Henk Wolf

 

DE FLOEDWEACH (2)

'Dy man dy't njonken har lei, hyt Jan Jansen,' sei Wingo. 'It is in âlde fiskerman. Hy wennet dêr yn dat húske. Dy plysje sei dat him neat mankearret. Hy siet wol ûnder it bloed, mar dat wie Tsum Toi harres. Dat er net wekker waard, kaam inkeld mar om't er smoarbesopen wie. Neffens dy plysje is er alkoholist. Tsum Toi is der oars raar oan ta. De plysje hat noch gjin útslach fan it medysk ûndersyk krigen, mar ik hearde dat se tochten dat in hûn har te grazen hân hie. It like derop dat se oeral biten wie.'
  It wurdt heeltyd nuverder, tocht Leefke. No moast se Wingo allinnich noch fertelle wat der bard wie neidat se de plysje opbelle hie en yn dat aaklike hûs op harren wachte hie. Sa'n selde soarte fan útdroege minskeholle as se by de antropolooch thús sjoen hie, wie ûnder it bêd út rôljen kaam. Hy wie troch de keamer rôle en bleau foar Leefke har fuotten stil lizzen. Doe hied er him mei de tonge it bloed fan 'e lippen slikke. Dat hie sels foar Leefke tefolle west. Se wie sitten gongen en koe allinnich mar mear gûle. Uteinlik wie de plysje kaam en it grouwe plysjefrommes hie Leefke meinaam nei it buro. De holle wie wer ûnder it bêd rôle. Leefke wie de iennichste west dy't it ergere hie.
  Op it skerm fan de kompjûter ferskynde in rige Sineeske tekens. Tagelyk begûn it apparaat te piipjen. Luitenant Loh Man Tisch skrille op út syn deidreamen. Lang wie it boadskip út Peking net. Twa sintsjes mar, en in rige sifers. Allegear koade, fansels. Kaptein Nix Tsu Slau wie de iennichste dy't de berjochten fan de admiraliteit dekodearje koe, mar Loh Man hie de lêste moannen al safolle koadeberjochten ûnder eagen hân dat er de betsjutting foar in part wol riede koe. De earste sin - de appels binne read - hied er al sa faak sjoen. Dat wie in teken dat de plenning feroare wie. De getallen wienen grif koördinaten. Allinnich de twadde sin - Giel is de jûnloft - koed er neat mei.
  De luitenant draaide it mailtsje út en rûn dermei nei de kapteinshut. De befelhawwer wie krekt oer syn fjirde miel dy deis gear. Loh Man fernuvere him deroer dat der noch altyd in passend uniform foar de man te finen wie. Hy wie ûnderwilens sa grou dat er guon romten yn de ûnderseeboat net iensen mear ynkomme koe, om't de doar ienfâldichwei te smel wie.
  'Väl Tsai 'N Sie, Is Thai Ne Na'ch Li'ch 'T Fül Sieh.'
  'Wie De Lai Ne Na'ch Li'ch 'T?', moppere de kaptein. 'Ma 'N Beh Kom 'T Hiel Ni Sai Ne Lu He.'
  'Tu 'T Miel Lait, Kap Tee 'N,' sei de luitnant en lange de kompjûterútdraai oer.
  'Mah 'L Seyen Was Die Uns 'S Tsu Sa Ge 'N Haa-Ben,' sei de kaptein. Hy krige de bril fan 'e foarholle en skode dy op it puntsje fan syn noas.
  'Wie Wih Tsi 'Ch. Wie 'L Müs Sen Hoi Te Un Se Le 'A Toom La Dung Bai He-L Go Lan 'T Ap Wel-Fen.'
  'Wih Tsi 'Ch???' tocht Loh Man Tisch. Hjoed de atoomlading al ta ûntploffing bringe? Dan soe in floedweach ûnstean dêr't de Fryske seediken net op berekkene wienen. Dat soe de ein fan Fryslân ynhâlde. Mar aginte Tsum Toi Fel wie ommers noch yn Fryslân. Se wie syn grutte leafde. As lytse bern hienen se al tegearre yn de reade steatssânbak yn it Mao Tsu Tungplantsoen boarte, en syn earste tút hied er har jûn, op in nacht yn it Ho-S'e-Ausglopke. Se wienen inoar nea út it each ferlern. Doe't hy karjêre by de marine makke, wie sy de rizende stjir by de geheime tsjinst. Tsum Toi wie ynset foar it grutte projekt Plûns. Yn it djipste geheim hie der oerlis west tusken it Sineeske regear en dat fan Beieren. De Dútske frijsteat hie him ree ferklearre om it fameuze Reinheitsgebot op te heffen en de Sinezen as earste it rjocht te jaan en ferkeapje harren bieren op de Beierske merk. De Sinezen koenen de bierprizen troch gemyske tafoegingen leech hâlde, se soenen in healmingel Sineesk bier foar ien euro oanbiede kinne, dat se krigen grif yn in omsjoch in bombidich merkoandiel - krekt de oppepper dy't de Sineeske ekonomy nedich hie. Yn ruil derfoar soe Sina Beieren helpe by it útfieren fan in âld plan: it ûnder wetter setten fan Fryslân, om op de pear terpen dy't dan noch boppe wetter útstutsen djoere Brezelrestaurants foar Súddútske toeristen del te setten. In prachtich projekt dat de beide befreone naasjes noch tichter byinoar bringe soe. Allegear tanksij Tsum Toi. Soe se har oanwêzichheid yn Fryslân no mei de dea bekeapje moatte? It wie net earlik. Hy moast har warskôgje.
 
Wingo moast earst wol laitsje doe't er de langliddige antropolooch en de kabouter meiinoar yn petear seach. Beide krigen se pine yn 'e nekke fan it praten, dat de antropolooch naam de kabouter geregeld op 'e earm om it petear makliker te meitsjen. Ynearsten hie de kabouter dêr slim lilk oer west, mar úteinlik hied er him der mar ûnder deljûn. Wingo helle foar beide in glês bier en bestelde foar Leefke en foar himsels ek fuort mar in pear nije.
  'Wy moatte sjen dat wy de holle yn hannen krije,' sei de kabouter, doe't Leefke har ferhaal op 'e nij ferteld hie.
  De oaren knikten.
 
In jonge plysje hold foar it hûs fan Jan Jansen de wacht oant de technyske resjerzje kaam. Tusken syn fuotten dage ynienen de yndianeholle op. Hy joech Leefke, dy't foar it hûs del rûn in knypeach en wiisde doe mei de noas nei boppen. Leefke begreep fuort wat de bedoeling wie. Se lústere de oaren ta dat se trochrinne moasten en dangele op 'e plysje ta. Se sette de lippe en sei mei in wif stimke: 'Ich bin hier auf Klassenfahrt, und jetzt hab ich meine Gruppe verloren. Könnten Sie mir vielleicht zeigen, wie ich zum Hafenplatz komme?' En doe't de man in pear stappen nei foaren die om har oan te wizen hoe't se rinne moast, rôle de holle efter syn rêch oer de drompel en it glopke út.
  'Blikje, myn âlde freon,' sei de antropolooch doe't se fjouweresom - of moatte je sizze fan fiifresom - by him oan 'e keukenstafel sieten. 'Doe't wy tritich jier lyn foar it lêst meiinoar praten, seachst der doch in stik better út.' Mei't de holle him ûnbegryplik oanseach, gong er yn it Spaansk oer. Se praten lang meiinoar. Leefke wie al hast yn sliep fallen, doe't de antropolooch hommels tsjin har sei: 'Myn freon Tumato hat my ferdútst dat de formule fan efteren nei foaren foarlêzen wurde moat. Hy sil dy útlizze hoe'tst de wurden útsprekke moatst. Dan docht er it in kear foar, gewoan fan foaren nei efteren, oars dan soed er sels ûnsichtber wurde. Do moatst de wurden yn 'e omkearde folchoarder neisizze. Soe dat slagje, tinkst?'
  Leefke slokte. Se seach Wingo oan en tocht oan it lot dat Fryslân boppe de holle hong. 'Ja,' sei se sêft. 'Das wird schon klappen.'
  De antropolooch ferfette: 'Us kabouterfreon hat my útlein hoe't it no fierder giet. It is wichtich datsto wat fan goud by dy draachst. Elkenien dy't goud oanrekket en dy't dy de formule útsprekken heart, wurdt ûnsichtber. Dus minsken, jou allegear jim goud oan Leefke foar't wy fierder geane.'
  'Is myn gouden hier goed genôch?' frege it famke, mar de oaren koenen der net om laitsje. Wingo helle syn klokje út 'e bûse.
  'Sjoch, Leefke,' seid er. 'Dit haloazje is fan goud. It is in erfstik fan ús oerpake. Dat sil 't wol dwaan kinne.' De oaren hienen neat fan goud by har.
  'Dank dir, Wingo,' stammere Leefke. In trien rûn har oer it wang.
  'Goed, dan moat it mar heve,' sei de antropolooch. De holle begûn mei foarlêzen. Earst koe Leefke de rare lûden fan it Wakupaku net oer de lippen krije, mar nei in pear kear oefenjen gong it al folle better.
  'Bist safier?' frege de antropolooch op 't lêst. Leefke knikte fan ja. Stadich begûn se.
  'Oerprrgoemtsjie brgnoep nrmpltzoetsj friefoe ...'
  De oaren sieten stôkstiifstil te harkjen. Wingo knypte hurd yn 'e lining fan syn stoel. De kabouter hie de mûle iepen en merkbiet net dat der in lange slanter flibe út hong. De antropolooch biet yn 'e fingers fan syn rjochterhân. Allinnich de yndianeholle seach ûntspand foar him út en glimke alle kearen wer as Leefke har tonge de striid mei in dreech wurd wûn hie.
  ' ... tighrghr sturri mgn'drultschrtiwi trgnacknack brzmn brzmn.' Noch ien sin, tocht Leefke. 'Brknakr schrmlili nbtgr ...' Se wie noch dwaande mei it útsprekken fan it lêste wurd, doe't se út de eachhoeke wei seach dat de kabouter in spuitbus foar it ljocht helle en tagelyk in kapke op syn mûle drukte. De yndianeholle luts ferwûndere de wynbrauwen op. Doe waard it har swart foar de eagen.
 
'Sjoch, der komt krekt in faks binnen,' sei plysje Geart Spykstra. Hy stie yn Tsum Toi Fel har studintekeammerke yn Ljouwert, en socht om in aginda of wat oars dêr't it tillefoannûmer fan har âlden op stie, dat se dy fan de mishanneling fan harren dochter op 'e hichte bringe koenen. It hie him fernuvere hoe djoer oft it wentsje ynrjochte wie. Mar mear noch as dat hied er him besaud doe't er ûnder it bêd in revolver en in hi-tech-rjochtmikrofoan fûn.
  Syn kollega rûn nei it faksapparaat en skuorde it stik papier los. 'Yn it Sineesk, dat hienen wy witte kind,' seid er. Hy woe de faks op 'e tafel lizze.
  'Wacht ris,' sei Geart. 'Ik haw as bern in skoftsje yn Sina wenne. Us heit wurke dêr op 'e ambassade. Miskien kin ik lêze wat der stiet.' Hy liet de eagen oer it papier gean. Doe seach er op. 'Ik hoopje dat dit in grap is,' seid er. 'It is in warskôging. Ien seit dat frou Fel sa gau mooglik de wyk spylje moat, omdat der jûn in floedweach ferwachte wurdt dy't hele Fryslân fan 'e kaart feie sil.'
 
Wingo wrikte en wraamde oan 'e kastdoar. 'As ik jim yn 'e hannen krij!' raasde er. Hy wie rare slûch fan it sliepgas. Gelokkich, sa seach er yn it healtsjuster, stienen der drankflessen yn de kast. En at it him net miste, wie dat de widdo Joustra dy't dêr kreas op in rim pronke. Hoeden krige er de flesse en draaide de dop derôf. It donkere fochte joech him in waarm gefoel yn 'e mage. Hy fielde dat der wer krêft yn syn lea begûn te kommen. Hy naam noch in pear grutte swolgen en sette doe in skouder tsjin de doar. Dy kreake yn 'e knieren. Hy seach nei de bewusteleaze stallen fan de âlde antropolooch en Tumato, de yndianeholle. Dêr hied er foarearst neat fan te ferwachtsjen. Hy smiet syn hele gewicht tsjin de doar. Mei in knal fleach dy iepen en Wingo kealle foaroer oer de estrikken. De flesse wie gelokkich net brutsen. Hy stuts him yn 'e jasbûse en draafde ta de hûs út.
 
  Geart Spykstra seach syn kollega mei grutte eagen oan. 'At it echt wier is wat hjir yn dy faks stiet, dan stiet ús in ramp te wachtsjen. Wy moatte it provinsjehûs belje. Fryslân moat sa gau mooglik evakuearre wurde. Ik hoopje mar dat se ús leauwe. Hy raamde de hoarn en toetste it nûmer fan de heechste politike ynstânsje yn. De oare plysje skodholle allinnich mar.
 
  Wylst grutte ferkearsstreamen har it lân yn beweegden, ried op de fierder lege baan nei Fryslân ta in rustige wite Fiat Panda. Ut it iepen rút davere muzyk fan Piter Wilkens.
  'Potdoarje,' stammere Wingo. Dy muzyk. Dat motorlûd. Mar ien koplampe dy't it docht. Dat ... dat moat Henk wêze! Swaaiend mei de beide hannen draafde er de auto efternei.
  'Hee Wingo, dat is tafallich. Giest ek nei Sabrina har jierdei ta? Stap yn!'
  'Nee Henk,' hime Wingo. 'Gjin tiid. Leefke is ûntfierd.'
  'Wat! Troch wa?'
  'Ja, tloch wa? Wêl is de folmule?' sei in frouljusstim. Wingo en Henk seagen ferskrikt fansiden. En se stoarren rjocht yn de loop fan in pistoal. Dat waard beetholden troch in stal dat amper as minsklik te ûnderskieden wie. Henk moast fuort oan in mummy tinke, sa wie dat frommeske mei ferbân omwikkele.
  'Tsum Toi?' sei Wingo.
  'Ja, Tsum Toi, dat bin ik. Sjoch lis wat dy smoalge yndianeholle mei my dien hat. Wêl is de folmule?'
  'Wit ik net,' rôp Wingo lilk. 'De kabouter ha my ferdôve en Leefke ûntfierd. Dy sil de formule wol ha.'
  'Ynstappe!' kommandearre Tsum Toi. 'Dy kaboutel is hjil klekt delliden. Hy lied yn in bestelbuske. Neffens my is el de kant fan de haven út liden. Kom op, gau, nei de haven!'
  De loft wie skier. Yn it Noardfryske leechlân wiske in wyt buske yn heech tempo dat út nei de haven. Efter it stjoer siet de kabouter. Hy lake lûdút. Flibe spatte tsjin it foarrút. Hoe kamen dy oaren derby om dat ferhaal oer in floedweach te leauwen? Omdat it yn it 'Altfriesisches Märchenbuch für Kleinkinder und Angetrunkene' stie? Wat in flauwekul. En soe hy, ien fan it útferkarde kaboutfolk, de bewarders fan alle geheime formules dy't de minsken skea tabringe kinne, soe hy dat minskefamke de formule jaan moatte om ûnsichtber te wurden? Ferjit it mar. Nee, dan koed er har better in oaren jaan. Dat ferhaaltsje fan it goud, dêr wienen se allegear moai yntrape. It hie gjin inkelde muoite koste om de formules te ferwikseljen en dy stomme yndianeholle hie Leefke kreas ferteld hoe't se de formule útsprekke moast. Sûgen allegear. Mar hy wie no ryk. Sa ryk dat er in heel nij libben opbouwe koe. Hy soe Leefke, dy't no folslein yn goud feroare wie, omsmelte litte en har yn lytse stikjes op 'e swarte merk ferkeapje. En dan, dan koed er lang om let dy reis nei Lilliput meitsje. Dat lân hied er al syn libben al fan dreamd. Dêr hienen de lytskerts it foar it sizzen. De Lilliputters hienen dy smoarge Gulliver moai tefiter hân! Ha, krekt goed. Dêr wiest as kabouter teminsten gjin toeristyske attraksje.
  TOET TOET!
  De kabouter knypte hurd yn de stjoerrem. Hy koe noch krekt foarkomme dat it buske tsjin de wite Panda op botste. De skielke beweging brocht it swiere gouden byld efteryn oan it skowen. It skeat troch it tinne sket tusken de kabine en de laadromte en beknypte de lytse sjauffeur tsjin it stjoer. Hy koe gjin kant út.
  'Sa, dêl ha wy ynealsten gjin lêst fan,' glimke Tsum Toi Fel, doe't se it benaude gesicht fan de kabouter seach. 'Dan wuldt it no tiid om falwol te sizzen, jonkjes.' Se stie njonken de auto, dêr't Henk en Wingo har mei lilke gesichten yn oanseagen. 'Ha jim noch in lêste wuld? Nee, moai!' Se helle de trekker oer.
  KWEEEK!
  Ynstee fan in knal kaam der in lûd gekwêk út de loop. In papieren slurf yn de kleuren giel, read en blau rôle him foar Henk syn noas út. Tsum Toi dikere sprakeleas nei har pistoal. No seach se de tekst op 'e loop pas: 'Ein frohes 2004 wünscht der Husumer Fischereiverband!'. Se sloech harsels foar de holle. Doe't se yn it húske fan fisker Jan har pistoal socht hie, hie se witte kind dat de plysje it meinaam hie. Dit wie in feestding fan dy âld sûplap.
  'Fel Dam TE-H Sja'I Se!' Se wie sa lilk dat se Sineesk prate.
 
It hie echt in technysk heechstantsje west om ûnder wetter it hûs fan de antropolooch ôf te harkjen. Kaptein Nix Tsu Slau woe graach op 'e hichte bliuwe fan de foarderingen fan aginte Tsum Toi Fel. Hy hie syn agint Du Me Zau opdroegen om in pear mikrofoantsjes ûnder it rút fan de âldbaas oan te bringen. En hy wie fan betinken dat de hele bemanning fan de ûnderseeboat mar meiharkje moast nei it lêste spionaazjesukses fan de folksrepublyk. Fia de ynterkom koenen se Leefke har wurden allegear hearre. Sa'n formule om ûnsichtber te wurden, dat wie grif learsum. Hy gnyske ris by Leefke har earnstich besykjen om it Wakupaku goed út te sprekken. Doe seach er tefreden op syn gouden haloazje. De hele bemanning hie lêsten sokke moaie haloazjes fan de admiraliteit krigen, om't se sok goed wurk dienen. Kaptein Nix Tsu Slau glimke doe't er it lêste wurd hearde. In pear minuten letter boarre de ûnderseeboat him stjoerleas yn de sânboom.
 
Wingo en Henk gûlden beide doe't se seagen wat der mei Leefke bard wie. It leave lytse famke wie yn in kâld gouden byld feroare. Nea soenen se har wer laitsjen sjen, nea soenen se har wer pleagje kinne, nea ... Blyn troch de triennen yn syn eagen helle Wingo de flesse bearenburch dy't er yn 'e jasbûse hie foar 'n dei.
  'Wy sille noch ienkear in bearenburchje mei dy drinke, lytse Leefke,' seid er. 'Dyn favoryt drankje.' Hy naam in slok en joech de flesse doe oer oan Henk. Dy dronk ek. Doe geat Wingo de gouden Leefke de rest fan de drank oer de holle. En hoe no? Dêr't de bearenburch har rekke, ferdwûn de gouden kleur en kaam it libben wer werom. Har gesichtsje seach de beide jonges benaud oan. Mei muoite sei se: 'Henk, Wingo, bitte, erlöst mich. Es ist so furchtbar kalt hier drinnen.'
  Henk draafde nei syn Fiat Panda werom, skuorde de bagaazjeklep iepen en pakte de flesse bearenburch dy't er as kadootsje foar Sabrina kocht hie. Se smarden Leefke fan top ta teil yn en it duorre net lang as dy stie triljend op 'e fuotten, mar sa libben as in hert foar harren. 'Bearenburch is in wûndermiddel,' sei se. Henk en Wingo wienen it folslein mei har iens.
  Tsum Toi Fel hie noch besocht om te flechtsjen, mar mei beide skonken yn it ferbân kaam se net sa fier. Se waard oppakt en gong foar jierren efter de traaljes. De kabouter hie tusken de goudene Leefke en it stjoer fan it buske yn klamme sitten en hie by de befrijing fan Leefke in pear hurde klappen mei de bearenburchflesse op 'e holle krigen. Doe't er wer ta besef kaam, siet er yn in plysjesel. De kabouterkeamer fan it gerjochtshof rekkene it him swier oan dat ien út it âlde kabouterfolk, dat al ieuwenlang bekend stie as de trouwe bewarders fan gefaarlike tsjoendersformules, it stelde fertrouwen beskamme hie. Hy waard feroardiele ta in libbenslange taakstraf yn de Efteling, dêr't er efter glês nei de toeristen laitsje en swaaie moast.
  Op oanstean fan Leefke liet de âlde antropolooch de beide yndianehollen, dy't it goed meiinoar fine koenen, weromgean nei it Patigebiet. Henk en Wingo brochten de hollen nei de driuwende gerspôle en joegen se foar ûnderweis in flesse bearenburch mei. Se treaunen de gerspôle in eintsje de kant fan Súd-Amearika út. De hollen rôpen 'oant sjen!', want safolle Frysk hienen se ûnderwilens wol leard.
  'No, dat ha wy ek wer hân,' sei Henk. 'Dan kinne wy no lang om let nei Sabrina har jierdei.'
  'Ik hoopje dat se noch wat te drinken foar ús ha,' antwurde Wingo. 'Giest ek mei, lytse Leefke?'
  'Natürlich!' Se snúfde. Wat in fraach!

*