|
|
Ulke Brolsma
WEROM YN BOEKAREST
(Ferfolch)
Ceausescu’s paleis
Der is ien plak yn Boekarest dêr’t je net oan ûntkomme kinne: it paleis fan Ceausescu. It op ien nei grutste gebou fan de wrâld. Ceausescu die mear as it bouwen fan in paleis foar himsels. Der moast ek in grutte nije allee komme mei oan de kanten flats, kantoaren, winkels en kafees. De allee is krekt 300 meter langer as de Champs Elysées. Oer alles is neitocht.
Sanda hat der noch nea west. Se hatet it gebou, se hatet de man dy’t it delset hat, se hatet it apparaat, de minsken, de party dy’t jierren de learze op de hals fan de Roemenen sette om dit doel te berikjen. In flink part fan Boekarest, âlde tsjerken en kleasters, is ôfbrutsen om plak te meitsjen foar dit wûnder.
Je komme der net samar yn. Oeral stiet personiel mei in soarte fan militêr unifoarm oan en je moatte troch in feilichheidspoarte. Se wolle witte oft je fan doel binne it gebou de loft yn te blazen. Wy komme troch de proef en steane dan mei in man as fyftich klear om it wûnder te sjen. Roemenen haatsje it gebou, mar binne der ek grutsk op. Se wolle it net witte, en dochs, je merke it faak genôch, dy stille grutskens.
De gids is in jongeman fan in jier as tweintich. Hy freget ús oft wy witte wêrom’t dit gebou bout is. Nimmen dy’t anderet, dêr wurdt hy dochs foar betelle. De yntreeprizen binne foar Roemeenske ferhâldingen heech. Wy wachtsje dus op syn útlis, mar it komt der net fan, krekt likemin as er wit wa’t it gebou ûntwurpen hat, wa’t de arsjitekt is. Wit er it net, of wol er it net witte? Neat fertelt er oer Ceausescu, allinnich dat dit paleis it op ien nei grutste gebou fan de wrâld is. Dat it hiele gebou hielendal yn de Roemeenske styl boud is. Op dat stuit steane we op it poadium fan in heal ferljocht teaterke. Dat poadium is net bedoeld om toaniel te spyljen, dêr is it ek fierstente lyts foar. Fan soks hie Ceausescu ek gjin ferlet. It is in poadium dêr’t in lieder de seal tasprekke kin. Dêrfoar is romte, mear is net nedich.
‘Wat is dan dy Roemeenske styl,’ freget sa’n bûtenlanner. De gids sjocht him ferbjustere oan, dêr hie er net op rekkene. ‘Alles is symmetrysk,’ en hy wiist de seal yn. ‘Dat is it spesjale fan de Roemeenske styl.’ Ja, der binne balkontsjes twa oan twa. It is helder hoe’t de styl fan dit lân der hinne leit. De man laket wat synysk en lit it der mar by. ‘Symmetrysk,’ hear ik him mompeljen, ‘in stik woarst yn twaën dan, is dat ek typysk Roemeenske styl?’
Alles is fan moarmer. De gongen, it lewant. ‘Allegearre makke yn Roemenië,’ seit gids Micha.
‘Sjoch dit is yn Dútske styl.’ We stappe fan de iene seal yn de oare. Enoarme tapiten lizze oeral. ‘Hjir makke, yn Roemenië.’
Dan falt de namme Ceausescu dochs in kear. ‘Wat woe dy man hjirmei?’ freget in bûtenlanner. ‘Hy hie wat kantoarromte nedich,’ is it andert fan de gids.
Oeral grutte kristallen luchters. Ik hoech it net mear te sizzen, jawol, makke yn Roemenië. Ik wol it net leauwe, moat efkes better sjen, mar it is wier. Al dy kroanluchters sitte fol mei sparlampen. Dêr is fansels neat op tsjin. Mar se binne allegearre in pear maten te grut, se kypje der út. Frjemd, dy lytse neonbuiskes yn al dat klitterjend spektakel fan kristal.
Der binne twa prachtige moarmeren treppens. De iene wie ornearre foar Nicolai Ceausescu en de oare foar syn frou Elena. Dan koene se tagelyk, elk apart, de trep delkomme. It hat net hielendal nei it sin west, want Ceausescu hat de treppen letter noch ris ôfbrekke litten en op ’e nij oerdien. Se moasten him goed sjen kinne.
Wy meie op it balkon dêr’t Ceausescu fan doel wie de massa ta te sprekken. It is der net mear fan kommen. De iennichste dy’t deryn slagge, is Michael Jackson. Hy stiet op it balkon. Foar him in útsinnige mannichte. Michael Jackson sil de Boekaresters tasprekke. Al dy Roemenen sjogge nei dat iene puntsje dêr op it balkon. En dan komt it, Michael Jackson docht in stap nei foaren, docht de mûle iepen. En wat heart Boekarest: ‘Hello Boedapest!’
Fontein mei liken
Yn de fierte sjoch ik fonteinen lizzen yn Ceausescu’s eigen Champs Elysées. Ea hat dêr in begraffenisplak west. De Ceausescu-mannen woenen wat opsjitte by de oanlis fan de fontein. As de grutte man de fontein mar seach wie it al goed. Al dy liken opromje, wêrom soene je. En sa kaam it dat op in dei, doe’t it wetter fleurich omheechskeat, de boaiem begûn te skuorren. Ynienen wienen se der wer hielendal by, dy deade Boekaresters. Sûnder harren op te twingen folden se moai it bassin fan de fontein: de deaden wienen hiel efkes tebek by de libbenen.
Yn in grutte ûntfangsthal hingje mânske skilderijen. Se binne fan grutte hjoeddeiske Roemeenske masters. It spyt my, ik kin se net. Utsein ien, hy hjit Sabin Balaşa. Us gids neamt him spesjaal, hy is sa ferneamd. Dat wie er ek al yn de tiid fan Ceausescu, dy’t o sa op him steld wie. En syn frou Elena hielendal. Hy skildere fan har in portret mei in soarte fan ‘halo’ om de holle hinne; de sirkel fan goud, dy’t oant dy tiid allinnich foar de hilligen fan de Roemeensk-ortodokse tsjerke ornearre wie. Elena krige yn 1989 wat kûgels yn it liif. Foar har wie it ôfrûn, mar net foar ús skilder. Hy kin it mei it nije regear bêst fine. Se jouwe him ek opdrachten, hy is oeral te sjen. Hy is krekt as it regear sels. De âlde kommunisten, de nomenklatuera, binne oeral wer op de belangrykste posten werom kommen. Dy generaasje hat it bewâld goed yn hannen en se helpe fansels famylje, soannen, dochters, neven en nichten ek oan moaie banen. Ik sjoch dy twa skilderijen en wit, dit is net samar wat keunst oan it lewant, nee, it is folle mear, it is ‘a state of mind’.
Famylje
Mear as hûndert jier hat myn skoanfamylje tahâlden yn in hûs oan de Strada Eminescu. Doe’t skoanmem stoar, hawwe wy, myn frou en dochter, in wike yn dat âlde hûs trochbrocht. Alles trochsykje. Der waard sein dat der jild en juwielen ferstoppe wienen. Wy hawwe alles neisocht, mar hienen hieltyd it idee dat er immen ús yn ’t foar west hie. Der kamen prachtige njoggentjinde-ieuske juwieledoaskes foar it ljocht. Se kamen út Parys en soks die ús it herte efkes wat hurder klopjen. Yn ien kear ryk? Alles siet op slot, mar in man mei in boar hie it allegearre samar iepen. Mar ja, de doaskes wienen leech.
Yn ien wike moasten wy beslisse wêr’t al dat guod hinne moast. En der is noch lân. Nei 1989 werom krigen, fiif hektare mei sipels, wat fiele we ús ryk. Sa yn Zaandam sille je dêr ek hiel wat oan ha. Der is mear, meubels, boeken, ik tink hast sa’n 5000 famyljekiekjes, klean, alles wat sa’n famylje yn hûndert jier by elkoar samle. It is hast allegearre yn Roemenië bleaun. Ek dy prachtige Thonet-meubels út 1890. Hoe dy nei Nederlân te krijen? We litte it mar.
We snije in skilderij fan oerbeppe Ecaterina út de liste, rôlje it yn in âld krante. Utfier is ferbean mar we wolle it dochs besykje. Op it fleanfjild sjoch ik op in kontrôle-kompjoeter it moaie byld fan sa’n Russysk gewear, in kalasjnikow. Der sil wat heve, tinke je, in oanslach, want wêrom nimme je oars sa’n gewear mei yn de koffer. Ik bin bliid, dan komt der wat ôflieding en kinne wy sa mei Ecaterina út 1880 fierder. De Roemenen bliuwe hiel rêstich, ik sjoch hieltyd nei it gewear en nei de rôle mei Ecaterina. Der bart neat, we kinne sa it fleantúch yn. Mei Ecaterina.
Sanda Marins ‘Carte de Bucate’
Flak foar’t we de doar fan it hûs yn de Strada Eminescu foar it lest, nei hûndert jier, op slot dogge, pakt myn frou in boek fan in kast. It is in itensiedersboek. Har âlden krigen it by har trouwen yn 1936: Carte de Bucate fan Sanda Marin. It wie yn Roemenië in klassyk boek, elkenien hie it yn ’e hûs. Yn de boekhannel sjoch ik in nij eksimplaar fan dizze ferneamde Carte de Bucate. Ik keapje it as kado foar thús, want it âlde boek hie wolris hjir en dêr in swak stee. Sa wisten je nea echt foar hoefolle minsken de resepten bedoeld wiene. Massa’s, dat koene je wol begripe, mar ek dêr is ûnderskie tusken.
Roemenië is nea sûnder Sanda Marin west. Ek yn de kommunistyske tiid ferskynden der edysjes fan it ferneamde boek. Se waarden hieltyd tinner en der feroare hiel wat. Se moasten wol, want it Ceausescu-rezjym hie hieltyd minder te iten foar it eigen folk. Oliven komme yn de âlde útjefte faak foar. Under it sosjalisme wie it dien mei de oliven, se ferdwûnen út it boek. Bûljon wie ek net mear te krijen of te meitsjen. Ynienen wiene der resepten mei wetter en brânnettels. It part fegetarysk waard hieltyd grutter, want oan fleis wie net te kommen. De nammen doogden ek net mear, ik bedoel al dy bûtenlânske nammen. Sa koene de minsken tinke dat der út it freeslike Westen hiel wat lekkers kaam. Soks te tinken doogde net. Sanda Marin traktearre har folk yn 1936 op Hollânske en Frânske sausen. Dat koe net. Hollânske en Frânske saus hieten no ynienen ‘Wite saus’, hiel moai neutraal. De ‘sauce bechamel’ koe ek net langer bestean en dan de Napoleontaart, wat in namme: fuort der mei. De ‘creme Bibescu’, o godskes, de Bibescus, dat wie yn fan de rykste famyljes út de âlde tiid. Sloegen it jild dertroch yn Paris. Proust lit se opdrave yn syn Recherche du temps perdu, Kees van Dongen portrettearre in prinsesse Bibesco. Sa’n namme moatte je kwyt, de ‘creme Bibescu’ waard ‘kastanjekrêm’. Taart Saint Honoré: in streep dertroch. Alles wat mar wize koe op in oar lân, de ferkearde rike minsken, se gienen der oan. Sanda Marins itensiedersboek waard in slachtfjild dêr’t it sosjalisme alles like te winnen. Mar de slach om it iten, it lekkere iten, dy wie yn it sosjalistyske Roemenië al lang ferlern.
Strada Eminescu
Ik rin de Strada Eminescu yn om it âld hûs werom te sjen, dêr’t ik myn skoanmem yn 1965 foar it earst moete, sûnder te witten dat ik har ea wer sjen soe. It wie simmer en ik krige te iten bûtendoar: framboazen yn in soarte likeur. Hearlik. ‘Ja, ús tsjinstfaam is der net, ik moat it sels bringe,’ ferûntskuldige se har.
Opskepper tocht ik doe, yn ditsoarte lannen ha je dôchs gjin personiel mear? Ik hie it mis, ek ûnder it kommunisme mochten je noch wol in tsjinstfaam ha. Mar net mear sa as yn de hite hij foar 1947, de kommunistyske ‘befrijing’. Pake, kolonel yn it Keninklik Roemeenske leger, hie in oppasser, skoansoan, myn takomstige skoanheit, majoar, hie ek al in soldaat om fan alles foar him te bestellen. En dan noch trije tsjinstfammen. It wie der ryk. De soldaten gienen der graach mei myn frou yn de bernewein op út, it park yn om sa ek nochris wat tsjinstfammen te moetsjen dy’t ek mei lytse bern oan de kuier wienen. Yn in lyts park, net sa fier fan de Strada Eminescu, hâlden de oppassers mei myn frou yn de wein alle moarnen manoeuvres mei as doel: hoe kom ik oan de praat mei de fammen. Dat is ek striid.
Nei 1947 koene de beide offisieren sa it leger út. Ik haw noch in moai foto album, dêr’t skoanheit op de foto stiet yn gala-unifoarm tagelyk mei in stel maten. It binne foto’s fan de dei dat se beëdige wurde. Ien plak yn it foto album is leech. Dat wie de foto dêr’t kening Carol de jonge luitenant felisitearret. Nei 1947 koe sa’n foto jo de kop koste.
Yn dit hûs oan de Strada Eminescu kaam de famylje, de dochters en soannen mei oanhang in pear kear yn de wike by elkoar. Dat diene se al foar de kommunistyske revolúsje yn 1947 en se giene der gewoan mei troch. Se kamen om te bridgen en te kletsen, neat mear. Mar sa tocht de Geheime Tsjinst der net oer. De famylje stie al hielendal ferkeard yn it boek: boergois, minder koe it hast net. It wie opfallend, dy gearkomsten in pear kear yn de wike. Wêrom sa faak, waard der wat úttocht, konspiraasje tsjin it nije regear, tsjin de boeren en arbeiders, dy’t it no foar it sizzen hiene? Se woene it witte. Op in jûn woe skoanheit efkes in rûntsje rinne. Yn ien kear pakke in pear man him op, triuwe him efter yn in auto en ride fuort. ‘Fertel, wat docht dy famylje, wat wolle se. Opstân, sabotaazje?’ Skoanheit Ion moat him der út rede. It wie wier, se woene neat, gjin opstân, no ja, kankerje op de nije tiid, dat fansels wol. Myn skoanheit hie in probleem: sit der miskien ek ôflústerapparatuer yn ’e hûs? Wat kin er wol sizze en wat net? It giet in tiid troch, dizze petearen sa efter yn de auto om de hoeke. Der komt neat fan, mar ja, hy doarst it nimmen te fertellen. Pas folle letter kaam er mei it ferhaal.
Je moasten o sa útsjen wat je seine. Buorlju wiene o sa gefaarlik. Dy sieten miskien de hiele dei wol te sjen wat der neist barde en brochten dan ‘rapport’ út oan de Securitate, de geheime tsjinst.. De famylje tocht dat de minsken by harren op de hoeke foar de Securitate wurken. Dat betsjutte dat se sa min mooglik bûtendoar kamen. Alles moast sa behindich mooglik. De angst dat der immen harren oanjûn soe. It koe maklik yn dy tiid. Wraak? Wa sil it sizze, yn alle gefallen kinne je buorrerûzjes sa moai beslikje. Se wiene o sa benaud dat der immen kaam mei it sizzen, jimme wente is te grut. Mei wat gelok krigen je der dan in arbeidersfamylje by.
It is in hûs dat hiel wat fertelle kin. Ik stean op de Strada Eminescu en loer troch it traaljehek. De nije eigners hawwe der in etaazje boppe-op set, dat is dúdlik.
Op it earste hûs oan de strjitte stiet de namme noch fan de bewenner. Ik haw him noch kind, dizze D’Agnese. De man, in omke fan myn frou, hy mocht de titel markys fiere. Mar soks koene je better litte yn dy tiid. It hûs leit der ferlitten by, ik wit dat er dea is. Miskien dat syn frou noch libbet. Ik bliuw mar stean, bin net fan doel te skiljen, ik haw ek net sa’n nocht oan petearen yn it Roemeensk, in taal dêr’t ik, ek nei 40 jier, mar in lyts part fan ferstean.
Op it hek sit net langer de lytse postbus foar myn skoanâlden. Doe’t myn skoanmem krekt stoarn wie haw ik de postbus iepen makke. Der siet ien kaart yn: fan myn dochter. Se skreau, beppe wurdt fluch wer better. Dy boadskip hat beppe net mear berikt.
Obor
‘Sa as jimme der by rinne, reitsje jimme alles sa kwyt,’ dy warskôging krije Sanda en ik by de útgong fan de Obor-merke. We hawwe dan it hele spektakel krekt besjoen, der ek noch iten en sille der no wer op út. De warskôging is wat te let, mar it sil wol kloppe. Obor is fanâlds ien fan de grutste merken fan Boekarest. Je kinne der alles fine oan iten en drinken. Soksoarte merken fine je oeral, it is net unyk, mar ik mei der graach komme. Minsken litte harren sûnder protest fotografearje, laitsje freonlik. Der is in restaurant yn de iepenloft. Se hawwe der mititei, in Roemeenske spesjaliteit, it binne woarstjes op in spiis. It fleis komt út de nekke fan de ko. Soksoarte woarstjes is yn ús lân hast net te krijen. Dêr yn Obor wurdt de mititei yn de iepen loft bret, je moatte der foar yn de rij stean.
Om ús hinne sitte minsken mei drôve gesichten. Der is in protte leed op de wrâld, dat gefoel komt hielendal oer je hinne as je sa om je hinne sjogge. Mar de mititei, of mici, sa as se it ôfkoartsje, binne wûnderlik lekker. As ik twa wiken werom bin yn Zaandam krij ik lêst fan de mage. Net samar wat lêst, freeslike dagen en nachten folgje. It duorret twa wiken mar dan is de feroarsaker fan dit leed ûntmaskere. By in laboratoarium fine se út dat in parasyt myn termen twa wiken op stelten set hat. Hy komt út East-Europa, seit myn húsdokter. Ik skriuw it Sanda. Miskien de mititei dêr yn Obor... ‘How dare you, ’ is it lilke andert. Nee, it kin net bestean, sokke freeslike parasiten yn Boekarest, ik haw it Roemeenske folk misledige, dat is dúdlik.
Der is noch in merke foar antyk. Ik bin der ek yn de kommunistyske tiid west. Minsken dy’t jild nedich hienen brochten der juwelen, meubels en oar guod. De riken fan foar 1947 wiene faak twongen om, wat se altyd sa moai fûnen, te ferkeapjen. Brea is dan mear wurch dan antyk.
Juwielen, glêzen, klokken, ûnderskiedingen, alles is der noch krekt as doe. In mânsk portret fan Lenin stiet yn de ferkeap. De man sjocht jin striidber temjitte. Lenin, yn oaljeferve, sa’t der by stiet, kostet 1000 euro. Portretten fan Ceausescu wurde je net gewaar, ik hie tocht dat hjir miskien noch wolris wat saken ek út dy tiid oan bod kamen, mar der is neat. It sit noch te djip.
It iennichste plak dêr’t ik Ceausescu wer moetsje is yn it museum fan de Roemeenske boer, ‘Muzeul Ţăranului Român’, it moaiste museum fan Roemenië sa as de Lonely Planet Guide skriuwt. It is wier. Yn dit gebou wie oant 1989 it museum fan de kommunistyske party. It is in mânsk gebou en dat wie yn dy tiid ek wol nedich om it folk fan boeren en arbeiders te fertellen hoe’t de kommunisten foar harren striden. Se koene dêr de ferhalen lêze oer de lieders dy’t opsluten waarden yn de keninklike finzenissen. Dan kamen harren froulju, fansels ek revolúsjonêren, nei de finzenis ta mei in kuorke iten om de man der wat trochhinne te helpen. No, dêr hawwe de lieders fan leard. Yn de kommunistyske tiid koene je net mear mei koerkes iten finzenen helpe. Dy mochten wol ferrekke. De nije lieders mei harren finzenisferline wisten hoe’t se sokke fouten foarkomme moasten. Harren tsjinstanners, de plotters fan in ‘boergeois opstân’, mochten krepearje. Neat gjin kuorkes. In moaie help dêr by wie de oanlis fan it Donau-kanaal. Tûzenen moasten der oan wurkje. Tûzenen binne der omkommen. Sa reitsje je dy reaksjonêre stjonkerts wol kwyt.
Foar dy prachtskiednis fan de Kommunistyske Party wie nei 1989 gjin plak mear. It sil noch wolris komme, mar no is it noch te ier.
Direkteur Horia Bernea, sels skilder, hat der yn dit gebou in wûnderbaarlik museum fan makke. De opstelling is prachtich, de objekten ek. It jout in oersjoch fan de kultuer fan de boeren yn Roemenië. Net allinnich fan de Roemenen, mar ek fan de minderheden: Dútsers en Hongaren. Mar de kommunisten binne net hielendal fuort út it eigen gebou. As je der yn komme giet der flak by de sintrale hal in trep nei de parterre, nei de toiletten. Dêr is in lytse romte. Op dat stee hingje wat memoralia út de kommunistyske tiid. Net in protte, mar dochs. Grutte portretten fan lieders út de fjirtiger en sechstiger jierren. As je dan sa op wei binne nei it huske, kinne je dy stoere koppen yn je opnimme. Ceausescu is der ek by, gjin skilderij, sa as de oaren, gjin staasjeportret. En der wiene yn syn tiid tsientûzenen fan, nee, de lieding fan it museum koe blykber net mear fine as in hiel lytse swart wyt foto. It is earne yn in hoekje ophongen. Je moatte der om sykje.
Ceausescu yn it foarportaal fan de wc. In moai plak.
Ut iten
As je by de skriuwster wenje fan in standertwurk oer de restaurants fan Boekarest kinne je fan tinken wol ha dat dizze gids ús dagen bepaald hat. Ik wol net seure oer al dat iten en drinken. Ek net wer oer Roemeenske parasiten. Foar ien restaurant meitsje ik in útsûndering: George Banat, GB. It moaie fan dit restaurant is, je kinne it net fine. Sanda moast it witte, sy hie der west om har ferhaal skriuwe te kinnen. Doe wie it restaurant net mear as in keuken efter yn in hûs mei twa tafels. Mar geweldich lekker, fertelde sy my. Us taksysjauffeur siket en siket, we ride strjitten yn, ride wer efterút, it falt net ta. It is der tsjuster, de strjitlampen jouwe net al tefolle ljocht. Dan steane we dochs foar in pear grutte, hege túndoarren. GB stiet der op. Neist it restaurant sit in grut sekshûs, in bordeel. Roemenen kombinearje soks moai. Earst lekker ite en dan in wip.
We wurde talitten, hienen ek skille dat we kamen. It wie der nochal feroare, yn de tún hie de eigner in foech sealtsje boud. Ja, sa’n boek kin wol helpe. Der sieten freonen fan Sanda, we klinke, begroetsje elkoar. ‘Dy man dêr,’ ik wit wa’t se bedoelt, in folle dikkert fan hast santich, mei in pafferich gesicht en wyt hier, ‘dat wie de moaiste man fan Boekarest,’ betrout se my ta. De man is skilder, krekt sa as Sanda. Se sieten op deselde Keunstakademy. Ik haw syn skilderijen yn in pear musea sjoen. De moaiste man, ik sjoch nochris en nochris om te sjen oft der noch wat werom te finen is. Ik kin my gjin foarstelling meitsje.
We krije wol in menu, mar der wurdt by sein dat we it bêst mar ite kinne wat de baas yn de holle hat: laam. It is ortodoksk peaske en dan rige se yn Roemenië alle lamkes oan it mes, tryst mar wol lekker. It wurdt dus laam.
Wy fertelle noch dat de taksysjauffeur it restaurant net fine koe, ‘Geweldich,’ seit de baas, ‘sa wolle wy it ek hâlde. De minsken dy’t hjir ite wolle, moatte der muoite foar dwaan.’
Werom yn ús lân haw ik it adres trochjûn oan immen dy’t ik ken. In man dy’t nei Boekarest soe. Hy hat der ek west. Itselde ferhaal, syn taksy koe GB ek net fine. Us Nederlanner skrok fan de donkere strjitten, de poarte dy’t net útnoeget en dan foaral it grutte sekshûs der neist. Hy tocht dat restaurant en sekshûs by elkoar hearden. Wat er oer my tocht hat? Oft ik op syk west hie nei dizze kombinaasje fan iten en seks? Ik haw it letter besocht út te lizzen. Oft er my leaut?
Wy tanken de gastfrou foar it lekker iten en mear fan datsoarte kompliminten. Sanda, as de auteur fan dat moaie boek, moast mei nei de keuken. Der waarden foto’s fan har en de kok makke.
Doe soe se betelje foar al dat geweldichs. It hoegde net, it wie fan it hûs!
Ut iten mei in skriuwer is fansels altyd al in foarrjocht. Yn Boekarest is it in feest!
Grizelich
As ik wer thús bin, sneup ik wat yn âlde spullen, myn argyf. No ja, argyf, myn eigen kreëare gaos. Ik haw altyd as gewoante hân om kaartsjes, briefkes, treinkaartsjes en sa yn in grutte doaze te goaien. Niks gjin plakboek, gewoan rotsoai. Mar soks is wol nijsgjirrich. Je komme faak dingen tsjin dy’t je al lang fergetten wiene.
De earste snein thús pak ik sa’n doaze. Ynienen dûkt der in kaartsje op. It is fan de VVV-Boekarest út 1965, fan de dei doe’t ik oankaam. Yn dy tiid wiene der noch gjin gidsen sa as de Lonely Planet of wat dan ek, je moasten it sels útsykje. Ik stappe moarns acht oere yn in taksy en sei ‘hotel’, soks begripe minsken wol. De taksysjauffeur ride mei my fan it iene hotel nei it oare. Hy rûn nei de baly en kaam hieltyd werom mei deselde boadskip: alles siet fol. Hy wist net mear wat er mei my oan moast en brocht my dêrom nei de VVV. Dêr soene se my wol helpe kinne, sei de man. Sa wie it ek, ik koe by in partikulier te plak. In frou efter de baly joech my in kaartsje mei it adres en it boadskip dat ik my dêr dyselde moarns om alve oere melde moast.
Dat kaartsje fûn ik op dy sneintemoarn werom. Nei ienenfjirtich jier. Ik wist net mear dat ik it hie, yn al die jierren haw ik it nea wer yn hannen hân.
Doe’t ik it lies krige ik in skok. It adres: Bulevardul Primul Mai. Yn dy strjitte wenne ik ek by Sanda. It nûmer fan de flat: 146. Sanda har flat hat nûmer 148. It binne twa identike flats. Lange gebouwen fan griis beton. Nei fjirtich jier bin ik ien blok op skood. Op wei nei Sanda’s flat kaam ik alle dagen lâns flat nr. 146. Der kaam neat by my op, gjin herkenning of wat dan ek. Dochs haw ik der trije, fjouwer dagen wenne.
Noch mear nuveraardichs.
Yn 1965 wenne ik op de fyfte etaazje, appartemint nr. 18.
Yn 2006 wenne ik op de fyfte etaazje, appartemint nr. 18.
De flats binne identyk, ien sliepkeamer, ien wenkeamer mei in keuken. Ik sliepte yn de wenkeamer. Doe ek. Ik leau net yn in ‘oare wrâld’ of heimsinnige krêften fan bûten. Mar soks? In boadskip?
‘Grizelich,’ sei Sanda.
En sa is it.
*
|