|
|
Ate Grypstra
DWYLSIN, IN MINDERKE
“Dus at ik it goed begryp woenen jo wolris wat
oars?”
It lytse mantsje dat tsjinoer de yntersedint fan it
útstjoerburo sit, knikt.
“En jo hawwe jo ek al ynskreaun by it arbeidsburo?”
Wer in knikje.
“O nee, wy moatte op ’t heden CWI sizze, no?
‘Centrum voor Werkzoekende Individuelen’... Wat in
namme, net? See-wee-y, hoe komme se derby? Haha... Mar goed, ik ha my
fertelle litten dat de Stjerliken deselde ôfkoarting
brûke. It bekt foar gjin meter, fyn ik. Wat tinke jo
derfan?”
It keardeltsje lûkt ris oan ’e skouders.
“Och...”
“No, ik fyn ’t mar neat. Jo moasten ris witte
hoefolle jild der tsjinoan goaid is om dat logo te fernijen en sa. Mar
goed, wy sille fierder mei jo ynskriuwing. Ris efkes sjen...
‘Naam: Peke W. Doele’, sjoch ik hjir op jo y-dee.
Wêr stiet dy ‘W’ foar, at ik freegje
mei?”
“Willow...nei in fiere neef yn Albion.”
“Albion? Jawis, dêr ha we hast allegear famylje
sitten, no? Ik ha trouwens ek in soad famylje en kunde yn ’e
Skandinavyske lannen. Mar goed, jo fêst ek... Willow, dus.
‘Leeftijd: 934.’ Goh, ik hie jo wol in jier as
santich jonger hân. Jo dogge fêst in protte oan
sport, as net?”
“Och... ik haw altyd in protte omrinne moatten. Meastal troch
ûnherberchsum terrein.”
“Hmm... gjin fêst wenplak, sjoch ik...”
“Altyd ûnderweis, hin? Comes with the job...”
“Ja, ja, fansels. Mar it is foar ús wol sa maklik
om in postadres te hawwen.”
“By de yngong fan it moerasgebiet stiet in ferfallen
hutsje...”
“Mja... dat soe earst wol efkes kinne. Wy soenen de post wol
ergens by ien fan ’e grêven ferstopje kinne.
Dêr komt dochs net in harsens. De Stjerliken tinke dat it der
spoeket. En jou se ris ûngelyk! Haha... Mar ik soe jo
oanriede om wol sa gau mooglik in fêst adres te finen, hear.
Dat komt better oer op in takomstige wurkjouwer. No, ris sjen.
‘Reden inschrijving’. Hienen jo al sein, hin? Jo
woenen wolris wat oars. Ik meitsje der wol fan: ‘zoekt nieuwe
uitdaging’. Klinkt folle better, as net?”
“Ja... bêst genôch.”
“Dat tocht ik! No, wurkerfaring kinne we it aanst wol efkes
oer ha. Earst mar even dit. ‘Gewenste betrekking’.
Wêr sieten jo oan te tinken?”
“Tsja... ik... eh... hoe sil ik it ris sizze? Ik...
eh...”
De knûstige yntersedint dopet syn nagelnije guozzefear hjoed
foar de safolste kear yn ’e inketpot en hy knikt syn
kliïnt bemoedigjend ta.
“No ja... ik... eh... de toeristyske sektor like my wol wat
ta...”
Efkes giet der in boarstelige wynbrau omheech. “O? En dan
tochten jo oan in baan as...?”
“Ehm... no... eh... ik soe graach reislieder wurde
wolle...”
Twa boarstelige wynbrauwen yn ’e hichte. De guozzefear ploft
yn ’e inketpot en de yntersedint lit him mei in sucht
efteroer falle. Syn ikehouten stoel kreaket. Der falt in stilte fan twa
sekonden, dy’t wol twa oeren lykje.
“Mar bêste hear Doele... dat miene jo dochs
net?!”
“Jawis al... oars soe ’k it net sizze!”
”Mar dat is dochs gewoan... ferjou my it wurd...
dwylsin!”
It lytse fintsje spat oerein. Yn in eachwink stiet er op it swiere
ikehouten buro en hy tikket per ûngelok it inketpotsje om.
Mei in pear grutte, gleone eagen sjocht er de yntersedint oan. Dy
begjint foeterjend de inket op te fegen mei syn lang, rûch
burd.
“No, no, no... sa moatte wy net, hear Doele. Gean asjeblyft
wer efkes rêstich sitten. Ferdoarje! Myn moaie nije
guozzefear hielendal oan barbysjes...”
Mei in sierlike salto efteroer bedarret it mantsje wer op syn stoel. Hy
slacht de earms oerinoar en stoarret grimmitich foar him út.
“Sa, no is de measte troep wol wer oan ’e
kant,” seit de yntersedint, nei’t er syn burd boppe
de kladdekoer útwrongen hat. “Sa sjogge jo mar
wer: in ûngelok leit op in lyts plakje. No noch efkes wat nij
skriuwark út it laad... soa, wêr wienen we ek mar
wer? O ja... reislieder. Hoe komme jo dêr sa by?”
De kliïnt bliuwt noch in tel stúmsk foar him
útsjen. Dan lûkt er oan ‘e skouders en
seit: “No ja, ik haw in soad ûnderfining. Ik kom all
over the place, sis mar. Ik soe toeristen hiel wat
ûnbekende plakjes sjen litte kinne. En boppedat haw ik...
tsja, hoe sil ik it ris sizze?... in soad
oertsjûgingskrêft. At der reizen ferkocht of
oansmard wurde moatte, dan bin ik dêr krekt de man foar. Der
binne net in protte minsken dy’t ‘nee’
tsjin my sizze kinne...”
De yntersedint fimelt wat mei it ynskriuwperkamint om. Hy sucht.
“Nee... dat leau ik graach, hear Doele. Mar goed, no efkes
sûnder gekheid.... Hjir kinne wy as útstjoerburo
fansels net oan begjinne. Ik kin yn jo gefal wier net
‘reisleider’ by ‘gewenste
betrekking’ ynfolje...”
“Hoedat sa?”
“Hear Doele, kom op no... Jo? In reislieder? Der is gjin
reisorganisaasje dy’t jo ha wol!”
”En wêrom dan wol net?! It soe je reinste
diskriminaasje wêze!”
“Ach wol nee, man! Ik soe mysels ek wol tsien kear betinke
foardat ik mei jo op reis gean soe...”
It mantsje komt stadich oerein. Syn eagen spuie fjoer. “Smoar
der dan ek mar yn!” byt er de yntersedint ta.
“Goed... at jo sa wolle, dan hâldt it hjir op, hear
Doele... oant sjen!”
It keardeltsje raamt syn swarte jas fan ’e kapstok en
lûkt him gau oan. Hy skuort de ikehouten doar iepen en digert
nei bûten ta. It begjint al te skimerjen. Hy hellet in
lantearne ûnder de lange jas wei en blaast der oerhinne mei
syn fjoerige azem. Der begjint in spoekeftich blau ljochtsje yn
’e lampe om te dûnsjen. It lytse mantsje sjocht op
’e nij nei de tsjustere loft en hy glimket lilkaardich. Dan
draait er him noch ien kear om en seit:
“Ja... oant sjen, freon dwerch. Oant hiel gau!”
|