Aggie van der Meer

 

US BEPPE WIE DEA

Us beppe wie dea en ús mem sei: woenen wy har noch even sjen sa as se yn ’e kiste lei. Se hie in wite jurk oan, it koe ek in nachthimd wêze. Yn ’e hannen hie se in roazekrâns.
  Myn broerke frege: ‘Wannear komme de okse en de ezel.’
  Dy wienen der allinnich mei Krysttiid en ek dan stienen se noait by deade minsken. De muoikes hienen swarte jurken oan en gûlden en doe gûlden wy ek in bytsje. Se joegen ús in lyts bûsdoekje dat nei âldeklonje rûkte en in stikje sûkerbôle. De muoikes hienen no gjin heit en mem mear, dy’t seinen dat it bêdtiid wie, mar miskien mochten se dat earder ek sels al witte, se wienen ek al âld. Se gienen ek in kear dea, seinen de muoikes, mar gelokkich wisten se net wannear. Wy woenen net dat ús heit en mem dea gienen. Mem tocht fan noch lang net, mar je wisten it noait. De pastoar prate oer de himel dêr’t beppe no grif wol wie. Krige se wjukken? De pastoar tocht fan net, mar sûnder wjukken soe se har ek skoan rêde. Oan ’e himel woe ik net tinke, se songen dêr psalmen en der soe noait in ein oan komme. It slimste wie dat der gjin oar plak wie. Ier of let kamen je dêr oft je woenen of net. Us heit tocht dat it wol tafoel. Se meitsje der mei-inoar wol fan wat, sei er.

Ergens hie it west
Ergens hie it west, ergens yn ’e hûs, yn in hoekje, achter in gerdyn, sa lyts dat it gjin namme hie, sa lyts dat gjinien it seach, de kat net, mem net, iksels net, mar dat wie gjin wûnder, ik seach noait wat, hearde de klok net, fielde net dat der snie kaam, lykas master Ridder dy fernaam it oan syn skouder.
  Hy rûn wat bryk. Toan Taks. Wy mochten it net sizze. Hy hie in stankje oan it achtertsjil fan syn fyts makke litten, dêr sette er syn iene foet op en sa wipte er him, oer de pakjedrager hinne, op it seal.    
  It wie frjemd, dat it lytse dinkje, doe’t it letter yn ’e widze lei en in berntsje wurden wie, heit it wol tocht hie. It kaam wat letter as se útrekkene hienen, sei er tsjin buorfrou. Dy fûn dat ek gewoan. Trees, dy’t sa út en troch by ús kaam om it hûs, mei de Frânske slach, sa as ús mem sei, te himmeljen, hienen wy der noait oer heard, dat se ergens wat lizzen seach wat letter in berntsje wurde soe.
  Mem sei dat ik der gelyk oan hie dat der net samar in berntsje yn in widze lizze koe. It wie in wûnder, sei mem en dy wienen gelokkich de wrâld noch net út.

De dagen fan ’e wike
De dagen fan ‘e wike hawwe allegear in kleur, allegear ferskillend, allinnich de sneon en de snein binne beide giel. Se lizze tusken de ambachtsskoalle en de Martinitsjerke. Dêr dwers oerhinne lizze de sifers. De grize mannen-fan-komsa rinne der bylâns om te sjen of alles noch te plak leit. Dêrnei geane se fierder de stêd yn. Dêr lizze de almenakken en in steapel Bernekrystboeken en hinget it portret fan Erik K. Se rûke even oan ’e Bernekrysttiidboeken. Goed. Foar de Griene man op it âlde hûs nimme se de hoed ôf.  By de tsjerke sjonge se fan ‘AAAAAAAAAA’ op ferskillende hichten. It wijwetter keure se even, mei de wijreek bemuoie se har net  en likemin  mei it draaioargel even fierderop, dat in hûs hat foar himsels. De ‘Toanielkapper’ dêr laitsje se om: net iens in echte. As se laitsje knapt der wat yn de mommen op har gesicht. Se komme net yn ‘t park. Dêr is de slang, dy’t no dûbele begoania’s ferkeapet, it leafst oan froulju. Dy krije se foar de helte fan ’e priis.

*