Jemke Visser

 

IN PROFESSIONAL

I

‘Hui, ferdomme man, sjoch út dyn doppen!’
  Wylst er remme skeat er mei fyts en al de berm yn, as siet er op in oerdwealske hokkeling.
Hast fleach er oer syn race-stjoer. Ja, fansels, de stange yn ’t krús, dat fielt net noflik… Noch krekt koe er him mei in pynlik gesicht steande hâlde.
  De fyts wie ek ryklik grut foar sa’n lyts mantsje, foel mij op.
  Nei noch in pear hupkes slagge it him lykwols om, opmerklik linich, syn rjochter skonkje oer it sadel te swaaien. Doe gie er, it race-stjoer stevich beet, foar my stean.
  Fan ûnder in sulverkleurig, aeorodynamysk fytshelmke seach er my fol ferwyt oan.
  ‘Ast de ferkearsregels net kinst, gean dan net op in racefyts, idioat,’ sa begûn er mei lûde stim te fûterjen, ‘sa bringst oaren, dy’t hurder fytse, yn gefaar.’
  Hij hie grif gjin opslûpen soan, oars hie er noait dat bespotlike helmke opdien. De rest fan syn outfit befêstige dat en syn frou doarde der, tink ik, neat fan te sizzen.
  In helgiel wynjekje slobbere om syn smelle, ôfhingjende skouderkes. In bytsje rûngear, yn in swarte termofytsbroek en up-to-date fytsskuontsjes-mei-handich-kliksysteem hapte er nei de siken fan argewaasje.
  ‘Stek dyn klau út foar in krusing, man, en remje net samar ynienen sûnder efterom te sjen, smoarge amateur datst bist,’ sa ferfolge er syn tirade.
  Ek syn fytsskuontsjes-mei-handich-kliksysteem wiene wat rom bemetten, de noazen wiisden gâns omheech, mar miskien hie er ek wol platfuotten.
  ‘Mar jo fytsten dochs hielendal net sa hurd,’ besocht ik, ‘neffens mij ha jo in moai hoartsje efter mij oan fytst.’
  Dat wie ek sa, ik hie him al in hiel skoft stinnen heard en ek hie ik, sidelings sjend, in glimp opfongen fan syn giel wynjekje.
  Bij de krusing wie ’k him even fergetten.
  Myn ferwear foel net yn goeie ierde. Hij snúfde ferachtlik, gie op syn oare foet stean, helle in reade bûsdoek út syn wynjekje, dêr’t er omstannich de noas mei ôffage en flibe mei in wide bôge yn ’t gers. It fonnis soe ferneatigjend wêze, dêr hoegde ik net oan te twifeljen...
  Even noch seach er mij fan ûnder syn helmke mei priemjende eagen oan en doe kaam it: ‘Minsken as dy bedjerre it foar lju dy’t foar harren sport libje, in pleach op ’e dyk, dat binne jim!’
  Sprakeleas seach ik him oan.
  Hij knikte foldien, skode syn fyts de dyk wer op, naam in oanloopke en sprong der as in  cowboy op. Rûtineard klikte er syn fytsskuontsjes fêst op de pedalen.
  In professional, sa die bliken, mar op in te grutte fyts, mei it sadel te leech en it stjoer te heech, sa tocht ik fol leedfermaak. En dan dy deprimearende fytstaskes, fêst fan syn frou krigen... Dêr hie ’k einliks even wat fan sizze moatten.
  Hij sette flink de sokken der yn, by eltse traap nei foaren draaide er syn iene skouder wat nei efteren, wertroch’t er, suver wat wulps, in bytsje swingde. Al gau seach ik oars net mear as in ritmysk weagjend giel bocheltsje, mei dêrûnder in pear hoekige fytstaskes en twa fanatyk op en del geande skonkjes.
  Dit oerkomt mij net wer, tocht ik. In pleach op ’e dyk, tink ris ta.

 

 

 

II

Yn iisstadion Thialf ryd ik net mear yn ’e binnenste baan, dy is sa’t men wit ornearre foar de ‘snelle’ jonges (en famkes).
  Mar soms, as it net al te drok is, ha je dêr ek romte en kin je even flink streekje, sûnder dat je om de haverklap ‘gaatje!!’ efter je hearre.
  It gie wol lekker, it âlde gefoel wie der wer in bytsje: mei lange streken it rjochte stik en dan yn heger tempo de bochten yn mei de iene earm los.
  Krekt doe’t ik, sûnder grûn fansels, tocht dat der fêst wol in pear bewûnderjende taskôgers wiene (sjoch dy âldkeardel ris), hearde ik efter my it opfokte geklik fan in sprintsje op klapredens.
  Dêr hiene je it al: ‘Gaatje!!’
  In bytsje ynhâldend gie ik wat nei rjochts. Eartiids setten je dan krekt oan, mar dêr ha ’k no gjin nocht mear oan. ‘Kom op âlde, net al te traach,’ ropt myn soan steefêst, mar dy wie der dizze kear net bij.
  Dizze rider makke in allerheislikst  kabaal op syn klapredens, dat  hearden je net faak sa, as ried der in swylmesine efter mij. It skeat ek net botte op mei ‘gaatje!!’, dus kipe ik mar ris fansiden om te sjen wer’t er bleau.
  ‘Graach romte  foar de bettere riders, suffert, sa bedjerst it foar lju dy’t foar harren sport libje,’ klonk it boppe it lawaai fan ’e klapredens út. Dat kaam my bekend foar.
  Hij skrepte dat it sawat die, syn giel wynjekje fladdere krekt as doe op syn racefyts,  en ek no hie er syn sulverkleurige, aeorodynamyske helmke op, want iis is noch hurder as strjitstiennen, professionals witte dat. 
  We gongen de bocht yn en ik makke in útnoegjend gebaar om him foar gean te litten, ik hie  ommers wat goed te meitsjen?
  En dêr kaam er oan, ynstee fan syn thermo fytsbroek hie er no in glêde ridersbroek oan mei twa ûnfoech dikke knibbelbeskermers, wertroch syn skonkjes, parmantich fêststutsen yn  glimmend reade klapredens-skuon, noch tinner liken.
  Hymjend en pûstend goaide er syn rjochter earm los, mar hij swaaide dermei, miskien troch de opwining krekt ferkeard, nei foaren yn pleats fan nei efteren en oarsom.
  Dertroch skaaide er al gau langút oer it iis. Dwers oer de baan glydzjend reage er in pear gicheljende jongfammen op keunstredens fan ’e sokken.
  ‘Hoe beteart it?’ frege ik meilibjend, doe’t er wer opkrabbele wie.
  Dêr stie er op syn djoere klapredens, de glinsterjende ridersbroek strak om ’t fel mei in bult yn ’t krús as hie er der in grouwe ierpel yn en op ’e nij troch sa’n bliksemse amateur út syn konsintraasje helle.
  Wer seach er mij mei fûle eagen fan ûnder syn helmke in skoftsje swijend oan.
  ‘Gaatje!!’ rôp er doe ferûngelike, ‘heardest dat net? En ryd dêr ferdomme dan ek net ast gjin goeie rider bist!’ 
  ‘Hoe is ’t mei jo,’ frege ik mar, ‘we ha elkoar, leau ’k, earder moete.’
  ‘Soademiter op!’ Hij raasde sa lûd dat inkele riders, bang foar slaanderij, ynhâlden.
  ‘Ik ken dy net, it ienige wat ik wit is datst gjin donder ferstân hast fan riden. Flik my dit net wer!’ En, jawis: ‘Smoarge amateur!’ It wie dúdlik: altyd mar weroan rekken hâlde mei hakkenkrukken op racefytsen en redens, dit wie daaglikse rûtine foar him.

  Mar gelyk hat  er, al dy amateurs, dy’t fan toeten noch blazen witte, dêr wurdt in mins ek gek fan!