Willem Schoorstra

 

(fragmint út nij wurk)

Freeslik binne de buien dy’t Ake oerfalle, dagen, soms wikenlang. Hy wit net wêr’t se weikomme, mar se ferlamje him, meitsje him apatysk, ûntnimme de wil om wat fan betsjutting te dwaan. Hy heart it nijs en huveret, sjocht minsken troch strjitten paradearjen en griist; besiket de deistige dingen lykas wenst ôf te hanneljen, mar belibbet se net. Hy makket him der drok oer en waant him ferlern.
   Yn in reaksje docht er wat er al sa faak die: swalkje troch de stêd, bewende paden rinne om de ynertsje te ferbrekken, professor Ake te moetsjen en werom te kennen.
   Fan ’e kampus ôf stiet er foar de kar: tram, metro of bus. It storeint, der stiet in bol wyntsje; alles dat foarby rydt hat de lampen oan. Hy fernimt dat syn hier wiet wurdt, dat de wyn as de kâlde hân fan in minner ûnder syn jas krûpt, en it is him om’t even wat er dwaan sil. By einsluten lit er him liede troch in âlde frou dy’t in brune tas meitôget. Se praat lûdop tsjin harsels of tsjin ’e foarfaars, skimen dy’t swijend yn’ e storein tahâlde. Al redenearjend set se op ’e treppen fan ’e metro ta, en Ake folget har, ferromme dat se him it paad wiist. Har krûme rêch in beaken, kringt er troch de mannichte nei ûnderen, de healtsjustere hoale yn. Mei’t er it perron oprint komt it brûnzen lûd fan de Aristokraat him temjitte. It koper past by de ûndergrûnske sfear, jout it de alluere fan in heimsinnige en ferinnewearre jazzklup.
   Sûnder it each fan it frommeske ôf te hâlden, smyt er wat losse sinten yn ’e flambard fan de Aristokraat. Dy niget de holle, de grize kúf in loaie do. Gjin konversaasje dizze loop. Hy set in blues yn, wylst Ake yn de reesteande metro stapt.
   It slagget him net om deun neist har te kommen. Se stiet ynklamme tusken in grouwe neger en in Arabier yn in jurk. Hy sjocht hoe’t se in praatsje mei de lêste makket. De man sjocht har út ’e hichte oan, lûkt in pear kear freegjend en agitearre oan ’e skouders. Ferstiet de taal net, fansels. Ake fielt yrritaasje oanboazjen, in skuor yn it pânser fan apaty. It mislearjen fan de yntegraasje is it fallyt fan links, tinkt er, en net foar ’t earst.
   Nederlân en België libje yn in mearkewrâld. Se skeppe in bestean dêr’t konsepten en ideeën wichtiger binne as de werklikheid. En dy werklikheid is in Arabier, in moslim foar’t neist, dy’t it begryp yntegraasje net ken, taal en gewoantes heechmoedich fansiden skoot, griist fan ûnreine froulju dy’t him sûnder euvelmoed oansprekke. Hy fernimt dat de geast feardich wurdt. Skiednis hat er studearre, en foar syn earste kandidatuer keas er de stúdzjepunten Midsieuwen, Hjoeddeiske Perioade en Sosjology. Foar de twadde kandidatuer kaam dêr Sosjale Psychology en Befolkingsgeografy by. Net fuortendaliks in politike oriintaasje, mar wol genôch om him bewust te meitsjen fan fraachstikken dy’t foar de rest fan ’e maatskippij net bestiene. Nee, dat wie net wier. Okkerdeis hie yn ’e media in pamflet sirkulearre mei de titel De ûndergong fan Nederlân, skreau troch ien dy’t himsels Rasoen neamde. It stik warskôge foar de ynfloed fan ’e islam, no’t hieltyd mear moslims nei it Westen ta teagen. In ynferieure ferhanneling, striemin skreaun en fol twifelachtich Blut und Boden-sentimint. Faaks logysk dat it ferspijd en fuorthúnd waard. Dochs fûn Ake de reaksjes op it stik symptomatysk, om’t se foarby giene oan it feitlik boadskip. En dat kaam oerien mei syn eigen ûnderfinings. Nammentlik, dat de islam in kankerswolm yn it dochs al oantaaste lichem fan ’e Westerske maatskippij wie.
   Wylst er besiket om tichterby de frou mei de brune tas te kommen, tinkt er oan de tiid dat er mei Ylmaz omsloech. In Turk fan de twadde generaasje, dy’t nei gember en knyflok en fioeltsjes roek. Sels syn sperma smakke oars, hie wat oriëntaals, wat nutichs. Ylmaz wie moslim, lykas syn âldelju, hoewol’t Ake dêr neat fan fernaam as Ylmaz syn flewielen heuvels oanbea om it tsjuster Mekka binnen te kringen. De islam ken gjin homofily. Moslims ha in snor en binne matsjoo. Ylmaz fûn himsels ek gjin flikker; spriek oer beskate nigings, dêr’t er Allah foar oanrôp om him fan te ferlossen. En it leafst fluch, want heit wie al dwaande om yn Turkije in breid te sykjen. Yn al syn ferlyfdheid fûn Ake sa’n hâlding noch wol oandwaanlik, wurde der sels ekstra geil fan. Mar nei ferrin begûn it him te yrritearjen. Yn in besykjen sawol Ylmaz, as de moslims en de islam yn ’t generaal te begripen, hie er him yn har religy ferdjippe. De Koran lêzen. Mei oandacht de polityk yn islamityske lannen folge. En it deprimearre him wat er lies, seach en hearde. By einsluten rekke er dêrtroch yn in eksistinsjele krisis, om’t it de grûnslach fan syn eigen moraliteit en etyk yn ’e kiif stelde. Troch alle ynformaasje, èn de dingen dy’t er wilens syn kuiers yn ’e stêd meimakke, moast er ta konklúzjes komme dêr’t er sels kjel fan waard.
   Hy seach dat de politike islam in relegieus fundearre universalisme bea, wêrby’t it yndividu ûnderhearrich is oan it kollektive belang, mei namme it folsleine ûnderwerpen oan de wil fan Allah. It totalitêre karakter dêrfan stie fansels streekrjocht tsjin de sintrale Westerske wearde, it yndividu, oer. De moslim stelde de islam sels boppe de grûnwet. Nettsjinsteande alle goede bedoelings, bliek yn ’e praktyk hieltyd op ’e nij dat in sekularisearre maatskippij mei in fêste kearnwearde as de skieding fan tsjerke en steat, grutte muoite hie om oan de winsken fan groepearrings, dy’t hannelen fanút in slim ôfwikend maatskippijbyld, te foldwaan. Oarsom hiene dy groepearrings grutte swierrichheden om har politike langstmen om te setten yn oplossings, dy’t binnen de kontekst fan sa’n sekulearre maatskippij pasten. Lykwols hie Ake troch syn ûndersyk merkbiten dat de moslims in praktyske útwei neistribben: Roegje al dy ûnleauwige en ûnreine westerse hûnen út. In boadskip dat fral yn moskeeën foar master opsloech, ynbêde yn faak kryptyske beskriuwings.
   Sûnt hie er eangst. Dochs wie er rasistysk, noch nasjonalistysk. Sels net haatsk, lykas it grutste part fan ’e lânslju tsjin bygelyks Dútsers oer. God nee, tinkt er, dy minsken doge. Boppedat is de taal ryk en meinimmend. Súntsjes preveljend hellet er in passaazje út Rilke syn Kornet oan:

      Als mahl beganns. Und ist ein Fest geworden, kaum Weiβ man wie. Die hohen
      Flammen, de stimmen Schwirrten, wirre Lieder klirrten aus Glas und Glanz,
      und endlich aus den reifgewordnen Takten: entsprang der Tanz. Und alle riβ
      er hin. Daswar ein Wellenschlagen in den Sälen, ein Sich-begegnen und ein
      Sich-Erwählen, ein Abschiednehmen und ein Wiederfinden, ein Glanzgenieβen
      und ein Lichterblinden und ein Sich-Wiegen in den Sommerwinden, die in den
      Kleidern warmer Frauen sind. Aus dunklen Wein und tausend Rosen rinnt die
      Stunde rauschend in den Traum der Nacht.

   ‘Binne jo Dúts?’
   Mei-ienens is er werom út it kastiel dêr’t de kornet, mei syn maten, in nacht lins hie; yn ’e metro, dêr’t de frou mei de brune tas him oansprekt.
   ‘Nee mefrou,’ seit er, ‘ik bin Frysk, kom út Fryslân.’
   ‘Myn âldste beppesizzer hâldt yn Finlân ta. Fiif jier lyn emigrearre. Wurket him dêr út ’e naad. Hat elkenien dêr echt twa banen? Jo sjogge der oars net Fins út. Mar wat wit ik derfan? Ik bin in âld wiif.’
   ‘Jo dogge my oan buorfrou Joukje tinken.’ Ynienen beseft Ake wêrom’t se him yntrigearret. Hja liket yndie op Joukje Salmiak. Hy sjocht himsels sitten, achter de toanbank oer de flier. Der wie amper romte om jin de kont te kearen, mar har winkeltsje wie boarterstún en ûntwyk.
   Jouk wie syn twadde mem. In Ierde-mem. Letter hie er plaatsjes sjoen fan pre-histoaryske frouwebyldsjes. Krekt Jouk. Rûne heupen, boarsten en billen as heale bollen; in grouwe, rûne holle. Ankels as reinwetterbuizen. Hja hie altyd donkerbrune hoazen oan, wat har yndruk fan massive betrouberens noch fersterke. Yn dy skimerige pipenâle, dêr’t it nei kofje en krûderijen roek, ûnder in oer-froulik Albewâld, fielde er him burgen en feilich. As der gjin klanten wiene, ferrûn de tiid yn it tikjen fan har breidpriemmen. Soms hie se de radio oan; op oare stuiten siet se te sjongen of stiek se in ferhaal ôf dêr’t er neat fan begriep. Mar dat wie net belangryk. Har lûd, sacht koezjend gebolder, wie him genôch. Achter dy toanbank, mei it sicht op har skonken en it rûzjen fan ’e stim boppe him, koe er dreame.
   ‘As jo Chris sjogge, moatte jo him de groetnis fan syn beppe dwaan.’
   Halte Gare Centrale. Ake fielt de druk fan har lichem mei’t se lâns him skoot. Hy knikt, sa grut is Finlân net. Hy folget har nei bûten, it feale deiljocht en de storein yn. Op ’e nij wifket er. De frou dy’t op Jouk liket stifelet yn ’e rjochting fan de Keizerinlaan. As er har achternei rint, hoecht er sels gjin beslissings te nimmen. Hy wit it net. Hy tinkt, ik kin ek sitten gean en dweiltrochwiet reine litte. Jouk is wilens út syn eachweid ferdwûn. Let neat. Foar’t neist wennet se tsien heech yn in troch betonrot oanfretten flatgebou dêr’t de lift fan stikken is, sadat se al dy treppens opbonkelje moat. It sil stjonke yn har appartemint. Alderdom, fergonklikens, de muffe rook fan in parkyt. De tillevyzje stiet hiele dagen oan. Se yt mei it board op ’e skurte. Yn har brune tas sitte foto’s fan bern en bernsbern. En fan har eks-man. Kreaze fint. Hurde fûsten.