|
|
Hidde Boersma
LJOCHTKNOPKE
De nije bondel Hollânske gedichten fan ‘e Pionier,
dy’t earder ris fungearre as manager fan ús Fryske
dichters, waard presintearre yn ’t skriuwershol Perdu te
Amsterdam. Populêr is er, de Pionier. Myn heit, de ‘Imammie
fan Wiuwert’, en ik hiene reservearje moatten. Dat hiene we net
ferwachte. De rigel wachtwurden om binnen te kommen wie: ‘Mijn
vader is speciaal uit Friesland komen rijden.’ Nei ‘t ik se
(foar de twadde kear) útsprutsen hie, sei de smelle
útsmiter: ‘Oké, roep je vader maar, jullie mogen
naar binnen.’
De jûn waard presintearre troch twa Peter van Vosses, se
kamen fan Zeeuws-Vlaanderen, dy’t de ferhalen fan ‘e
bruorren Klinkhamer as in reade trie troch de rige performers
riuwden. It is no ienkear sa; ús Pionier bliuwt foar
‘bûtenlanners’ gewoan in Fryske boerelul. Op in
stuit, doe’t in lytse singersongwriter júst mei
syn earste ferske út ein sette woe en de snaren fan syn gitaar
noch kwalik rekke hie, sprongen ynienen de ûngesellige lampen
oan. Faak sit it ljochtknopke fan in romte nêst de yngong, dat
elkenien seach dy kant út. Dêr line in lange fint mei in
swarte sturt, dy’t ik as in bekende skriuwer weromkoe, tsjin
‘e muorre. Tagelyk mei de hollen dy’t harren yn syn
rjochting draaiden, besefte er, dat hy net alinne tsjin ‘e muorre
line, mar ek tsjin it ljochtknopke. Noch foar it ljocht alhiel
oansprongen wie, drukte er it knopke nochris yn. Underwilens gie de
muzikant rêstich fierder, lykas de jûn.
It knopke hie lykwols net alinne ljocht tewei brocht, mar brocht
ek myn tinzen by eat dat my noch bystie. Wylst ik dêr tusken it
literêre folk stie te flippen fan it lange stean, kaam my de
Brede Leadjitter yn ’t sin. Dy siet ris, doe’t er sintrale
ferwaarming oanlei yn it hûs dat ik hierde fan ‘e Don op
Klompen, yn myn stoel in sigaretsje te smoken. Ik kaam doe thús
fan in lullich útstjoerbaantsje, en dêr siet er deastil yn
in rûnkringeljend wolkje reek. It wie lykwols de twadde kear dat
er ûnferwachte yn myn keamer siet. De foarige kear hie er mei syn
freondinne west.
Syn hân en earm sieten hast folslein yn ’t gips.
‘Hoi,’ sei ik.‘Do hjirre!? Wat hast oan dyn
earm?’ Hy tilde syn earm achteleas op.
‘O’, sei er, ‘Dy hat dy ferdomde junk
brutsen.’ Hy die my it hiele ferhaal út ‘e doeken.
Hy en de ‘ferdomde junk’ hiene al in konflikt, en hy hie
him al in pak rammel jûn. No hie de junk him revansjearre. Syn
mem hie de Leadjitter strûkelje litten mei har kuierstok en doe
hie de junk him de fingers brutsen. Likernôch siet syn earm oant
en mei de earmtakke yn ’t gips. Lange fingers.
De Leadjitter fertelde ek noch in oar ferhaal. Ik wit net krekt
mear wat dêrfan de oanlieding wie, mar goed, somtiden fertelle je
inoar mar wat. Wy, de Leadjitter en ik, koene it oars goed pratende
hâlde. It ferhaal bin ik yn alle gefal net fergetten. Mei syn
freondinne wie de Leadjitter nei in optreden fan in band dy’t sy
graach sjen woe. Hy gie dêr graach mei har hinne. De kears dat er
har meinommen hie, koe ‘k wol sjen dat se wiis mei inoar wiene.
Se stiene earne oan ‘e kant te genietsjen fan ‘e muzyk en
de goede sfear. Op in stuit sprong it ljocht oan. ‘En even letter
gie it wer út,’ fertelde de Leadjitter, ‘Mar net
lang dêrnei gie it wer oan, en ek wer út.’ En dat
barde nochris, en nochris. De Leadjitter en syn freondinne hiene it der
tegearre noch even oer hân hoe frjemd dat wie. Dêrnei line
sy wer tsjin ‘e muorre. En wer skeat it ljocht oan. Se snapten
der neat fan.
Ynienen kamen der twa útsmiters op ‘e Leadjitter ta. Se giene lilk foar him stean.
‘Waarom doe je steeds het licht aan en uit!?’
rôpen se. Mar hy wist der neat fan. Se liuwden him net, en fregen
him nochris wêrom’t er sa ferfelend wie. Mar dat wie er
hielendal net. Hy stie te genietsjen fan muzyk! Wat mienden dy lju wol
net, him sa te beskuldigjen! Dat, hy sloech se lyk foar de bek.
|