|
|
Henk Wolf
DE FLOEDWEACH (1)
In smelle stripe gril ljocht trochbruts it tsjuster. Sunich kriezen wie te hearren doe't streekje foar streekje de doar wider iepengong. In amerij wjerkeatsten de strjitlantearns yn in âlderwetske spegel, yn in sulveren kearsestanner, op in blompot. Doe foel in lang swart skaad oer de meubels. De doar waard behoedsum tichtdrukt en it wie wer like tsjuster as in minútmannich earder.
'Ek goeiemoarn!' sei in stim en it lytse famke sloech de hannen foar it gesicht doe't hommels it ljocht opdien waard.
'Mann, ich bekomme einen Mordsschrecken,' hime se, en se ferfette op lilke toan: 'Was machst du hier überhaupt?'
'Dat soesto net witte, hin? Miensto dat ik net murken hie datsto myn helte fan de formule by my út de poddestoel weipikt hiest? Dan wie it net dreech om te rieden datsto hjirre it oare part sykje soest.'
'Na, und?' rôp it lytse famke. De kabouter drukte in finger tsjin de lippen. 'Ssst! Meitsje him net wekker.'
Wat stiller no frege se: 'Was für ein Recht habt ihr denn überhaupt, die Formel zu besitzen? Zwerge können selbst nicht mal unsichtbar werden, die Formel wirkt nur für Menschen.'
'Krekt dêrom is er oan út tabetroud, pop. Wy kinne der gjin misbrûk fan meitsje. Dat, ik woe him no eins graach werom ha.'
'Nie, hörst du! Nie!'
'Do tinkst doch net werklik dat dy fint sa stom is om sa'n kostber dokumint hjir samar yn syn hûs omtoarkje te litten, wol? En mei ien helte kinst sowieso neat,' spytgnyske de kabouter.
'Ach, verpiss dich, du... du... Knirps!'
'Sa grut bisto oars ek net, Leefke,' sei de oare. It famke begûn te gûlen. 'Wie soll ich denn die Friesen retten? Es kann doch nicht sein, dass Wingo und Henk und Jarich sterben müssen?'
De oare prakkesearre efkes. 'Under ús, kabouters, bestiet it byleauwe dat lytse famkes mei ljocht hier yn steat binne om it needlot ôf te kearen. Wat foar gefaar driicht der neffens dy?'
It famke snokte: 'Die groben Männer aus Bayern planen heimlich, Friesland zu überschwemmen, und kein Mensch kann es ihnen ausreden. Immer wieder versuchen sie es, die 'lästigen' Friesen loszuwerden: 1634, 1717, immer wieder. Hätte es Hansje Brinker nicht gegeben, so hätten sie es schon geschafft. 1825 war es schon ganz knapp. Da las ich im 'Altfriesischen Märchenbuch für Kleinkinder und Angetrunkene' über die Formel, die unsichtbar macht. Sowas brauchte ich! Wenn ich unsichtbar bin, kann ich vielleicht die bösen Männer davon überzeugen, dass ich eine Stimme von oben bin, die zu ihnen spricht. Dann könnte ich sie vielleicht dazu bringen, diese schreckliche Idee mal aufzugeben und die Deiche zu verstärken statt sie zu sabotieren.'
'En hoe wist dan dat ik de formule hie?' frege de kabouter ferwûndere.
'Stand ja alles im 'Altfriesischen Märchenbuch für Kleinkinder und Angetrunkene'.'
'Wy moatte, leau ik, de bewenner fan it hûs mar wekker meitsje,' sei de kabouter. 'As it wier is watsto seist, moatte wy sa gau mooglik de oare helte fan de formule ha. Fertel him watsto my ferteld hast en freegje him dan om de oare helte fan de formule.'
Ut de keamer dêrnjonken wie in lûd snoarkjen te hearren. De kabouter knikte har ta en sei: 'Klopje mar oan!' Leefke drafke nei de doar en brocht in lyts hantsje omheech. Op dat stuit waard de doar iepenskuord. In âlde man, hast twa meter lang, mei in grou griis burd stie op 'e drompel. Under syn ûnbidige wynbrauwen wei priken twa swarte eagen. De man hie in lang nachthimd oan en in sabel yn 'e hân.
'Wat moat dat hjir?' grânzge in lûd dat mear as fyftich jier lang geregeld mei sterke drank smard wie. De âld baas swaaide woest mei de sabel. Doe't net ien wat werom sei, sprong er mei syn lange, wite skonken nei foaren en stuts syn stekark ôfwikseljend nei Leefke en nei de kabouter út. Doe liet er it sakje. 'Twa bern?'
'Ahem, ik bin in kabouter, ja!'
'Raaah' raasde de âldbaas. Hy sprong op 'e kabouter ta, grypte dy by it burd en luts der hurd oan.
Wylst wie Leefke de sliepkeamer ynglûpt. En doe't de twa manlju noch oan it hottefyljen wienen, sneupte se dêr de kastjes troch. Yn it twadde laad dat se iepenmakke, siet krekt sa'n kistje as dat dêr't de kabouter syn helte fan de formule yn bewarre.
'Ich hab's!' rôp se, en mei it stik papier yn 'e hân stapte se de sliepkeamer út. De eigner fan it stik papier siet op 'e grûn en bestudearre yngeand syn oare gast, dy't er stiif beethold. 'Nijsgjirrich, nijsgjirrich. Dus se besteane echt ...' prommele er.
Hy seach Leefke oan. 'Bisto ek in kabouter?'
'Nö, ich bin Leefke, und ich will Friesland von den Bayern retten.'
Dat antwurd joech de âldman efkes stof ta neitinken. Syn greep op 'e kabouter fersloppe en dy ûntwraksele him gau oan de earms fan de wittenskipper. Hy wreau oer syn seare wangen. Dat geskuor oan syn burd hie net echt noflik west.
'Wat wolst mei dat stik papier?' frege de âldman. Leefke lei it him koart út.
'Dat heart wat op wat ús mem my eartiids foarlêsde út dat mearkeboek, hoe hyt it ek mar wer ...'
'Das “Altfriesische Märchenbuch für Kleinkinder und Angetrunkene”!' sei Leefke.
'Ja, krekt! Nijsgjirrich. Ik hie nea tocht dat dat stik papier noch bysûndere wearde hie doe't ik it trije jier ferlyn út Súd-Amearika meinaam. Ik haw it eins allinnich meibrocht, om't it ien fan 'e pear skriftlike uteringen yn it Wakupaku is, in hast útstoarne yndianetaal.'
'Wissen Sie, wie diese Sprache ausgesprochen wird?' frege Leefke.
'Nee, net goed. Tritich jier lyn haw ik der wolris in stúdzje fan makke, mar der wie te min materiaal om de taal goed te learen. Doe wienen der noch mar trije of fjouwer sprekkers fan. En myn ynteresse begûn doe ek wat te ferskowen fan yndianetalen nei begraffenisrituelen.'
Leefke seach prot.
'De yndianestammen yn it súdlike Patigebiet geane derfan út dat de siel fan in minske yn syn holle sit. At dy holle mar bewarre bliuwt, sa miene se, dan sil de siel dy holle nea ferlitte. En dan sil ien ek nea echt stjerre.' Leefke luts oan 'e wynbrauwen.
De âldman rûn de sliepkeamer yn en helle wat ûnder it bêd wei. It like wol in útdroege sinesappel, tocht Leefke. Mar doe't de âldman it skronfelige, brune baltsje op 'e tafel lei, sprong se kjel efterút. It wie in teskronfele minskeholle dy't dêr foar har
lei. De eagen wienen tichtnaaid en boppe-op siet in grutte tûfe swart hier. De plasse wie derút wei, sa't it like.
'Dit is, of einliks: dit wie tritich jier tebek myn gids yn de oerwâlden fan Súd-Amearika, in lid fan de Pruttimuttistam. In hele aardige fint. Doe't er stoar, ha se syn holle ôfslein en yndroege. Syn siel sit der altyd noch yn, neffens de Yndianen. Doe't ik fuortgong, ha se my de holle meijûn, as ôfskied. Se tochten dat harren stamgenoat it wol moai fine soe om nei syn dea ek ris yn Fryslân te sjen. En se seinen dat, at ik ea ris ferlet fan help hie, dan moast ik dizze goeie man mar om rie freegje.'
De holle op 'e tafel ferweegde. Heel stadich gongen de kaken útinoar. In droech lûd sei: 'WAKUTAPATI MU SNATA.'
'WAKUTAPUMI DU SNATA PO!' rôp de âldman bliid.
'TUMI SNATA PUMI PO PUTIPO!'
Leefke en de kabouter seagen inoar oan. Leefke rydboske. De droege stim fan 'e minskeholle gong har troch murch en bonken. Se koe har net begripe dat de âldman sa gesellich mei dat rare ding siet te keuveljen.
'Myn freon hjirre seit dat er ús net helpe kin,' sei de âlde antropolooch nei in skoft. 'Hy kin gjin Wakupaku, en hy seit dat de lêste sprekker fan dy taal ferline jier ferstoarn is.' Leefke seach dat de antropolooch muoilik waard doe't er dat sei. Mei in snok yn 'e stim ferfette dy: 'Mar se ha him de holle ôfslein en him deselde behanneling jûn as dizze man hjirre. De yndianen binne ek op 'e hichte mei it ferhaal út dat mearkeboek. Se wisten dat der yn Fryslân ferlet wie fan harren pake, oerpake en buorman, dat se ha de holle op in driuwende gerspôle lein en dy oan de weagen tabetroud. De holle tinkt dat dy hjoed sa'n bytsje yn Fryslân oankomme moat.'
Efkes wie it stil. Leefke, de kabouter en de antropolooch seagen inoar om bar oan. Doe rôp de antropolooch: 'Kom hjir moarn betiid wer. Ik haw in boat yn 'e haven te lizzen. Dan sykje wy it waad ôf om dy holle.'
Jan hie it smoar yn. Hy hie net folle fongen, amper slept en no wie syn boat ek noch op sa'n nuvere gerspôle rûn, dy't hjir op it waad omdriuwkele. Suchtsjend hyste er de wurge lea oer de râne fan 'e skou. It like derop dat er op 'e pôle stean koe. Hy besocht de boat los te triuwen, mar dy siet te stiif yn 'e blabber fêst.
'Sa wurdt it neat,' sei Jan. 'Lit my earst mar ris in slokje ha, dan giet it aansen grif better.' Hy djippe de flesse Joustra-bearenburch út 'e tas op en joech him del yn it gers. Dat wie lekker. Mei wetterige eagen seach er nei rjochts. 'Goeie!' sei 'r freonlik tsjin de skronfelige minskeholle dy't njonken him yn it reid lei. 'Wolst ek in slokje?'
Mei't de oare stom bleau, sette er sels de flesse mar wer oan 'e mûle. 'Ferdoarje, leech! Hy smiet de flesse fansiden en gong wer oerein.
It duorre noch gâns in set ear't Jan syn boat yn beweging krigen hie. By syn wramen en skuorren koed er it net stil hâlde. Hy hie de holle op 't lêst in oersjoch fan alle merken bearenburch jûn, ynklusyf de ûntsteansskiednis en de reseptuer.
'Al drinkst dan net, bist doch in geskikte fint,' seid er doe't de boat wer frij wie. 'Ik leau dat ik dy mar meinim.' Hy sprong wer út de boat, krige de holle by it lange swarte hier en klattere mei syn nije maat wer oan board.
'En no sjen dat wy thús komme.'
It kin net lang nei de tiid west ha dat Jan de haven berikte, doe't in flugge motorboat it waad op stode. Hy waard bestjoerd troch in kreaze jongfaam. Oan de kristlike hegeskoalle yn Ljouwert koenen se de tweintichjierrige Tsum Toi Fel as in tûke en flitige studinte út Peking. Net ien wist dat se tagelyk aginte foar de Sineeske geheime tsjinst wie. Se wie Leefke neiset en hie mei har rjochtmikrofoan it petear yn it hûs fan de antropolooch ôfharke. Mei't se noch net sal lang yn Fryslân wie, moast se thús earst in pear wurden yn it Frysk-Sineesk wurdboek opsykje.
Wylst Jan thús syn rûs útslepte, foer in twadde motorboat it waad op. Krekt lykas de earste boat hied er alris hoholden by in driuwende gerspôle, mar oars as in lege flesse bearenburch wie dêr neat op te bespeuren.
'Miskien moatte wy it wat mear yn súdlike rjochting sykje,' sei Leefke. De antropolooch knikte, mar hy makke net de yndruk dat er har heard hie.
'It wurdt stadichoan tsjuster,' sei de kabouter. 'Noch in kertier en wy sjogge neat mear. Ik wol útstelle dat wy weromfarre. Wy ha de hele dei al oan it sykjen west. At hjir earne in eilantsje mei in minskeholle derop omdreaun hie, dan hienen wy it wol fûn. Wy kinne no better nei hûs ta gean en moarn fierder sykje. It is bêst mooglik dat dy holle Fryslân noch net berikt hat.'
Oant no ta wierret it allegear o sa mei, tocht Tsum Toi Fel, doe't se har boat fêstlei. Echt in fertúntsje wie it dat se troch har fierrekiker sjoen hie hoe't de fisker de holle yn 'e hannen naam en besocht om him in slok fan ien of oar Frysk drankje tusken de lippen te jitten. Hie dy kearel net sa raar slingere mei syn skouke, dan hie se sels de fierrekiker nea op him rjochte. Se lake doe't se it pistoal mei lûddimer yn 'e jasbûse glide liet. Dy âldkearel syn lêste oere hie slein. Noch efkes en dan koe se har regear bliid meitsje mei in formule om ûnsichtber te meitsjen. Tocht se.
'Frou Dykstra, kinne jo my wat oer frou Fel fertelle? Wat foar famke is it, mei wa hat se kontakt, sokke dingen wol ik graach witte.'
De learares fronsele. Se wie noch raar fan 't sintrum troch it boadskip dat Tsum Toi Fel swierferwûne yn it sikehûs lei. De plysje hie har krekt ferteld dat se noch heeltyd net by wêzen wie.
'Sa krekt wit ik it net,' sei se. 'Har wurk is altyd prima ynoarder, mar it is in echte Aziatyske. Troch-ende-wer-troch fetsoenlik, altyd netsjes, mar ek frijwat ôfstannelik. Se hat noch nea oer persoanlike dingen mei my praat.'
'Ha jo in idee wêrom't se hjoed yn Noard-Fryslân wie?'
Se skodholle.
'Hat frou Fel de lêste tiid spul mei ien hân?'
'Net dat ik wit.'
Op it plysjeburo fan Hüsem die in grouwe froulike plysje alle war om Leefke del te bêdzjen, wat har just noch nerveuzer makke. It frommes hie Leefke op 'e skurte lutsen en smoarde har hast yn 'e grouwe earms. Mei grutte fochtige lippen tettere se Leefke yn 'e earen: 'Åch, mien sööte Deern, wat hest du doch ook wat grääääsigs mitmååkt. O Mann, weer dat gräsig. Mann, Mann, Mann! So en leeve lütte Deern denn doch. Hest di wib sooo verjåågd, du. O, o, o! Di kann åvers niiix passeren! De grooote böööse Keerls könnt die nich kriegen, höörst du. Denn, de grooote starke Schandarms, ne? Na, de Schandarms, de schöölt de Buben wall kriegen! Un du, du kannst je gau wedder sääker op de Speelplååts. Is dat nich schöin? Willst ook en Lutscher vun de grote Tant' hebben, denn, mien Sööte?'
'Lutsch mich am ...,' tocht Leefke, mar at dat rare minsk in lolly helje woe, moast se hooplik oerein komme, en dan soe se Leefke loslitte. 'Ja, gerne,' sei se dêrom, mei in triljend lipke. It frommes die in taast yn har boarstbûske en helle wat waarms en plakkerichs foar it ljocht. Leefke slokte. 'Äh ... darf ich vielleicht mal auf Toilette?'
'Leefke, wat dochsto hjir?' frege Wingo ferheard. Se wie tsjin him op rûn doe't se it plysjeburo út kaam.
'Erzähl ich dir sofort. Lasst uns erstmal eine Kneipe suchen. Ich brauch ein Bier, um diesen üblen Geschmack aus meinem Mund zu spülen.' Se griisde wer fan it oantinken oan de lolly.
Wingo seach op syn klokje. 'Einliks haw it net folle tiid. Ik moat noch wat foar Sabrina har jierdei keapje.'
'Wingo, es ist wichtig. Ich hab das chinesische Mädchen gefunden, und nun hörte ich soeben, dass sie Friesisch von dir gelernt hat.'
'Hasto Tsum Toi Fel fûn?'
'Ja, und ich hab solche Angst. Aber ich konnte der Polizei nichts darüber erzählen. Ich weib nicht, ob ich den Polizisten trauen kann. Die Frau lieb mich übrigens sowieso nicht reden. Sie hat mich auf ihren Schob gezogen, und mich eine Stunde lang mit Babyschnack geärgert.'
'Goed, Leefke, fertel no ris wat der persys foarfallen is,' sei Wingo, doe't se beide in healmingel Flensburger Dunkel foar har hienen. Leefke begûn en Wingo syn mûle sakke mei de minút fierder iepen. Doe't se beskreaun hie, hoe't se yn 'e haven oankaam wie en dêr in Sineesk frommeske sjoen hie dat in pistoal yn 'e bûse stoppe, wie har glês leech. Wingo kaam oerein om nij bier te heljen. Op triljende skonken rûn er nei de taap en hy moast him goed beethâlde, oars wied er ûnderút gongen doe't er syn bestelling die. Wat in ferhaal. En wat wie Leefke moedich.
'In der Innenstadt haben wir sie aus dem Auge verloren. Husum ist nicht riesengrob, also so weit weg konnte sie nicht sein. Aber trotzdem war die Chance klein, dass wir sie noch wiederfinden würden, wenn wir zusammen blieben. Darum sind wir getrennt weitergegangen. Es waren kaum noch Leute auf der Strabe, und ich bin 'ne Weile alleine umhergewandert, ohne irgendjemand zu sehen. Dann hörte ich auf einmal einen Schrei. Er kam aus einer kleinen dunklen Gasse, an der ich anscheinend schon mal vorbeigegangen war, ohne zu bemerken, dass sie da ist.'
Wingo syn knokkels wienen wyt, sa krampich hold er syn glês yn 'e fûst.
'Ich war so erschrocken, dass ich mich ein paar Sekunden gar nicht bewegen konnte. Dann hab ich an dich gedacht, und an all die anderen netten Friesen, und was wohl aus ihnen wird, wenn ich nichts mache. Ich riss mich also zusammen, und bin ganz langsam um die Ecke gegangen. Die Gasse war so dunkel, dass ich erst bemerkt hab, dass sich in der Gasse eine Tür befand, als ich mir den Kopf dran gestoben hab. Andere Eingänge gab es nicht, also musste der Schrei von hinter dieser Tür gekommen sein.'
Wingo knikte stadich. Hy koe de gedachte dat syn lyts freondintsje lykme-allinnich dy tsjustere gloppe yn gongen wie, net ferdrage.
Leefke wachte efkes oant in jonge dy't fan it húske kaam en efter har stoel stean bleau, fierder rûn wie.
'Ich ging herein. Erst kam ich in eine kleine Küche, wo überall Flaschen standen. Eine Gardine trennte die Küche von einem anderen Zimmer. Vorsichtig schob ich die Gardine zur Seite. Und was ich dann sah ...' Wingo seach dat se trille.
'Da lagen kreuz und quer auf einem Bett zwei Menschen, völlig mit Blut beschmiert. Ob sie noch lebten, konnte ich nicht sehen. Eine war das chinesische Mädchen von den Kanaren, von dem ich dir gerade erzählt hab.'
'Tsum Toi Fel. Mar bisto der wis fan dat sy it famke is datsto yn Tenerife ôfharke hast?' frege Wingo.
'Ja, sie war ein paar Tage bei dem Waffenhändler mit dem bayerischen Akzent, der in dem Hotelzimmer neben meinem schlief. Als ich an dem besagten Abend auf dem Balkon sab, hab ich ihr Gespräch über die Bombe und die Flutwelle belauscht.'
(tenei mear) |