|
|
Wieke de Haan
PUDDINGSIEDE
Froeger hiene wy sa'n puddingfoarm yn 'e foarm fan in fisk. Neffens my
hiene in hiele soad minsken sa'n ding, want doe't ik foar it earst by
myn skoanmem kaam, hie dy ek sa'nen.
Us mem sea gauris in grysmoalpudding. Ik net, ik makke as famke
altyd Saroma-pudding dy't ik dan yn glêzen skaaltsjes geat.
Dêr kaam dan 'Klop-klop' oerhinne, in syntetyske topping dy't yn
dy tiid in kalory-earme ferfanger wie foar echte slachrjemme. Sa
keunstmjittich as de sykte, mar dat wist ik doe noch net.
Doe't ik my troch de stúdzje Húshâldkunde
wat mear talei op alles wat mei iten te krijen hie, krige ik ek mear
each foar earlike yngrediïnten. Doe't ik in
skripsje-ûnderwerp socht foar it ôfstudearjen, kaam ik hiel
tafallich op in útstalling fan Simke Kloosterman yn it FLMD.
Fierder sei it my net safolle, mar dêr stie ek in puddingfoarm!
Dat wie al even wat oars as it suterige fiskje dat wy thús
hân hiene; dit wie in robúste foarm, mei in flymskerpe
tekening fan in pau yn 'e kûm. Ik wie op slach út 'e rie:
de skripsje moast oer it itensiedersboek 'De nije petiele' fan Simke
Kloosterman gean.
Dat is bard, mar dat gie net sûnder griemen en oanbaarnen,
want op Ubbo Emmius yn Ljouwert fûnen se it wakker apart dat ik
de skripsje (oer in Frysktalich itensiedersboek) yn it Frysk skriuwe
woe. Hawar, mei it ynsetten fan twa tolken op de presintaasje is it
allegear kreas út 'e foarm rûgele. Doe't ik foar de
aardichheid de skripsje oan ds. Wumkes, de foarsitter fan de Simke
Kloostermanstichting lêze liet, kaam der ek noch in tûfe
slachrjemme op. Ik waard nammentlik frege om de útjefte fan
Simke Kloosterman yn 'e nije stavering om te setten, de
yngrediïnten derby te setten en it ek fierder nei te sjen. In
hiele eare en ik ha de opdracht graach oannommen, omdat Wumkes oanbea
om my te begelieden en elk haadstik dat ik ôfhie, te hifkjen en
nei te rinnen. In útjouwer wie gaugenôch fûn, in
fotograaf ek.
Mar wat setst op 'e foto yn in nostalgysk itensiedersboek? In
mânske pudding mei dy moaie foarm fan Simke derby fansels! Eins
hie 'k alle diggelguod út it Simke Kloostermanhûs graach
brûke wold by de foto-sesje, mar dat mocht net. By hege
útsûndering waard de puddingfoarm oan my útliend.
It wie werklik in aardichheid hoe goed as dy foarm woe, de pudding kaam
der prachtich tekene út: de pau koe sà by ús it
oanrjocht op stappe, sa like it wol. Fuort letter waard der ynbrutsen
yn it Simke Kloostermanhûs en waard in part fan it húsrie
meinommen, èk it diggelguod, sadat dêr no allinne noch de
puddingfoarm te bewûnderjen is.
Noch in trúkje om in seane, ôfkuolle pudding hiel
út 'e foarm te krijen en rjocht op in skaal. In skaal wiet
meitsje en klearsette. De rânen fan de pudding mei in wietmakke
finger foarsichtich losmeitsje. It kin ek mei in meske datst
foarsichtich by de rânen delgean litst, mar mei in finger kinst,
it wat better stjoere, sûnder de sydkanten te fernielen. De foarm
in bytsje skean hâlde, sadat der wat lucht ûnder komme kin.
No de wietmakke skaal der op lizze, foarm en skaal beetkrije en
omwippe. As de pudding net alhiel yn 'e midden delkomt, dan kinst him
maklik noch in stikje ferskowe.
Grysmoalpudding is hiel lekker mei beisopstip of mei tutty-frutty.
Famyljepudding (kustard), is lekker mei farske ierdbeien. By pudding
heart slachrjemme: echte! Lekker ite! |