|
|
Henk Wolf
DE FIVER YN IT FOSSEPARKJE
Gean jûns noait allinnich nei it Fosseparkje yn Ljouwert. En as it heal kin, bliuw der dan helendal mar wei. It doocht der net. Al lange jierren net mear. Bewize kin ik net, mar neffens my is it allegear begûn op de dei dat dat jonkje yn ’e fiver foel. As it my net mist, hite er fan Joast Tichelaar. Sokssawat wie it yn alle gefal. Der hat, leau ’k, neat fan yn ’e kranten stien, alteast net yn ’e Ljouwerter, omdat elk tocht dat it allegear goed beteard wie. En wat reden hienen se ek om oars te tinken? Wêr’t ik it oer ha? Ja, dat is miskien net sa maklik nei te kommen ast net by it parkje yn ’e buert wenne hast.
Ik wol leauwe dat it yn 1970 wie, doe foel dy Joast - ik bin noch heeltyd net wis fan de namme, mar sa sil ik him tenei mar neame - doe foel dy Joast dus fan ’e kant yn de fiver yn it Fosseparkje. Hy sil doe in jier as fiif, seis west ha, in pear jier âlder as ik. Us mem koe it jonkje wol en it wie wat in aparten ien, sei se. In stillen. Hy sloech hast alle middeis allinne yn dat park om. Unferantwurdlik fan syn âldelju, woe ús mem ha, en as ik rekkenje dat er dy deis yn it wetter fallen is, moat ik har wol gelyk jaan. Hawar, Joast foel yn it wetter en as it der net botte djip wie, hy rekke yn wat fertiisd en slagge net op eigen krêft wer boppe wetter. In âldman mei in hûn hie sjoen hoe’t Joast yn de fiver foel en net wer foar it ljocht kaam, en hy rôp yn panyk om help, te âld en te krebintich om sels wat te ûndernimmen. Al by al moat it tsien minuten oant in kertier duorre ha ear’t der ien by wie, in frommeske dat ûnderwilens net mear ûnder ús is. Se helle Joast út it wetter en joech him lucht út har eigen longen. No bin ik net in dokter, mar ik ha wol begrepen dat de libbenskânsen nei sa’n skoft ûnder wetter hast nul binne en as it lichem der al troch skuort, dat it brein dan wol sa skansearre is, dat je net folle minskliks mear ha. Dat wist dy âldman ek, mar it frommeske hie der gjin aan fan hoe lang oft Joast ûnder west hie en sy wie dan ek allinne mar ferromme doe’t dy al gau de eagen wer opsloech en justjes letter yn ’e ambulânse mei in swak lûd sels al wer wat sei.
As Joast al in singelier fintsje wie, nei syn ferbliuw yn it sikehûs waard er noch aparter. Mar wol oars as oars. Hied er foarhinne stil en dreamerich like, no waard er drok en wreed. Ja, wreed, dat wurd brûkte ús mem. Net in wurd dat je ornaris foar lytse bern brûke. Dy binne gauris wat ûnnoazel en ûnhannich en dogge oare bern en bisten dêrtroch wolris wee. Mar neffens ús mem fong Joast yn it Fosseparkje mollen en einen en jonge poeskes, dy’t er, as er miende dat net ien seach, mei syn bûsmeske de eagen útstuts, dan mei kennis fan saken in slachier trochsnie en war die om mei it fuortspuitsjende bloed in sa heech mooglike fontein te meitsjen. Dêrnei fersûpte er de bistjes yn de fiver, altyd op itselde plak dêr’t er sels fan ’e kant fallen wie. Skoften letter is der ris in berntsje yn de fiver fûn, fersûpt, mei de eagen útstutsen en mei trochsniene polzen. De plysje hat der mei man en macht oer teset west, mar se ha noait in spoar fine kind, en ús mem hie wol in fertinking, mar dy hat se noait fierder brocht as de iterstafel.
Wat der fan Joast wurden is, wit ik net. Ik wit al dat er op in stuit fuort wie. Syn heit en mem wienen tegearre dea rekke by in aaklik ûngemak. De motor fan harren folkswein kever wie yn de garaazje ûntploft doe’t se fuortride soenen. Joast syn suske hie der ek by yn sitten. Joast wie doe in jier as tsien. Ik nim oan dat er dêrnei nei in gastgesin of in tehûs gongen is. Of wacht, no’t ik der eefkes oer prakkesearje, mien ik hast dat er fierder troch in omke en tante oarnsje yn ’e greidhoeke grut makke is. Doe’t er fuort wie, ferdwûnen der lykwols noch geregeld lytse húsdieren dêr by it Fosseparkje om, en op in stuit wie it sa fier dat je al wisten hoe let oft it wie as je minsken mei sloppe knibbels nei dat iene hoekje yn de fiver rinnen seagen om te sjen oft harren Poeke, Bijke of Lorre dêr ek lei. Dat te faak yndied it gefal wie. De lju praten der oars net gau oer, mar elk wist dat je in fermist dier earst mar ris yn dat grûnige hoekje wetter sykje moesten. Ik tink dat dy wittenskip yn de kroegen nei in pear moedborrels wol trochjûn waard, mar wis bin ik der net fan, om’t ik doe noch te jong wie om nei de kroech ta.
In jier as fyftjin ferlyn hat de gemeente de hele poel ris droechlein, sabeare yn ferbân mei in renovaasje, mar de ferantwurdlike amtner wenne sels ek yn ús wyk en hie al trije jonge poeskes ferlern. Dat wie ek yn de tiid dat Liesbeth Klintstra, dy’t by riten wat mear seach as oare minsken, fertelde dat der yn it Fosseparkje in ûnbegryplik soad deaden reizgen - minsken dy’t nei har ferstjerren net troch koenen omdat se mei in reachfyn triedsje fêst sieten oan wat swarts yn dy fiver. Net allinne minsken oars, sei se, der wienen ek gâns dieren dy't dêr noch omhongen, en dat wie nuver, want se hie suver noait meimakke dat in dier net troch koe.
Doe’t de fiver droechlein wie, fûnen se op it plak dêr’t Joast hast ferdronken wie in tizeboel oan bonken yn ’e drits - meast fan bisten, mar ek fan minsken en sels fan bern. Der wie ien ridlik geef bonkerak by en dat siet bewuolle yn de resten fan in jongesjaske sa’t dat yn ’e jierren ’70 yn ’e moade west hie. Us mem hat altyd ha wollen dat it krekt sa’n jaske wie as dat Joast by syn ûngemak oan hân hie, mar dat kin oan har fantasy lizze. Alle bonken binne yn ’e wijde grûn fan dat begraafplakje by Snakkerbuorren bedobbe. Liesbeth fertelde dat dêrnei der gjin deaden mear yn it Fosseparkje omhongen, teminsten net mear as op oare plakken, en dat dyselden dy’t der noch al wienen, net oan sa’n rare swarte tried sieten.
Twa jier ferlyn wie ik in kear in wykein by de âldelju. Us mem seach wyt en sei ynearsten net folle. Nei iten joech se my de krante fan de deis tefoaren oer. Der stie in stikje yn oer it skeinen fan in grêf by Snakkerbuorren. In anonym massagrêf, stie der. It wie leechhelle. Ik tocht der lang oer nei en it hold my út de sliep, dat ik gong in slach om en wêrom oft ik it die, wit ik no noch net, mar ik rûn stil in man achternei dy’t yn it nachtlik tsjuster mei in grutte jiskepûde it Fosseparkje yn gong. Hy seach net op of om, stapte doelfêst nei dat hoekje wetter ta en skodde de ynhâld fan ’e sek yn it wetter. Ik skeat achter in beam en wachte. De man rûn werom oer it paad dat him dêr brocht hie en kaam justjes letter wer mei in jiskepûde oansetten. Hy moat my meiïnoar wol fiif, seis kear foarby rûn wêze en ik koe him goed sjen. In pear jier âlder as ik wied er, mei in hege foarholle, in ferbiten mûle ûnder in pear stoarjende eagen, en hy hie in donker pak oan.
Juster bin ik mei Liesbeth troch it park rûn. It tilde der wer op fan deade dieren, sei se, en der wie sels in bernesieltsje by. Krekt as earder sieten se mei in swarte tried fêst, dy’t nei it poelswetter ta fierde, nei krekt itselde plak as earder. Neitiid gongen wy efkes by ús mem-en-dy oan om in bakje kofje. Doe’t Liesbeth oan ús mem fertelde wat se sjoen hie, knikte dy en sei se dat der de lêste twa jier ek wer heeltyd bisten ferdwûnen, dat elk wist wêr’t er de lykjes fine koe en dat gjin mem lije woe dat har bern allinne yn it parkje boarte.
‘Net bang wurde, mem,’ sei ik, ‘mar twa jier ferlyn haw ik in jûn by jim slept, of dat woe ik, mar ik koe de sliep net earlik krije. Doe haw ik der noch even út west.’ Ik fertelde har oer de man mei it donkere pak en de stoarjende eagen en oer wat er dien hie. Echt skrikke die ús mem der net fan.
‘Dy komt hjir hast alle wiken wol in kear,’ sei se. ‘Se ha him al ris feroardiele foar dieremishanneling. Ik ha lêsten sels sjoen hoe’t er in fûgel de hals útsnie en him dêrnei ferdronk. En heel apart, alle kearen as ik him sjoch, hinget der in eintsje swart tou ta syn gulp út. It liket altyd hast strak te stean en it oare útein ferdwynt yn it wetter.’
Doe brimde ús heit. Hy hie him oant dan ta net mei it petear bemuoid. Earnstich seid er: ‘Dat seist sa faak en hast it my in pear kear oanwize wollen, mar ik ha dat eintsje tou noait sjoen, en myn eagen binne better as dines.’
‘Ta syn gulp út?’ frege Liesbeth, dy’t wyt wurden wie. ‘Dat is krekt as by dy deaden!’
‘Wat se dêr yn 1970, of wannear’t it wie, út it wetter fiske ha, wit ik net,’ sei ús heit. ‘Mar ik bin heel bang dat dy triedden dy’t jim sjogge allinne minsken fêsthâlde dy’t net folle minskliks mear ha.’
Ik bin der net oer út wat ik tinke moat fan ús heit syn opmerking en fan de nuvere dingen dy’t wy by dy fiver obstrewearre ha, mar doe’t ik fan ’e moarn wer sa’n A4’ke hingjen seach mei ‘Vermist: Friebel, zwarte kater met witte voetjes’, doe haw ik foargoed foar my naam dat ik noait noait noait wer in foet yn it Fosseparkje set.
*
|