener wurden? Hawwe se trochkrigen dat in plak
dêr’t sels gjin ansichtkaart fan bestiet, it mei wat minder
ek wol dwaan kin?
Alta Gracia leit yn de provinsje Cordoba. Yn de simmer,
jannewaris, febrewaris, is it yn dy provinsje smoardrok mei toeristen.
Der binne plakken, doarpen, stedsjes, dy’t hast hielendal fan dy
twa moannen besteane. Oeral is it folboud mei simmerhúskes
en hotels. Underweis fan Mendoza nei Cordoba kamen we lâns dy
plakken. In protte húskes sitte ticht en hotels binne
slúten, de simmerfakânsje is foarby, de skoallen krekt wer
begûn. Sokke plakken hawwe wat deads, it libben is der út.
Alta Gracia hat dêr gjin lest fan. Der binne gjin kampeminten mei
simmerhúskes. De toeristen dy´t der komme hawwe mar in
pear doelen: it wenhûs fan de famylje Guevara, it stjerhûs
fan Manuell de Falla en de Estancia Jesuitica: in kleaster mei tsjerke
dêr’t in 30 Jezuïten hûnderten slaven oan it
wurk hâlden. Ik woe wol ris sjen hoe’t it hûs fan
‘Ernestito’ der no by stiet. Der is wat feroare. Op it
terras sit in lyts jonkje fan in jier of acht. Hiel echt, mar wol fan
brûns. Der is ek in nije plakette yn brûns op de muorre,
fan twa ferneamde toeristen dy’t hjir yn 2006 op besite kamen:
Chaves, presidint fan Fenezuela en Fidel Castro.
Foar in ferhaal yn De Moanne oer it hûs fan de
Gueavara’s ynterviewde ik de filmmakker Luis Altamira. De man hie
fan alles útsocht oer de bernejierren fan Che. Syn maten
út dy tiid interviewd en der in film fan makke. Hy krige der
prizen foar en it regear stjoerde him in brief dat syn film fan
nasjonaal belang wie. Hy krige hope dat der noch fan alles barre
soe. Nije films en wit ik wat mear. Hy is noch in pear kear
ôfreizge nei Barcelona en Italië.
En no? Twa jier letter? Hy hat it net bêst. Stiet alle dagen
tsjin de Estancia Jesuitica oer mei in kreamke, dêrop in lyts
televyzjeskerm en in stapeltsje dvd’s mei syn film. Mei noch hiel
wat hannelers wachtet er op de bussen mei toeristen foar de Estancia,
Che en De Falla. Hy draait de hiele dei syn film oer Che. Hy docht syn
bêst, dy dvd moat him troch it libben skuorre. Doe’t ik mei
him prate, hie er o sa’n hope dat er noch fan alles berikke soe.
En no?
Ana
We binne ek yn Alta Gracia om freondin Ana op te sykjen. Ana hat
my twa jier lyn twa wiken lang alle dagen Spaanske les jûn. Se
wie learares Ingelsk, mar hat it no ta direkteur fan in skoalle skopt.
Soks is moai, mar it plak is fier fuort. Se moat der moarns om acht
oere wêze. Dat betsjut om healwei seizen yn de bus sitte. En
jûns jout se yn Alta Gracia ek noch les op twa ferskillende
skoallen. It is hjir hurd wurkjen yn Argentinië. De salarissen
binne leech en it libben djoer. Foar de Argentijnen dan. Net foar
ús.
We sille in dei mei nei de skoalle. Dizze kear yn de auto. En we
hoege ek net sa ferrekte betiid, mei tank oan de burokrasy. Ana moat
moarns yn Alta Gracia in hiele bulte papieren ynleverje by de
Inspekteur fan it Underwiis. Dy kontrolearret alles wat sy docht. En sa
kin sy wat letter. Moai al dy regels.
It is in lyts plakje, warskôget Ana ús. Doe’t sy er
de earste kear kaam, wie se wat te drinken gien mei in pear minsken fan
de skoalle.
‘Wer is hjir de haadstrjitte?’frege se.
‘Der binne we no,’ wie it andert.
De skoalle stiet oan in wei sûnder ferhurding. Ien part is
hûndert jier âld en in oar part wat nijer. Ana nimt
ús mei nei de direkteurskeamer. In lyts hokje mei in buro, twa
krukjes foar ús en derefter in grutte standert mei de
Argentijnske flagge. Ana hie ferline jier 160.000 pesos fan de
provinsje krige om it gebou oan te pakken. Alles wie moai oan it wurk,
doe’t de provinsje samar stoppe mei beteljen. No is de skoalle
mar foar de helte te brûken. Klassen fan fyftich learlingen binne
normaal. Der is in protte ûnfrede, sawol by learlingen as by de
leararen.
De learlingen krije yn dizze gebouwen earst trije jier algemien
ûnderwiis en de lêste twa jier kinne se in fak kieze.
Elektrisien, timmerman ensfh.
De skoalle hat in grutte keuken, dêr’t trije froulju it
iten foar de bern klearmeitsje. Foar de earme bern is it iten foar
neat. De rikeren meie betelje. Hoe’t de provinsje deroer beskikt?
De learlingen wurdt frege oft se in mobyl hawwe, is der thús in
televyzje, hawwe se in dvd? Je kinne wol riede, de dvd-besitters krije
gjin hap om neat.
We wurde meinommen nei in klasse mei sa’n fyftich jonges
en famkes fan sa’n jier of fjirtjin. Allegearre yn grutte blauwe
jassen. Dat is normaal yn Argentinië. Alle skoallebern moatte soks
hawwe. Der binne ek hiel wat skuollen mei in eigen unifoarm. Al dy
blauwen hawwe krekt Ingelske les. Wy komme der yn en ja, it is in
bytsje Artis. Mar no sitte wy efter de traaljes.
Ien jonge fleant oerein en set twa stuollen foar ús
klear. Se wolle mei ús prate. Dat wolle wy ek graach. Oer
tweintich menuten sille we werom komme. Yn dy tiid, mar dat wisten wy
doe noch net, binne der in hiel stel dy’t fragen betinke en se
opskriuwe yn it Ingelsk. As we werom komme steande der twa stuollen
foar yn de klasse klear. De Ingelske learares stelt ús foar. En
dan begjint it. Se binne o sa nijsgjirrich, wolle fan alles witte, oer
drankgebrûk, oer marihuana, wat we dogge. De klasse wurdt hieltyd
entûsjaster. De bel giet foar it frije skoft. Der is gjinien
dy’t fuort rint, se wolle prate, prate. Op it lêst is it
ôfrun. Ik meitsje foto’s fan de klasse. We nimme
ôfskie.
As we dy middeis werom sille mei de bus, Ana moat noch wurkje,
is it by is busstasjon fol mei learlingen út krekt dy klasse. Se
groetsje, laitsje, komme op ús ta. As we yn de bus sitte en
fuortride, stiet der in hiele ploech te swaaien nei dy frjemden
út sa’n fier lân.
Nei in wike stappe we wer op út Alta Gracia. Oft we der
ea wer komme? Oft der ea wer in wykboek Argentinië komt? Ik wit it
net. Mar wol dat ik der no mei ophâld. Nei trije moanne Farsk haw
ik echt fakânsje: noch oardel moanne.
Yn Argentinië.
|