Marc Kooij

 

WINTERFERHAAL

Eterweagen, ik sjoch se as spoekige slieren troch de fluch grûnjende loft glydzjen, se meitsje grutte swaaien en komme byinoar yn in gat yn de donkere wolken. Dêr bedarje se en ferdwine troch it gat út it sicht, nei de oare side om yn in oare wrâld, op in oare planeet it ûnheil te ferkundigjen.
  Ik krûp wat djipper yn myn jas. Ik sil dizze nacht net goed sliepe, der is in soad leven op strjitte en ik fiel dat it de hiele nacht sa bliuwe sil. Ik ha der nea oan wenne kind, oant myn gehoar alhiel ferdwûn is sil ik altyd wer wekker wurde fan de lûden fan jongerein by it ferlitten fan ien fan de kroegen fierderop. Mar foar’t ik myn hearren kwyt reitsje, sil de dea my al pakt ha. Is der wat te rêden? Alvestêdetocht? Is ’t keapjûn? Miskien is it noch betiid, ein fan ’e middei en binne de winkels noch gewoan iepen. It is al aardich tsjuster, mar ik wit net krekt mear hoe’t it sit mei de lingte fan de dagen. Kâlde winen stowe om de moanne, heech boppe de dakken, ik sjoch se mei in heal each gean. No ha se my fûn, se litte harren nei ûnderen falle en streakje mei harren izige fingers myn rêch wêr’t dy ûnder myn jas fuortkomt. Ik lûk myn jas del om my tsjin harren oanrekking te hoedzjen. It jout net in soad, de jas krûpt út himsels wer omheech en ik kom oerein om in better plakje te finen, út de wyn.
  Yn de beskutting fan in hoeke foarme troch twa stikkene muorren lit ik my ploffe. Op dit plak krige ik eartiids de ferklearring fan wat myn dreamen foarseinen. No folje fragen myn dagen, wêrom, wêrom? Yn iensumens ferbrede ik myn hoarizon, no lis ik ferlern yn fragen. Mar ik sykhelje noch, yn dizze nacht dy’t my fataal wurde kin lykas eltse oare winternacht, mar my likegoed noch sparje en de winter trochkomme litte kin. Ik sil dea gean op in winternacht, as de nocht oan it libben it leechst is.
  Sa skerp as no hat myn each noch net west hjoed, mar wêr is ’t noch goed foar? It is in helder sicht op muorren, heal ferbroazele, hege, tsjustere muorren, se slute my ôf fan de wrâld en syn bewenners. Ek hjir pleaget in kâlde wyn my en ik triuw myn lichem de strjitte op. Wat oerbliuwt en net brâne wol, kin byinoar feit en fuortsmiten wurde, brûk dit jiskefet mar, it jiskefet dêr’t ik foar de winter noch in heal miel yn fûn, patat, noch waarm yn de kliemske pûde.
  Immen freget hoe’t mei my giet. Of wie dat ferline jier? Ik freegje my ôf hoe’t mei my giet. Misdieden tsjin mysels, wat ea myn eigen, unike, net oerdraachbere sels wie, it is ferlern gien yn in rige fragen sûnder ein, dat is alles wat ik no noch ha, fragen sûnder antwurd. Kin immen my helpe, ik bid om ferlossing en miskien tsien euro. De bekende wei is in tsjuster paad. Ik kin gjin minsken mear, ik sjoch allinnich mar silhûetten, se rinne tusken de tûzenen lytse lampkes yn de feestferljochtingen troch oer de swarte balstiennen fan de winkelstrjitte. Se komme rjocht op my ôf, mar se sykje my net en begjinne te swalkjen sa gau’t se te ticht by my yn ’e buert komme, wy reitsje inoar nea. Neat rekket my. Ik gean werom nei myn hoeke tusken de hege slooppannen en jou my del by myn freonen, de read mei wite brokstikken fan sneuvele âlde muorren. De wyn is wat minder wurden liket it.

*