|
|
Hidde Boersma
READ
Juster wie ik by de Stapper. It wie in soarte fan sikebesite, want hy hie de jûns derfoar oan ’t sûpen west. Mar hy sette de flessen Jupiler op ‘e tafel. Op ‘e skoarstienmantel lei in talisman oan in stikje tou. Dy hie er krigen fan in Yndyske astrolooch. ‘En ik heb ‘m nog gedragen ook!’
Deselde astrolooch rûn ik koartlyn ek tsjin ‘t liif. Dat wie yn ‘e winkelstrjitte yn ’t sintrum fan Utert. Ik hie krekt in kommentaar op it Bibelboek Matteüs kopieard yn ‘e iepenbiere biblioteek oan ‘e âlde grêft. It sin wie goed as it waar, en dêr stie er, de astrolooch. In kreaze Yndyske jonge fan myn leeftiid. Hy groete my en gie fuort los oer myn stjerren, yn ’t Ingelsk mei in perfekt Yndysk aksint.
‘You are strong,’ sei er. Dat klonk goed. In stoere kop hie er.
‘But,’ sei er, en hy liet in stilte falle as in klusterbom, ‘You are not in balance,’ sei er streng, en hy seach my oan as in geastútdriuwer. Hy wie oertsjûge, en oertsjûge my. Ik begûn te wankeljen, de moed ûntglipte my as in geast út ‘e flesse. Alde skuorren brutsen myn pleisterwurk.
‘You are strong,’ sei er nochris, ‘but your body is not in good shape. It is not in balance with your mind. Therefore you can not do what you want to do.’ Ik fielde it ek. Ferdomme, sei ik by mysels, wêrom wurd ik sa slop. Ik seach him fertwifele oan. Niiskrekt lake myn hert noch.
‘It is because of the constellation of the stars at this time.’ Dat skeelde, it lei him net oan my.
‘But,’ sei er wer mei klam, ‘in november three good things will happen to you.’
‘That sounds good,’ besocht ik dapper te klinken. Ik woe him op ‘e skouders slaan en útnaaie, mar ik bleau stean.
‘You have to be carefull. Two people are really jealous of you.’ Wa! Wa! Ferdomme!
‘Come,’ sei er, ‘let’s go to a quiet place.’ Hy gie my foarút in sydstrjitte yn. Ik folge wylst ik yn gedachten de skouders ophelle. As er earne in wenhûs yn gean woe, soe ik net meigean, tocht ik, mar in kroech koe gjin kwea.
‘I am in close contact with the God,’ sei er. Wa wit.
Hy gie in kaffee yn, en ik folge. No fûn ik it net leuk mear. Ik liet my bewust bedonderje, mar ik woe it ek meimeitsje. We giene efteryn ‘t kaffee sitten, dêr’t nimmen siet. Ik hie myn nocht, en fielde my in loser. Ik trille yn myn búk.
De astrolooch siet skean neist my. Hy seach der streng en krêftich út. Ik wie yn syn macht, mar ek wer net. Leaver as dit konsult soe ik gewoan in petear mei him fiere. No kaam er mei syn trukedoaze. Ut ‘e binnenbûse fan syn jas helle er in pinne en in lyts stevich etui mei easters motyf op it kaft. Ik moast myn namme en bertedatum op in briefke skriuwe. Ik twifele, mar die it as in marionettepoppe. Dêrnei eamele hy, sa no en dan in wurd opskriuwend, wat oer de stjerren. De stjerren boppe it plafond, de earste, twadde en tredde ferdjipping, it dak, de wolkens en it deiljocht.
Efter in elastyk yn it etui stutsen in stik as wat lytse briefkes. Hy naam der ien út en skreau der eat op, makke der in propke fan en joech dat oan my. Dat moast ik yn myn fûst hâlde. Hy woe myn hân sjen. Myn fingers trillen in bytsje. It konsult wie in fernedering. Ut myn each krabbele er in wurd op it oare briefke, en dêrnei lei er syn tomme derop.
‘You miss a color, which color.’ ‘Red,’ sei ik. Doe moast ik myn tomme op sines lizze.
‘Which color?’ frege er.
‘Red.’
Sûnder wat te sizzen helle er syn tomme oan ‘e kant, der stie ‘red’. Knap wurk. Hy seach my oan as oft ik in lytsleauwige wie.
Hy jeuzele noch wat, en klapte doe it wiersizzersetui iepen.
‘Put the paper there.’ Ik liet it propke yn ’t etui falle.
‘Put the money there.’
‘What!?’
‘Put the money there’, sei er nochris, en hy makke der in ûngeduldige en twingjende beweging mei syn holle by.
‘I don’t give you anything!’ sei ik. Hy like te skrikken, en skode op syn stoel. ‘I do something for you, and then you give something back,’ sei er as oft dat in universele wet wie.
‘I give nothing for this,’ sei ik, ‘but you can have a cup of coffee, if you like.’
‘No, it is not that I need money or food or so.’ Hy sloech it etui ticht, en kaam oerein. We seine ‘bye’, en hy gie. Ik gie ek.
Hy stie stil, krekt bûten oer de drompel. Ik stapte om him hinne, en seach om nei syn gesicht.
It like oft er him oplade foar syn folgjend slachtoffer. ‘Have a nice day,’ sei ik, en ik rûn de wrâld wer yn.
Nei’t ik de Stapper dêr ferslach fan dien hie, sei er dat hy de jonge ek moete hie. Trije kertier hie er mei him yn in kafee sitten. De atrolooch hie sawol in kleur, in blommesoart, as in sifer goed red. Dochs knap.
Hy woe der hûndert euro foar ha. De Stapper joech him tsien, en krige in talisman. In trochsnee langwerpige kraal. Thús hat er der in stikje tou oan makke, en it in tiid om syn nekke hân.
|